Bunschoten (gemeente)
Bunschoten (Nedersaksysk: Bunsjoten) is in gemeente yn de provinsje Utert. De gemeente hat likernôch 19.400 ynwenners en hat in oerflakte fan 35,58 km² (dêrfan 4,21 km² wetter). De gemeente is oprjochte yn 1811.
Kearnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De gemeente hat fjouwer ofsjele kearnen: Bunschoten, Eemdijk, Spakenburch en Zevenhuizen.
Tal ynwenners per wenkearn op 1 jannewaris 2004:
Bunschoten-Spakenburch * | 19.467 | (1 jannewaris 2007) |
Eemdijk | 840 | |
Zevenhuizen ** | 200 |
- Wêrfan 3.000 yn de kearn Bunschoten en 3.700 yn de kearn Spakenburch
- Kearn Sânhuzen en omlizzend bûtengebiet
Bunschoten en Spakenburch binne troch ferskate nijbouwiken sa oanelkoar woeksen, dat gjin ûnderskied mear makke wurdt tusken de twa, útsein foar de âlde kearnen fan de twa plakken. Foar de post lizze, bygelyks, alle adressen yn Bunschoten-Spakenburch. Dochs ferskilt it karakter fan de beide plakken dúdlik. Bunschoten, oan de súdkant, wie altyd in boeredoarp, mar hie yn it ferline wol stedsrjochten. Spakenburch hat altyd in fiskersdoarp west, eartiids oan de Sudersee, tsjintwurdich oan de Iemmar.
Karakteristyk foar Bunschoten en Spakenburch binne de oerâlde drachten, hoewol't it dragen hurd minder wurdt. Ek hawwe de doarpen in dúdlik Protestantsk-Kristlik karakter; benammen de Grifformearde Tsjerken frijmakke hawwe in soad leden.
Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gemeenteried[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Utslach fan de gemeenteriedsferkiezing fan 2006:
Gemeenteriedsferkiezing 2006 | |||||
---|---|---|---|---|---|
Partij | Stimmen yn % | Sitten | |||
KristenUny | 39,9 | 7 | |||
Betelber Bunschoten | 21,5 | 4 | |||
CDA | 20,8 | 3 | |||
Kristlike Arbeiderspartij (CAP) | 17,8 | 3 | |||
Opkomst | 69,5 | 17 |
Utslaggenoersjoch fan de gemeenteriedsferkiezings yn Bunschoten sûnt 1994:
Histoarysk oersjoch gemeenteriedsferkiezings | ||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij | Stimmen yn % | Sitten yn de ried | ||||||
1994 | 1998 | 2002 | 2006 | 1994 | 1998 | 2002 | 2006 | |
KristenUny | (29,7) | (40,2) | 39,1 | 39,9 | (5) | (7) | 6 | 7 |
Betelber Bunschoten | - | - | 10,1 | 21,5 | - | - | 2 | 4 |
CDA | 17,1 | 22,3 | 22,2 | 20,8 | 3 | 4 | 4 | 3 |
Kristlike Arbeiderspartij (CAP) | 23,4 | 20,9 | 17,8 | 17,8 | 4 | 4 | 3 | 3 |
VVD | 9,0 | 7,4 | 5,7 | - | 2 | 1 | 1 | - |
Progressyf-Politike Gearwurking (PPS) | 7,2 | 6,3 | 5,2 | - | 1 | 1 | 1 | - |
GPV | 29,7 | 29,6 | - | - | 5 | 5 | - | - |
RPF | - | 10,6 | - | - | - | 2 | - | - |
SGP | - | 2,9 | - | - | - | 0 | - | - |
Oare partijen (RPF-SGP) | 13,6 | - | - | - | 2 | - | - | - |
Opkomst | 79,4 | 66,9 | 64,9 | 69,5 | 17 | 17 | 17 | 17 |
- 2002: GPV & RPF → KristenUny
Kolleezje fan B en W[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders bestiet (2008) út leden fan de ChristenUnie en Betelber Bunschoten (tegearre 11 fan de 17 sitten).
- Boargemaster: Melis van de Groep - KristenUny
- Wethâlder: Willem Heinen - KristenUny
- Wethâlder: Peter Korlaar - Betelber Bunschoten
Yn de perioade 2002-2006 wie der in kolleezje fan B&W dat bestie út de KristenUny, it CDA en de Kristlike Arbeiderspartij (mei-inoar 13 fan de 17 sitten).
Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Melis van de Groep (1958), amtner en politikus (by Bunschoten: amtner (1979-1991), riedslid (1994-2002), wethâlder (1997-2006) en boargemaster (sûnt 2006)
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() | |
---|---|
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden |