Nikolaitsjerke (Utert)
Nikolaitsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
plak | Utert | |
adres | Nicolaaskerkhof | |
koördinaten | 52° 4 'NB, 5° 7 'EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Protestantske Tsjerke yn Nederlân | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
boustyl | romaanske en goatyske arsjitektuer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 36380 | |
Webside | ||
www.nicolaikerk.nl | ||
Kaart | ||
De Nikolaitsjerke oan it Nicolaaskerkhof is in protestantsk tsjerkegebou yn Utert. De tsjerke wurdt yn 'e folksmûle ek wol Klaaskerk of Nikolaaskerk neamd. De tsjerke is in gebou fan 'e PKN.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard oan it begjin fan 'e tolfte iuw as de twadde parochytsjerke fan 'e stêd boud. De earste tsjerke wie de Marije- of Buortsjerke; letter folgen de Jakobitsjerke en de Geartetsjerke. Patroanhillige fan 'e tsjerke wie Nikolaas fan Myra, de beskermhillige fan fiskers en skippers. De parochy omfieme in grutter gebiet as Utert en ek de doarpen De Bilt en Vechten foelen der ûnder.
Fan 'e oarspronklik romaanske tsjerke is oan 'e bûtenkant allinne it front mei de twa tuorren bestean bleaun. Dat diel is bysûnder om't in gewoane parochytsjerke nea twa tuorren krige. Soks wie allinne foar de katedralen of kleaster- en kapitteltsjerken. Wat de reden foar dy twa tuorren west hat, is nea dúdlik woarn. Yn 'e 15e iuw waard de tsjerke noch yngreven ferboud ta in goatyske halletsjerke. In diel fan it ynterieur is lykwols noch fan romaanske oarsprong.
Yn 1529 waard de Nikolaitsjerke in kleastertsjerke; nei't de karmeliten twongen wiene harren tsjerke en kleaster ôf te stean oan 'e Johanniters. De karmeliten hiene earder de tsjintwurdige Sint-Katarinakatedraal en it Katarinekonvint. Yn 1566 waard de tsjerke troffen troch de Byldestoarm en yn 1579 namen de protestanten de tsjerke oer. De súdlike toer waard yn 1586 oant likernôch 40 m ferhege om dêr in karriljon yn op te hingjen. Mei de simmerstoarm fan 1674, dy't it middenskip fan 'e domtsjerke ferneatige, waaide ek de spits fan 'e toer fan 'e Nikolaitsjerke ôf.
Grutte restauraasjes fûnen yn 'e 20e iuw plak. De earste faze fan 'e westlike gevel wie tusken 1942 en 1953 en de twadde faze wie tusken 1970 en 1978 fan it skip en it koer.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is mooglik de earste tsjerke fan Nederlân dy't in oargel krige. Der wurdt nammentlik yn 1120 oer in portatyf (in draachoargel) skreaun, al wurdt der troch guon twifele oer de wissichheid fan dy fermelding. It is wol wis dat de tsjerke al yn 1430 in âld oargel hie. Yn 'e Koertsjerke fan Middelburch is de oargelkas fan it Peter Gerritsz-ynstrumint út 1477–1479, dat eartiids foar de Nikolaitsjerke boud waard. It klinkende diel fan dat oargel - de pipen, de wynladen en it saneamde regearwurk – leit noch opslein yn in ryksbunker, mar de plannen ta in restauraasje en rekonstruksje binne yn tarieding. It oargel, mei in midsiuwsk blokwurk op it haadwurkmanuaal, is ien fan 'e meast wichtige oargels út de Nederlânske en Europeeske kultuerskiednis.
Yn 1732 waard de doe tsien jier âlde musikus en lettere komponist Pieter Hellendaal oargelist fan 'e tsjerke. Hy studearre letter fioel yn Napels by de Italjaanske fioelmaster en komponist Giuseppe Tartini en wurke û.o yn Londen tegearre mei de komponist Georg Friedrich Händel.
Hjoed-de-dei besit de tsjerke twa oargels fan 'e Deenske oargelbouwer Marcussen. It haadoargel (1956) is in foarbyld foar de neioarlochske oargelbou yn Nederlân. It lytse Marcussenoargel stamt út 1950 en is boud as Sweelinckoargel foar de NCRV. Doe't dy omrop nei in nije studio ferhûze, waard it oargel yn brûklien oan 'e Nikolaitsjerke jûn. In tredde oargel is it troch de Bruorren Van Vulpen boude koeroargel.
Alle jierren wurde der yn 'e tsjerke ûnder de namme Nikolaikonserten in rige konserten organisearre troch de Stichting Culturele Evenementen Nicolaïkerk. Yn 2006 waard it fyftichjierrich bestean fan it haadoargel fierd mei it KlankKleurenFestival.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e sudertoer hinget in karriljon fan 'e bruorren Pieter en Francois Hemony út 1649/1650. Yn 'e noardertoer hinget de Martinus-klok út 1573 fan 'e klokkejitter Willem Wegewaert de Alde. Yn 'e sudertoer hingje noch fjouwer moderne lietklokken, dy't alle fjouwer yn 1997 troch Petit en Fritsen getten binne en de nammen 'Salvator', 'Maria', 'Nicolaas' en 'Johannes' hawwe. De teksten op 'e klokken binne troch de teolooch, skriuwer en dichter Willem Barnard skreaun.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Nicolaïkerk (Utrecht)
|