Utert-Binnenstêd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Binnenstêd (Utert))
Utert-Binnenstêd
Lokaasje fan de binnenstêd yn Utert
Lokaasje fan de binnenstêd yn Utert
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Plak Utert
Sifers
Ynwennertal 17.925 (2017)[1]
Oerflak 271 ha
Oar
Postkoade 3511 - 3513
Koördinaten 52° 5' NB, 5° 7' EL
Offisjele webside
www.utrecht.nl/binnenstad
Yndieling fan d eUtertske binnenstêd yn kertieren, ûnderwiken, buerten en ûnderbuerten

Utert-Binnenstêd (Nederlânsk: Binnenstad as ek de Stad) is in wyk yn de Nederlânske stêd Utert yn de provinsje Utert. De wyk leit yn it sintrum fan de stêd en is neffens ynwenners de lytste wyk yn de stêd mei 18.989 ynwenners (Boarne:gemeente Utert). De wyk is 271 bunder grut en befettet it âlde histoaryske stedssintrum en guon buerten westlik dêrfan dêr't it winkelsintrum Hoog Catharijne, de Jierbeurs en it Stasjon Utert-Sintraal yn fêstige binne. It histoaryske sintrum binnen de stedsgrêften is 146 bunder grut en telt likernôch 14.500 ynwenners.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk is troch de gemeente yndield yn de folgjende ûnderwiken en buerten:

  • Binnenstêd-winkelgebiet
  • Binnenstêd-wengebiet
    • Noard en noardwest
      • Wijk C
      • Breedstraat, Plompetorengracht en omkriten
      • Nobelstraat en omkriten
    • Museumkertier
      • Springweg en omkriten, Geertebuurt
      • Lange Nieuwstraat en omkriten
      • Nieuwegracht-east
    • Súd en súddwest
      • Bleekstraat en omkriten
      • Hooch Boulandt, Moreelsepark en omkriten

Njonken de gemeentlike yndieling bestiet der ek noch in yndieling yn seis kertieren fan it Sintrum Management Utert, dy't benammen ûndernimmers fertsjintwurdiget. De kertieren binne mei strjitferljochting oanjûn en bestean út Museumkertier, Domkertier, Vredenburgkertier, Stedhûskertier, Universiteitskertier en Maliekertier.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utert yn 1649. De gânse bebouwing fan de stêd wie doe folslein binnen de stedsgrêften itjinge oant yn de 19e iuw sa bliuwe soe
Zadelstraat yn de Utertske binnenstêd mei de Dom op de eftergrûn

It stedssintrum is it âldste part fan de stêd. Om likernôch 50 n.Kr. bouden de Romeinen in fersterking (castellum) op it plak dêr't no de Domplein is. It plak lei oan de Alde Ryn dat as noardgrins (limes) fan it Romeinske Ryk tsjinne en dêr waard in garnizoen yn fêstige en koene sa'n 500 soldaten yn hûsmanje. Op it plak dêr't de fersterking boud waard wie it mooglik en stek de Ryn oer. en dêrom waard it plak Traiectum, fan traiectere (oerstappe), neamd. De Oudegracht (Aldegrêft) dy't troch it sintrum rint, deunby it Domplein, folget de rin fan de Alde Ryn. By de fersterking ûntstie in plak dêr't froulju fan de soldaten, ambachtslju, hannelers en tsjinsten harren nei wenjen setten. Om 200 n.Kr. waarden de houten wâlen ferfongen troch muorren fan dowestien. Om 275 hinne ferlieten de Romeinen it fort Traiectum om't se net langer de Ryngrins tsjin Germaanske ynfallers ferdigenje koene. Pas yn it midden fan de sande iuw waard der fannijs oer it plak sprutsen doe't de Frankyske kening Dagobert I binnen de muorren fan it âlde romeinske fort in tsjerke bouwe liet. Dy waard al gau troch de Friezen oermastere. De Fryske keningen Aldgilles en Redbad makken fan Utert harren machtsintrum en lutsen Frisia Citerior, it gebiet om Utert en Doarestêd hinne, yn harren machtsgebiet. Nei de dea fan Redbad yn 719 oermastere de Frankyske kening Karel Martel it Fryske keninkryk en kaam Utert yn de Frankyske ynfloedsfear. Hja stelden de Angelsaksyske sindeling Willibrord oan as sindeling fan de Friezen dy't harren bekeare moast. Hy stifte fannijs in tsjerke yn Utert en waard de earste biskop fan Utert. Dat wie winliken it begjin fan it Prinsbisdom Utert. Yn 1122 krige Utert stedsrjochten dêr't om in 132 bunder grut oanlein gebiet stedswâlen en muorren boud waarden. Yn de stêd, dat in wichtich hannelsintrum waard nei it neigean fan Doarestêd, waarden pakhûzen by de grêften del boud mei dêrûnder de skaaimerkjende kelders dy't op wetterhichte boud waarden foar it laden en lossen fan hannelsguod. De namme traiectum waard yn it Aldnederlânsk Trecht neamd, en om it te ûnderskieden mei de oare Trecht oan de Maas waard er Uu-Trecht, dêr't Uu nei de ûnderrin (fan de Ryn) ferwiisde. Op syn bar waard dat wer ferlatynske ta Ultraiectum.

De bebouwing fan Utert bleau oant yn de njoggentjinde iuw binnen de âlde grêften. Doe't de Yndustrialisaasje op gong kaam, woeks Utert al tige hurd bûten de âlde stedsmuorren, dy't ôfbrutsen waarden. It stasjon, hjoed-de-dei Stasjon Utert-Sintraal waard krekt westlik fan de âlde stêd boud. Yn de 1960-er jierren ûndergie it stasjonsgebiet en it westen fan it âlde sintrum in yngeande feroaring. It winkelsintrum Hoog Catharijne waard boud en in part fan de âlde stedsgrêft waard tichtsmiten dêrt in ferdjippe stedsautowei yn oanlein waard. Yn de 2010-er jierren waard dat gebiet fannijs yngeand feroare dêr't it part fan d etichtsmiten grêft fannijs ûnder wetter set waard.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Flagge fan de gemeente Utert
Wiken fan de stêd Utert: BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen: HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen: AlendorpOudenrijn