Iselstein

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Topografyske gemeentekaart fan Iselstein, maaie 2017

Iselstein (Nederlânsk en offisjeel IJsselstein) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Utert. De gemeente hat 34.261 ynwenners. It hat in oerflak fan 21,62 km², dêrfan is 0,46 km² wetter. Iselstein krige syn namme troch de Hollânske Isel en is ûnderdiel fan de stêdekloft Utert. Binnen de gemeente Iselstein lizze gjin oare kearnen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iselstein ûntstie as delsetting by kastiel Iselstein, dat yn 1279 foar it earst neamd wurdt doe’t it yn besit kaam fan Gysbert fan Amstel, hear fan Iselstein. Hy soe himsels letter ek hear fan Iselstein neame.

Nei alle gedachten krige it doarp yn 1310 stedsrjochten. 1310 wie in belangryk jier foar Iselstein. Der is in akte foar de wijing fan de Nikolaastsjerke, in houliksakte fan Marije fan Henegouwen en Arnoud fan Amstel en in akte út dat jier wêryn ’t tastimming ferliend wurdt om tenei trije jiermerken te hâlden. De stêd Iselstein is dan offisjeel in feit. Om 1390 hinne waard it ommuorre, mooglik foar de twadde kear. Yn 1418 waard it ferwoaste troch Jacoba fan Beieren op fersyk fan de Uterters en yn 1466 troch bindes út Gelderlân. By de weropbou nei 1466 waard in gebiet ommuorre dat mar ûngefear heal sa grut wie as dêrfoar: it gebiet foarme troch de hjoeddeiske wyk Nieuwpoort foel der bûten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: