Parregeaster Mar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Parregeaster Mar wie in mar west fan Parregea. It wie in tige fiskrike mar, en wie de grûn foar it ûntstean fan it doarp yn likernôch de 13e iuw.

De mar wie yn it noarden by de Jakleset ferbûn mei de Makkumer Mar en yn it suden fia de Yndyk mei de Warkumer Mar. De trije marren mei-inoar waarden troch de kwelderrich dêr't ûnder oaren Warkum op leit, skaat fan de Fliestream. Troch dy rich ôfskerme, wie dit lân net berikber foar it tij, dat der waard hjir yn de marren gjin sânboaiem ôfset, en ek waarden de marren net útspield ta ien grut mar. Yn de rin fan de iuwen wie de Parregeaster Mar lykwols al gearwoeksen mei de Feikemar en de Ypebuorster Mar. Fan 1876 oant 1879 waarden al dizze marren drûchmakke, en waard de feanboaiem ta greidlân.

Ornaris wurdt de hjoeddeiske Parregeastermarpolder noch hieltyd oantsjut as Parregeaster Mar. De polder komt ek foar yn ferskate stúdzjes foar it wer ûnder wetter setten fan in tal Fryske marren, dat it is mûglik dat der yn de takomst wier wer in mar wêze sil.