Ankertsjerke (Aldegea)
Ankertsjerke | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Pastorijstrjitte 23 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1755 | |
arsjitekt | Jelte Eeltjes | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 39811 | |
offisjele webside | ||
Side Protestantske gemeente Aldegea (SWF) |
De Ankertsjerke yn Aldegea yn de gemeente Súdwest-Fryslân is de tsjerke fan de protestantske gemeente Aldegea. De tsjerke is in ryksmonumint.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn Aldegea stie al yn 1132 in tsjerke, dêr't yn de rin fan de tiid grif in soad oan ferboud is. Mar hoe âld de foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke wie is net te sizzen. Op de âlde, út kleastermoppen besteande, fûneminten waard yn 1755 neffens in plan fan Jelte Eeljes de tsjintwurdige tsjerke boud. Oannimmer wie Eite Tjebbes út De Gerdyk. De midsiuwske sealtektoer, dy't by de weropbou fan de tsjerke yn 1755 stean bleau, waard pas yn 1868 ôfbrutsen en ferfongen troch de houten geveltoer. Tagelyk waard de tsjerke doe yn deselde styl as de besteande bou nei it westen ta langer makke.
Yn 1755 hie de tsjerke noch mar acht of njoggen finsters, wêrfan't seis brânskilderde ramen mei wapens fan Ype Staak krigen. Lykas by in soad oare Fryske tsjerken waarden de brânskildere wapenramen yn de Frânske tiid ferwidere en ferfongen wurde troch gewoan glês. Yn de jierren 1960 binne twa ramen mei foar in part orizjineel glês rekonstruearre. Se krigen yn de jierren 1980 oan wjerskanten fan de preekstoel in plak yn de finsters.[1]
Sûnt 2000 is de eardere herfoarme tsjerke in PKN-tsjerke. By de foarming fan de PKN-gemeente waard de grifformearde tsjerke sletten en ferkocht.
Restauraasjes fûnen yn 1954 en 2014 plak.
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oannommen wurdt dat de preekstoel yn 1755 troch Eite Tjebbes of ien fan syn feinten boud is. It doophek (1869) en de banken (1759) binne yn 1962 ferwidere en ferfongen. Tagelyk is doe it liturgysk sintrum ferhege. It doopfont is makke troch Jan van Luyn.
De grêfsarken binne yn de flier fan it koer lein. Dêrûnder is in grêfsark út 1585 fan Rienck van Doiom mei in Gryksk opskrift. Ut de roomske tiid stamt de fan reade sânstien makke alterstien, dy't ek yn it koer leit.
De klok yn de toer hat in trochsneed fan 95 sintimeter en waard yn 1623 getten troch Franciscus Simon en Andreas Obertin.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel waard yn 1874 troch L. van Dam en Soannen. Troch in earstige fersakking moast it oargel yn 2017-2018 restaurearre wurde. By dy restauraasje waard troch Bakker & Timmenga de dispoysje werom brocht nei de sitewaasje yn 1874. Op snein 25 maart 2018 waard it oargel wer yn gebrûk nommen. De oargelgalerij wie al earder ûnder hannen nommen en wer yn âlde steat hersteld.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|