Gerrit Rombout

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
G. Rombout (1967)

Gerrit Rombout (Doanjum, 1930) is in Nederlânsk âld-politikus fan de Partij fan de Arbeid.

Rombout wurke foar't er boargemaster waard seis jier by de provinsje. Dêrfoar wie er amtner by in gemeentesekretary. Yn 1967 waard Rombout beneamd ta boargemaster fan Flylân dêr't er Adriaan Anker opfolge. Yn 1976 waard er boargemaster fan de gemeente It Bilt. Dêr folge er Geert van Veenen (ARP) op. Yn 1983 ferruile Rombout syn boargemasterskip foar it bedriuwslibben: hy waard direkteur fan Rederij Doeksen. Yn 1989 joech er dy funksje oer, mar bleau wol ferbûn oan de rie fan bestjoer fan dy rederij, dêr't er foar syn oanstelling al kommissaris fan wie.