Donatus fan Münstereifel

Ut Wikipedy
Donatus
   hillige
Byld fan Sint-Donatus yn de Église de l'Exaltation-de-la-Sainte-Croix fan Goesdorf (Lúksemboarch)
Byld fan Sint-Donatus yn de Église de l'Exaltation-de-la-Sainte-Croix fan Goesdorf (Lúksemboarch)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 2e iuw
berteplak Rome
stjerdatum 2e iuw
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 30 juny
attributen Skyld, bliksem,
patroan fan Münstereifel

Donatus fan Münstereifel (berne om 140 n.Kr. yn Rome; ferstoarn foar 180) wie oanfierder fan in romeinsk legioen en wurdt yn de Roomsk-Katolike Tsjerke fereare as hillige martler. De Donatustsjerke fan Doanjum is ferneamd nei de hillige Donatus fan Münstereifel.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Donatus wie de soan fan Faustus en Flamina. Syn mem hie har bekeard ta it kristendom en hja brocht him as kristen grut.

Yn 'e âldens fan 17 waard Donatus soldaat. As oanfierder fan it tolfte legioen (legio Fulminata, it Bliksemlegioen) waard er om 166 hinne ynset tsjin de ynfallen fan de Markomannen oan de Donau. It troch de fijân omsingele legioen koe gjin kant mear út en sûnder wetter soe it grif omkomme. Mar mei oare kristlike soldaten bidde Donatus om rein en in swiere tongerbui brocht foar minske en bist ferlossing, wylst de bliksem it kamp fan de Markomannen ferneatige. It wûnder makke grutte yndruk op Donatus, dy't doe it ûnthjit die om him tenei oan it selibaat te hâlden. Keizer Markus Aurelius befoardere Donatus ta oerste fan de liifwacht, mar doe't Donatus wegere te trouwen mei Aleksandra, in pakesizzer fan de keizer, betsjutte dat syn deadsfonnis "om't er dêrmei de goaden leechlei". Nei syn eksekúsje begroef Flaminia, de mem fan Donatus, him yn de katakombe fan de hillige Agnes yn Rome.

It barren yn de Markomanne-kriich om de tongerbui is histoarysk ûnderboud. De kristenen tanken God foar it wûnder. Lettere foarfallen, lykas in houlik mei de pakesizzer mei de keizer, falle lykwols ûnder de legindefoarming fan de hillige.

Ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

19e-iuwske relykhâlder fan Sint-Donatus yn de skatkeamer fan de Sint-Servaas

Donatus fan Münstereifel wurdt fral fereare yn Dútslân en Lúksemboarch. Yn 1646 waard yn opdacht fan paus Innosintius X it grêf iepene en de reliken waard oan de Jezuïetentsjerke fan Münstereifel skonken. Op 30 juny 1652 soene de reliken fan Euskirchen nei Münstereifel oerbrocht wurde. Nei it foarlêzen fan de Hillige Misse yn de Martinskirche troch de jezuïietenpater, sloech by de slotsegen de bliksem yn, wêrby't de pater troch brân ferwûne rekke. De pater rôp de hillige Donatus oan en de pine sakke fuort, sa't de pater de reliken, dy't al ûnderweis wiene nei Münstereifel, dochs noch neireizgje koe. Dat wûnder fitere de ferearing fan de hillige op 'e nij oan. Sûnt is 30 juny de betinkingsdei fan Donatus.

Noch oant 1949 waarden yn plakken yn 'e Eifel simmerdeis saneamde Donatus-missen fierd, miskien om de eardere, troch de jezuïeten ferbeane, hagelprosesjes te ferfangen: sûnt 1729 hiene de jezuïeten de hagelprosesjes op de dei fan it Sint-Jansfeest yn de ban dien en harren hûshillige Donatus as de treflike waarspatroan oanrikkemandearre.

Sûnt 1779 wurdt Donatus fereare yn Reek (Noard-Brabân), dêr't er ek as miljeuhillige fereare wurdt.[1] Op de feestdei fan Sint-Donatus wurde der yn it Brabânkse Helenaveen auto's segene, om't der hjoeddedei mear ûngemakken mei auto's barre as mei bliksemynslach.[2] It doarp Vragender yn de Achterhoeke hat de Donatusferearing yn 2016 op 'e nij ynfierd en sûnt wurde dêr Donatusprosesjes ûnder de namme Donatus dondert deur organisearre.[3] Nei't twa parochianen yn 1897 troch de bliksem deade waarden wurdt Sint-Donatus ek yn it Noard-Brabânske Hapert fereare.[4] Yn it Gelderske Altforst is de katolike tsjerke wijd oan Donatus fan Münstereifel. Yn Fryslân stiet yn it doarp Doanjum in tsjerke dy't oarspronklik wijd is oan Sint-Donatus.

Donatus is de beskermhillige fan stoarm, bliksemynslach, hagel, fjoer, in goede rispinge en in goed miljeu. De feestdei fan de donderhillige falt op 30 juny.

Ikonografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de ikonografy wurdt Donatus yn 'e regel a sin romeinsk soldaat ôfbylde, fakentiden mei in palmtûke, in bliksem, in nôtskeaf of wynstôk yn 'e hân. Syn attributen binne faak in mes en in tsjettel.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Donatus von Münstereifel