Bad Münstereifel
Bad Münstereifel | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Sifers | |
Ynwennertal | 17.387 (2020) |
Oerflak | 150,83 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 115 / km² |
Hichte | 200-585 m |
Oar | |
Stifting | 830 |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Side Bad Münstereifel |
Bad Münstereifel is in stêd en gemeente yn de Kreis Euskirchen yn it Dútske bûnslân Noardryn-Westfalen. De histoaryske binnenstêd fan Bad Münstereifel leit yn de foar in grut part yntakte stedsmuorre. Dwers troch Bad Münstereifel streamt it rivierke de Erft.
Yn in diel fan de histoaryske bebouwing is in outlet-center ûnderbrocht. De ferneamde Dútske sjonger Heino wennet yn Bad Münstereifel en hat dêr yn it âlde kuerhûs it Heino Kafee, dêr't Dútske taart iten wurde kin yn in ynrjochting, werfan't de muorren mei syn gouden platen behongen binne.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan de skiednis fan Bad Münstereifel stiet de stifting fan in kleaster yn 830, dat yn de rin fan de tiid in beafeartsplak waard. Dêromhinne ûnstie de delsetting Monasterium in Eiflia, it lettere Münstereifel. Om 1300 hinne waard de boarch boud en yn 1356 krige de stêd stedsrjochten. Nei 1600 waard de stêd in bolwurk fan de kontrareformaasje, in religieus sintrum mei in grut tal kleastermienskippen dy't harren stimpel op de stêd setten. De Frânske tiid mei syn ynfiering fan de sekularisaasje besoarge de stêd dan ek ekonomyske tebekslach. Yn 1815 waard de Eifel prusysk. Mei it opkommen fan it toerisme yn de 19e iuw ûnstie wer ekonomyske bloei. Sûnt 1967 draacht de stêd fanwegen it kuertoerisme de titel "Bad". Yn 1969 fûn der weryndieling plak en waard de gemeente Bad Münstereifel útwreide mei tolve oare gemeenten.[2]
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stiftstsjerke Chrysanthus- en Daria
- Jezuietentsjerke
- Riedshûs
- Stedsmuorren mei fjouwer poarten
- Fakwurkhûzen
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Schwanen Apothek Museum
- Hürten-museum Bad Münstereifel
Oare musea yn de gemeente:
- De Astropeiler, de earste frij beweegbere Dútske radioteleskoop
- Iversheim: Römische Kalkbrennerei (Romeinske kalkûnen)
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Stedsmuorre -
Boarch -
Chrysanthus- en Dariatsjerke -
Riedshûs -
Fakwurkhûzen -
Sint-Michael op de Michelsberg
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|