Springe nei ynhâld

Euskirchen

Ut Wikipedy
Euskirchen
Marktplatz
Marktplatz
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Euskirchen
Sifers
Ynwennertal 59.787 (31.12.2023)
Oerflak 139,49 km²
Befolkingsticht. 429 ynw./km²
Hichte 160 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 53879, 53881
Koördinaten 50°39'N, 6°47'E
Offisjele webside
www.euskirchen.de
Kaart
Euskirchen (Noardryn-Westfalen)
Euskirchen

Euskirchen is in middelgrutte Dútske stêd yn it Rynlân en as Kreisstadt sûnt 1827 de bestjoerssit fan 'e Kreis mei deselde namme yn it súdwesten fan Noardryn-Westfalen.

Euskirchen krige al yn it jier 1302 stedsrjochten en is mei mear as 58.000 ynwenners it sintrum fan in eigen regio mei in eigen fersoarchingsberik fan goed 190.000 minsken.

Dielen fan 'e âlde stedsmuorre en trije fan 'e ferdigeningstuorren, dy't eartiids by de stedsfersterkings hearden, steane njonken de hjoeddeiske arsjitektuer. Binnen de âlde midsiuwske stedsmuorren is in fuotgongerssône oanlein.

De memmetaal fan 'e yn Euskirchen berne ynwenners is ek tsjintwurdich noch jimmeroan it Eifeler Platt, dat him ûnderskiedt fan it yn 'e omkriten mear brûkte Kölner Platt.

De Sint-Martenstjerke yn it sintrum fan Euskirchen.

Ta Euskirchen hearre njonken de kearnstêd mei de stedswiken Altstadt, Ost-, West-, Nord- en Südstadt nochris 22 oare Stadtteile:

Billig, Disternich, Dom-Esch, Elsig, Euenheim, Flamersheim, Frauenberg, Großbüllesheim, Kessenich, Kirchheim, Kleinbüllesheim, Kreuzweingarten-Rheder, Kuchenheim, Niederkastenholz, Oberwichterich, Palmersheim, Roitzheim, Rüdesheim, Schweinheim, Stotzheim, Weidesheim, Wißkirchen en Wüschheim.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Euskirchen fan Wikimedia Commons.