Springe nei ynhâld

Markomanne-oarloch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Markomanne-kriich)
Kolom fan Aurelius mei derop tafrielen út de Markomanne-oarloch

De Markomanne-oarloch wie in oarloch dy't fierd waard yn de twadde helte fan de 2e iuw, likernôch tusken 166 en 180. De wichtichste tsjinstanners wienen de kening fan de Markomannen Ballomar en de Romeinske keizer Markus Aurelius. De oarloch wie it earste teken dat de Romeinske macht oer har hichtepunt hinne wie. Sûnt iuwen krige it te meitsjen mei serieuze tsjinstân en waard it sintrum fan de Romeinske macht Rome fan tichtby bedrige.

Sûnt de oermastering fan Galje wie it ferdigeningssysteem fan it Romeinske ryk basearre op twa strategyen. Oan de iene kant hienen de Romeinen in paraat leger fan inkele hûnderttûzenen soldaten dy't de noardgrins (de Ryn en de Donau) fleksibel yn de gaten hâlde koenen. Harren twadde strategy wie it opsetten fan fazalsteaten. Foaral de Germaanske stammen krekt bûten de Romeinske grinzen wienen hjirby belutsen. Yn ruil foar militêre stipe krigen sy in finansjele fergoeding út Rome wei. Dizze taktyk hie yn de 1e en 2e iuw goed funksjonearre, mar begûn ûnder it regear fan Markus Aurelius te stûkjen, doe de fazalsteaten oan de Ryn en de Donau harren tsjin Rome kearden. De Markomanne-oarloch wie in grut ûnderdiel fan dizze opstân.

It ferrin fan de oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferrin tusken 171-175

Foar it earst sûnt iuwen waard Rome wer fan hiel tichtby slim bedrige doe't de Markomannen yn 166 Noard-Itaalje ynfoelen. De striid fan de Romeinen tsjin de ynfallers gong moedsum. Dat kaam benammen troch it útbrekken fan de pest ûnder de befolking dêr't ek in grut part fan it leger slachtoffer fan waard. Fierders spile mei dat Markus Aurelius tagelyk te krijen hie mei de Kwaden en oare stammen lykas de Fandalen, de Sarmaten en de Sueben dy't harren by de Markomannen oansluten hienen. Markus Aurelius koe lykwols de Germaanse stammen tebek driuwe en besleat de ferskate stammen ien foar ien oan te fallen om sa it front fan de tsjinstander te spliten. It wie in fûle striid dêr't de Romeinen hurde klappen krigen, mar de Markomannen harren suksessen net fersulverje koenen.

Yn 171 laten de Markomannen in swiere nederlaach, en yn de derop folgjende jierren slagge Markus Aurelius deryn folslein ôf te rekkenjen mei de Kwaden (174). Lykwols koe der hjir net in ferfolch offinsyf oan keppelje fanwege in ynlânske opstân yn Rome. Pas nei it ûnderdrukken fan dizze opstân koe Markus Aurelius syn oandacht wer rjochtsje op de Donaugrins, mar hy wie lang om let net by steat om syn kampanje troch te setten. Hy stoar yn 180, wêrtroch de Markomanne-oarloch feitlik ûnbeslist einige. Syn opfolger Kommodus, woe de striid net trochsette en sleat frede mei de Markomannen en harren bûnsmaten.

Yn de Historia Augusta wurdt wiidweidich oandacht skonken oan Markus Aurelius en de kriich tsjin de Markomannen. Neffens dy boarne wie de oarloch de grutste dy't ea fierd waard yn de skiednis.

  • Herwig Wolfram The Roman Empire and Its Germanic Peoples pagina 43 Univ of California Press, 18 mars 2005 - 361 pages [1]
  • Hermann Schreiber - De Vandalen, Zegetocht en ondergang van een Germaans volk, Amsterdam, 1979, siden 51-52.