Ballomar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Ballomar (berne yn 140stoarn tusken 170 en 180), wie kening fan de Markomannen. Under de Markomanne-oarloch foarme hy in serieuze bedriging foar it Romeinske ryk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar ús ynformaasje oer Ballomar binne wy ôfhinklik fan de skriften fan Kassius Dio, dy't oer him skriuwt ûnder it regear fan keizer Markus Aurelius Nei alle gedachten hearde er ta in eal laach. Hy is berne yn Moraavje. Om 165 hinne wie Ballomar kening fan de Markomannen en hie er ek in grutte oanhing ûnder de Kwaden. Hy slagge deryn in koälysje te foarmjen mei Germaanske folken lykas de Sueven en Fandalen en net-Germaanske folken as de Jazygen, de Roksolanen en de Alanen.

Yn de saneamde Markomanne-oarloch wie Ballormar foaral yn it begjin (168-170) in bedriging foar it Romeinske Ryk doe't de Markomannen it Romeinske Ryk ynkrongen. De Romeinske skiednisskriuwers fergelykje dizze bedriging mei de situaasje dêr't Rome him yn befûn yn de Twadde Punyske oarloch. Letter wie er foaral de mediator by de ûnderhannelingen tusken de Romeinen mei oare folken. Ballomar sleat yn 176 in fredesferdrach mei de Romeinen, dat it jier derop al brutsen waard.

Oer syn fierdere libben en stjerren is neat bekend.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kassius Dio, Skiednis fan it Romeinske ryk, haadstik LXXII