Donatustsjerke (Doanjum)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Donatustsjerke (Dongjum))
Donatustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Doanjum
adres Doarpsstrjitte 8
koördinaten 53° 12' N 5° 32' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Donatus fan Münstereifel
Arsjitektuer
boujier 1777
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15851
Webside
Side PKN Rie-Skingen
Kaart
Donatustsjerke (Fryslân)
Donatustsjerke

De Donatustsjerke yn Doanjum is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Rie-Skingen. De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grêfmonumint fan Sikke fan Goslinga (1737)

De tsjerke fan Doanjum is in tige âlde tsjerke, de fûneminten datearje noch út de 11e iuw. De midsiuwske tsjerke gyng om en de by de reformaasje troch bliksemynslach ferlern. De tsjerke dy't doe boud waard bleau oant de 18e iuw stean. Grytman Sikke fan Goslinga liet yn 1777 de twadde tsjerke ôfbrekke en ferfange troch de hjoeddeiske tsjerke. Yn de grêfkelder lizze de famyljeleden fan de Fan Goslinga's. Yn opdracht fan syn dochters waard ta neitins fan de grytman it moarmeren grêfmonumint fan Jan-Baptist Xavery oan de eastlike muorre stifte.

De toer waard yn 2006 restaurearre. De restauraasje fan de tsjerke folge yn de jierren 2013-2014.

Patroanhillige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is ferneamd nei Donatus fan Münstereifel, de hillige dy't oanroppen wurdt tsjin ûnwaar en wjerljocht. Faaks hat de bliksemynslach dy't de midsiuwske tsjerke ferneatige te krijen mei de kar foar Donatus. Dat Dongjum besibbe is oan de namme fan Donar, de god fan de tonger, is in oare mooglikheid dat de kar foel op Donatus. Donatus wurdt faak ôfbylde mei in bondel wjerljocht.


Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

De ynrjochting fan de tsjerke is tradisjoneel protestantsk. Oan de súdlike muorre is de preekstoel mei om de dooptún it doophek. De banken fan de froulju steane opsteld oan de súdlike kant en de banken foar de manlju oan de noardlike kant.

Foar de preekstoel oer stiet de hearebank foar de Fan Goslinga's.

Yn de toer hinget in klok dy't troch G. van den Dam yn 1553 getten waard en noch yn de midsiuwske toer hongen hat. De tsjerke besit nachtmielsreau út de 17 iuw. De âlde steatebibel datearret út 1670. Dêrnjonken besit de tsjerke ek noch de bibel en it nachtmielsreau fan de rjochtsinnige herfoarmen, dy't mei Uw Koninkrijk kome in eigen gebou hiene oan de Tsjummearumerwei en harren yn 1965 wer by de grutte herfoarme gemeente foegen.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1739 troch in ûnbekend oargelmakke boud. Nei de bou fan de nije tsjerke waard it dêr wer opboud. Yn de jierren 1848-1849 ferfong Van Dam út Ljouwert it binnenwurk. Dêrby brûkte Van Dam piipwurk fan Jan Harmens fan it oargel út de Jakobinertsjerke. It sleeplade-oargel is hielendal mechanysk en hat in oanhongen pedaal.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wûnderlik yn de tsjerke binne de glês-yn-leadfersierings fan de sân dwergen út it mearke fan Sniewytsje. Se wiene ûnderdiel fan in útstalling yn 2002 en hearre fansels net by de tsjerke. Mei de restauraasje hiene se net werom komme moatten, mar mei fersin binne se doe meirestaurearre en werom set yn de tsjerke.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: