Æbe Haima

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Æbe Haima (folút: Æbe Tjeerd Haima; Doanjum, 2 febrewaris 1927 - Weidum, 22 augustus 2002) wie in ferneamde Fryske keatser dy't twa kear de PC wûn hat.

Keatskarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Æbe Haima makke syn debút op it heechste nivo fan de KNKB yn 1945, doe't er noch mar 18 jier âld wie. Syn keatskarriêre soe mei ûnderbrekkingen fanwege stúdzje en syn wurk as húsdokter mar leafst oant 1973 ta duorje. Syn grutste suksessen helle hy lykwols oan it begjin fan syn rinbaan: Sawol yn 1946 as yn 1947 wûn hy tegearre mei keatsleginde Hotze Schuil de PC. Ek op oare klassikers op keatsgebiet stie hy yn de krânse: De Rengersdei wûn hy yn syn debútjier en hy waard dêr fuort ta kening útroppen. Dy selde eare kaam him yn 1951 op de Aldehoupartij ta.

Lêste sukses[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn lêste grutte sukses helle Haima yn 1962 doe't hy tegearre mei Durk Talsma en Pier Koopmans foar Weidum de bûnspartij wûn.

Ivich klassemint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Æbe Haima stie meiïnoar 57 kear yn de finale, wêrfan hy 26 wist te winnen. Mei noch 34 lytse preemjes komt syn totaal foar it ivich keatsklassemint út op 172 punten. By syn ferstjerren yn 2002 stie hy dêrmei op in 127ste plak.