Wytze Foppes Dongjuma
Appearance
Wytze Foppes Dongjuma (Doanjum, 16 septimber 1707 - Ljouwert, 8 febrewaris 1778) wie in timmerman, rekkenmaster en ynstrumintmakker.
Dongjuma lei him ta op de wis- en stjerrekunde, nei 1756 grif op astronomysk terrein. Hy reagearre op de kometeëangst út dy dagen en hie ynfloed op Eise Eisinga. Wytse Foppes wie útfiner fan de magneto- of fariometer en makke ferskate oare ynstruminten. Fierders skreau er meardere boeken.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Huib J. Zuidervaart: Speculatie, wetenschap en vernuft. Fysica en astronomie volgens Wytze Foppes Dongjuma (1707-1778), instrumentmaker te Leeuwarden; Fryske Akademy, 1995[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|