Springe nei ynhâld

Ynstrumintmakker

Ut Wikipedy

In ynstrumintmakker is it berop fan immen dy't ynstruminten makket. Sa'n persoan wurdt ek wol fynbankwurker of fynmeganikus neamd. It is in fakspesjalisme yn de technyk mei it doel ark te meitsjen mei in spesjalisearre funksje, meast yn it fakgebiet fan de meganyske technyk.

Dat kin wêze:

In ortopedysk ynstrumintmakker makket gjin ark, mar protezen en/of ortezen.

Fryske ynstrumintmakkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan de earste Fryske ynstrumintmakkers is Pybe Wouters, ek:Pibo Gualtheri (*± 1580) dy't as lânmjitter en matematikus in learling wie fan Tycho Brahe. Ek Wybe Wyrands, horloazjemakker en astronomysk oerwurkmakker yn Ljouwert. De Frjentsjerter Hegeskoalle krige yn 1754 de ynstrumintmakker Jan van der Bildt sr. (†1791), letter Sybrand Teakes van der Vliet (1791 - 1806) en Piter Jans Hogendijk (1831 - 1843). Nei 1750 komme autodidakten dy't planetariaen teleskopen makken: Eise Eisinga, Wytze Foppes (Doanjum) en Stephanus Jeltes Eisinga. Nei 1800 kamen noch Arjen Roelofs, Sieds Rienks, Roelof Hessels Hommema, Beart Johannes Gelder, Rinse Bearts Gelder, Worp van Peyma en Bauke Tjibbeles Miedema.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: