Trimdiel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In trimdiel as trimdel is Aldfrysk foar tredde part. It wurd trim, (Aldfrysk: thrim, ek tryn=trije), is noch werom te kennen yn Trynwâlden). It wie in steatkundich ûnderdiel fan guon gritenijen, benammen yn Ljouwerteradiel, Skoatterlân en Utingeradiel. Bestjoerlik hienen de trimdielen faak betsjutting as bygelyks it gebiet dat in eigen eehear ôffurdige.

Yn Ljouwerteradiel waard de opdieling yn trimdielen ek in skieding doe't it Middeltrimdiel ta de klokslach fan Ljouwert waard, en it Noardertrimdiel en it Sudertrimdiel oerbleaunen as twa losse parten dy't tegearre Ljouwerteradiel wienen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: