Springe nei ynhâld

Wapen fan Warkum

Ut Wikipedy
It wapen fan Warkum.

It wapen fan Warkum is it wapen fan 'e eardere Gemeente Warkum, dy't yn 1984 opheft waard. It wurdt noch altyd fierd troch de stêd Warkum. Dit wapen is yn de lingte trochsnien. De rjochterhelte fan goud, beladen mei in heale swarte earn; en de linkerhelte swart, beladen mei 3 goude leeljes. It skyld is dekt mei in gouden kroan, de kroan hat fiif blêden.

It wapen is sûnt de 15e iuw bekend op stêdssegels. It earste segel út 1420 fertoant noch net it wapen, mar in Goatyske nis, wêryn Sint Geertruid, yn de rjochterhân in blom, yn de linker in palmtûke; oan beide kanten in knibbeljende muonts. In twadde segel út 1496 (Van den Bergh) of 1426 (ynfo gemeente Nijefurd) fertoant al wol it wapen mei de earn en de leeljes. Ek op alle folgjende segels en ôfbylden stiet it wapen sa oanjûn.

Wêr't it wapen wei komt is net bekend. De heale earn is in faak brûkte figuer yn persoanswapens yn Fryslân. It soe dus ôflaat wêze kine fan in grytman of stedsbestjoerder fan Warkum yn de 15e iuw. De leeljes soenen of út in persoanswapen, of fan de Mariaferearing ôflaat wêze kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: