Springe nei ynhâld

Allum

Ut Wikipedy

Allum is in ferdwûne delsetting wêrfan't de namme foarkomt yn in pear midsiuwske geskriften. Foarsafier bekend moat de delsetting lein hawwe besuden Hee op Skylge, yn it gebiet fan de hjoeddeiske Waadsee. Fermoede wurdt dat it lei yn it no ferdwûne bûtendykse gebietsje De Oele. Yn dizze omkriten is noch altyd de fjildnamme Allumer finne bekend. Allum bestie yn 1630 al net mear.