Hierum

Ut Wikipedy

Hierum is in ferdwûne delsetting wêrfan't de namme yn inkele Midsiuwske geskriften foarkomt. De delsetting moat lein hawwe yn it gebiet fan de doetiidse Waadsee besuden it waadeilân Skylge, no ûnderdiel fan de provinsje Fryslân. Oer de krekte lokaasje is neat bekend. Hierum bestie al net mear yn 1630.