Tiemen Groen

Ut Wikipedy
Tiemen Groen
sporter
Tiemen Groen (1967)
Tiemen Groen (1967)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tiemen Groen
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 6 july 1946
berteplak Follegea
stjerdatum 26 oktober 2021
stjerplak Malmesbury flagge fan Súd-Afrika
etnisiteit Frysk
lingte 1.85 m
gewicht 85 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen,
Baanhurdfytsen
O.S. Tokyo 1964
debút 1964
karriêre-ein 1968
wichtige prestaasjes
1x goud Wrâldkampioenskippen 1967

Tiemen Groen (Follegea, 6 july 1946 - Malmesbury, Súd-Afrika, 26 oktober 2021)[1] wie in Frysk hurdfytser.

Hy wie in efterfolger fan grutte klasse. Yn 1964 kaam syn spektakulêre trochbraak yn de hurdfytswrâld, doe't hy as 18-jierrige earst Nederlânsk Kampioenen en letter Wrâldkampioen waard by de amateurs. Dizze beide titels wûn hy ek yn 1965 en 1966. Yn 1964 waard hy ek nasjonaal kampioen op 'e dyk. Yn 1967 waard Groen beropsfytser. Fuort waard hy by de profs ek wrâldkampioen op de efterfolging, mar it fytsen op 'e dyk waard gjin grut sukses. Yn 1968 beëinige hy syn hurdfytskarriêre. Dêrnei waard hy antykhanneler. Tiemen Groen wennet tsjintwurdich yn Súd-Afrika.

Adspirant[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei syn skoalmaat Marinus Kampen fytste Tiemen alle dagen fan syn wenplak Follegea nei de LTS op It Hearrenfean, waar of gjin waar. Dat blykt him ta it hurdfytsen oanlutsen te hawwen, Hy begûn serieus te trainen en skreau him yn 1960 yn foar syn earste wedstriid, in wylde koers yn Boppe-Knipe. Dy wûn er op syn gemak. Yn 1961 krige er syn earste lisinsje: adspirant by fytsferiening Olympia yn It Hearrenfean. Yn april 1961 debutearre hy by de KNWU yn Veendam en it wie fuort raa: sûnder him wat fan syn tsjinstanners oan te lûken, naaide er nei it startskot fuort út. Pas neidat hy it peloton dûbele hie, seagen se him werom. Ek yn Fryslân joech er syn besitekaartsje ôf troch in sulveren medalje te heljen op it kampioenskip fan Fryslân yn it Drintske Gijsselte. As adspirant levert hy in sterk stikje yn de Ronde fan Boalsert. De organisators hienen in kombinearre wedstriid útskreaun foar amateurs, nijelingen en adspiranten oer 80 km. Adspiranten mochten lykwols mar 40 km. ride, mar foar Tiemen wie dat gjin probleem en hy wûn de wedstriid. Dêrmei sette hy de amateurs en nijelingen aardich te kyk. Syn earste provinsjale titelhelle hy yn 1962. Yn totaal wûn hy 34 kear by de adspiranten.

Nijeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei oardel jier by de adspiranten riden te hawwen gie hy yn 1963 oer nei de nijelingen. Ek yn dy kategory wûn hy de measte wedstriden dêr't hy oan meidie. Oertsjûgjend waard hy yn 1963 en 1964 nijelingenkampioen van Fryslân. Op 18 july 1994 waard hy op it autosirkwy fan Zandvoort Nederlânsk kampioen op de dyk by de nijelingen. It wie in kampioenskip yn styl. Yn de tredde ronde demarrearre hy út it peloton fan 330 fytsers. Se hawwe him pas nei de einstreek werom sjoen. It wie syn 21-ste oerwinning fan it seizoen, de 70-ste oerwinning yn syn noch jonge fytskarriêre. Op De Lemmer waard er huldige. Tiemen Groen wûn by de nijelingen wol 53 kear.

By de amateurs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuort nei syn kampioenskip makke de 'Fryske Pylk' de oerstap nei de amateurs. Dêr begûn syn karriêre as efterfolger op de baan. In wike nei syn oergong nei de amateurs die hy, op advys fan de wei- en baancoaches Joop Middelink en Jan Derksen, mei oan it nasjonaal kampioenskip efterfolging. Hy wie dêr ek ta ynspirearre troch syn grutte rivaal, de amateurkampioen Eef Dolman. In syn nijelingentiid hie hy Eef meardere kearen ferslein. No't dy ynskreaun hie foar it baankampioenskiap seach Tiemen Groen syn kâns om te bewizen dat hy hurder fytse koe as syn leeftiidgenoat Eef Dolman. Nota bene op liend materiaal gie hy de striid oan. En it tafal woe dat hy al yn de earste searje lotte tsjin Dolman. It waard in ûngelike striid, want Dolman waard ynrûn! Folle ferrassender wie syn eintiid. Noch nea wie der op de Amsterdamske fytsbaa sa hurd op de 4 km efterfolging riden. Mei in eintiid fan 4.56.3 joech hy syn besitekaartsje nochris ôf. Al syn folgjende tsjistanners bûn hy dêrnei oan syn segekarre. Fia Jan Pieterse, Co Oele en Jaap Oudkerk helle hy op 6 augustus 1964 syn earste nasjonale titel efterfolging by de amateurs.

WK[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende stap moast it Wrâldkampioenskip wurde. Twa moanne nei syn oerstap nei de amateurs woe hy op it alderheechste nivo prestearje. En noch wol yn it legindaryske Parc des Princes yn Parys. Oan neat wie te fernimmen dat it syn earste optreden op in wrâldtoernoai wie. As wie er immen mei in soad ûnderfining raffele hy syn fjouwer kilometer eftervolgong ôf. As earste moast de finalist fan 1963, de Rus Moskwin, der oan leauwe. Mei de fluchste searjetiid pleatste Groen him foar de kwartfinale. Dêrnei waarden Lothar Claesgens en Jiri Daler ferslein. Op 10 septimber 1964 folge de finale tsjin de Belgyske wrâldrekordhâlder Herman van Loo. Mei bussen fol wienen de Fryske supporters nei Parys komd. Se woenen 'ús Tiemen' winnen sjen en sy kamen net om de nocht. Tiemen late de race fan begjin ôf oan en wûn frij maklik yn 5.01.74. Syn supporters wiene net te hâlden. Se namen yn harren entûsjasme massaal besit fan it middenterrein. En nei it 'Wilhelmus' folge it 'Frysk bloed tsjoch op' en koe de flagge út.

Olympyske Spullen fan Tokio[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de bjusterbaarlik ferrûne bliksemkarriêre kaam de fraach: wêr lizze de grinzen fan dizze iiskâlde krêftpatser? De Olympyske Spullen fan Tokio stienen foar de doar (oktober 1964). Eltsenien ferwachte dat Tiemen mei it gouden earemetaal thús komme soe. Yn it Olympyskhe efterfolgingstoernoai makke hy oan de heale finale de snelste tiid. Yn dy heale finale moast hy oantrede tsjin de Italjaan Giorgio Ursi. Ursi hie in bliksemstart en oerrompele de Follegeaster finaal. Tiemen koe dêr net genôch antwurd op jaan. Syn ynhelrace rikte net fier genôch. Foar it earst moast Tiemen yn in efterfolgingsrace syn meardere erkenne. Eltsenien wie bot teloarsteld. De toande oermacht en de teloarstelling wienen sa grut, dat it gebrûk fan doping by de tsjinstanner fermoede waard. Tiemen soe 'geflikt' wêze. Dy fertinking hienen de Italjanen harsels op de hals helle. Yn in gearkomst fan alle delegaasjes wie besluten yn Tokio wol te kontrolearjen op eventueel dopinggebrûk. In Italjaansjk sjuerylid stie yn 'it gefal Ursi' lykwols gjin medysk ûndersyk ta. Hy soe dêryn ûndersteund wêze troch de UCI-foarsitter. De nofterene ferklearring fan Tiemen: "Myn tsjinstanner ried gewoan hurder". Hy hie al gau troch, dat wedstriidritme foar him wichtich wie. Se wiene al twa moanne fan tefoaren yn Tokyo en se moasten mear rêste as echt swier trene. Dat wie de mentaliteit fan de measte baanfytsers yn dy tiid. Rêste, rêste, sei Jan Derksen faak, mar Tiemen hie kompetysje nedich en miste dus de ûndergrûn om in goeie tiid del te setten.

gefolch

De klap wie lykwols sa hurd oankomd, dat Tiemen de krêft net mear opbringe koe de striid om de brûnzen medalje te winnen. Letter ferklearre hy oer syn falen: "Ik koe der net oer, dat se yn Nederlân al flak nei de wrâldkampioenskippen seinen, dat ik de ienige sekere gouden medaljewinner wie yn Tokio. It hat my de lêste wiken oan ien tried wei efterfolge en dêr bin ik oan kapot gien". Dochs fû de gemeente Lemsterlân de prestaasjes fan Tiemen Groen yn 1964 tige útsûnderlik. Der wardbesluten him de sulveren Earepenje út te rikken en him te beneamen ta Eareboarger. De roem hie lykwols ek in kearside. De snelle ûntwikkelingen mei Tiemen Groen laten by syn feriening Olympia ta problemen. Dat hat alles te krijen mei syn oergong nei de amateurs. De bûnscoaches Middelink en Derksen hienen dat al folle earder dwaan wold, mar syn Fryske begelieders, en ek it bestjoer fan Olympia, woenen him 'foarsichtich bringe'. Foarsitter Th. de Jong wist mei de keuzehearen fan de KNWU ta in kompromis te kommen. Hy hie dat lykwols regele sûnder oerlis mei it Olympiabestjoer. Op de neijiersgearkomst fan 2 desimber 1964 joech dat oanlieding ta in grutte bestjoerskrisis. It bestjoer stapte op. Tiemen en heit Meine Groen bedankten as lid fan Olympia.

Nei Hollân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trije wiken letter waard Tiemen Groen lid fan DTS út Zaandam. Foar dy feriening wûn hy yn 1965 syn tweede nasjonale efterfolgingstitel. Yn septimber 1965 ferdigene hy yn San Sebastian mei súkses syn wrâldtitel. Dêrmei nom hy revanche op de tsjinslach fan Tokio. It betrouwen yn eigen kinnen wie definityf werom. Yn 1966 helle hy yn Frankfurt syn tredde wrâldtitel op rige. Hy liet de kroanometers stean op in nije wrâldrekordtiid fan 4.50.21. Op 1 jannewaris 1967 waard hy profesjonal by Caballero. Yn syn earste jier as beropsfytser waard hy, op de baan fan it Olympysk Stadion yn Amsterdam, dêr't it trije jier dêrfoar allegear begûn wie, wrâldkampioen op de efterfolging foar profs. It riden by de profs brocht him lykwols net wat hy derfan ferwachte hie. Hielendal ûnferwacht stoppe de ynwenner fan Lemsterlân mei it hurdfytsen yn 1968. De wrâld fan de beropssport wie ek net syn wrâld. Mooglik kaam er ek te gau yn de profesjonele fytssport terjochte en gie it allegear wat te fluch foar him. Tiemen ferklearre letter dat er nea spyt fan syn beslissing hân hat, likemin as om nei Súd-Afrika te gean.

Utslaggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earelist op de baan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1964: Nederlânsk amateurkampioen efterfolging; wrâlldkampioen efterfolging amateurs.
  • 1965: Nederlânsk amateurkampioen efterfolging; wrâldkampioen efterfolging amateurs.
  • 1966: Nederlânsk amateurkampioen efterfolging; wrâldkampioen efterfolging amateurs.
  • 1967: Nederlânsk kampioen efterfolging profs; wrâldkampioen efterfolging profs

Earelist op 'e dyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1967: 1e Rotterdam (Katendrecht); 4e Roermond; 8e GP des Nations (Parys); 8e Frauenfeld (Switzerlân).
  • 1968: 2e Rotterdam (Katendrecht); 118e Parys-Tours.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Fries wielerfenomeen Tiemen Groen uit Follega is eind oktober in stilte overleden, Friesch Dagblad, 6 novimber 2021.