Springe nei ynhâld

Allard Elout

Ut Wikipedy
Allard Elout
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Allard Elout
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 3 oktober 1949
berteplak Hengelo
stoarn 11 july 2016
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder

Allard Elout (Hengelo, 3 oktober 1949, - 11 july 2016) wie in byldzjend keunstner dy't yn Rotstergaast wenne.

Hy waard grutbrocht yn Swol en krige syn earste tekenlessen fan syn heit en letter fan de Staphorster skilderes Stien Eelsingh en fan Piet Zwiers. Nei de boskwachtersskoalle yn Apeldoorn studearre er túnarsjitektuer yn Frederiksoard. Dêrnei hat er in hiel soad ferskillende banen hân.

Yn 1976 studearre er oan 'e keunstakademy Vredeman de Vries en slagge mei ûnder mear de eksamenfakken fotografy, silkscreen en oaljefervetechniken. Ien fan dy techniken is de klassike harsoalje-glasistechnyk. Hjirby wurde trochskinende kleureffekten. Neist natuerbelibjen, earst benammen de kleuren mar letter it ljocht, is ek muzyk in ynspiraasjeboarne. Hy ûntwurp platehoezen en skildere dekors. Yn in trochgeand projekt hat er jierren efterelkoar strânpaviljoen Peal 3 op Skiermûntseach opskildere.

Yn 'e jierren 1990 hie er in grutte oersjochtentoanstelling yn museum Willem van Haren op It Hearrenfean. De lânlike oandacht dy't er krige, soarge lykwols dat der in pear jier net folle út syn hannen kaam. De lêste jierren leit Allard him wer ta op it skilderjen mei oaljefervetechniken. Yn de simmer fan 2008 eksposearre Elout mei in tal oare Nederlânske Konstruktivisten by de Sint Joseph Galery yn Ljouwert.

Elout ferstoar op 11 july 2016 en waard op it begraafplak Kranenburg yn Swol begroeven.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: