Springe nei ynhâld

Grutte Sint-Jânsgeasterfeanpolder

Ut Wikipedy
Wetterskipswapen
Grutte Sint-Jânsgeasterfeanpolder
bysûnderheden
oerflak 3838 ha
drûchlein 1856 - 1860

De Grutte Sint-Jânsgeasterfeanpolder waard oprjochte yn 1854. De polder is fuortkomd út it Twadde en Tredde Feandistrikt yn en lei yn twa gemeentes, Skoatterlân en Haskerlân. De útfeante wetters leveren gefaar op foar it omlizzende lân en de bewenners. Yn 1853 waard dit besprutsen by Deputearre Steaten. Nei oerlis mei bewenners en belanghawwenden foel yn 1854 it beslút ta ynpoldering.

Fan 1856 oant 1858 waard it gebiet bepoldere. Der waard besletten de ta it graven fan de Achtervaart fan de rykswei rinnen troch Aldehaske oant in nij te bouwen skutslûs yn de Feanskieding mei in polderdyk oan de east- en súdkant fan dizze feart en it graven fan in skiedingssleat lân de Polder fan Blinksma. Der waard in efterfeart groeven fan de Verwerderpolder lâns de Tsjûkemar oant de nij te bouwen slûs yn de Dyksterfeart. Uteinlik kamen der in njoggental wetters groeven: de Feanskieding, de Sint-Jansgeaster Feart, de Hegedyksterfeart, Rotster Sleat, Rottumer Hegedyksterfeart, Nije Miedskutting, it Easter Stroomkanaal, de Tochtsleat en de Polderringfeart.

Fierders kamen der polderdiken en waarden ek sleatten ôfdamme. Yn it bestek stie fierder it bouwen fan twa skutslûzen, ien yn de Feanskieding, de oare yn Fjouwerhûs. Foar it drûchmealen waarden seis moles boud. De earste moles wiene De Hersteller op de Hegedyk by Sint-Jânsgea en Marsicht oan de Tsjûkemar by Reahel. Dêrnei folgen 'de moles Fjildsicht oan de Broeresleat yn Fjouwerhûs en de Gaastsicht oan de Rotstersleat by Rotstergaast. Yn 1858 waard besletten om de plassen oan de noardside fan de dyk tusken Sint-Jânsgea en Rotsterhaule drûch te lizzen oant it saneamde 'ûnlân'. Doe't it lân drûchfoel en de earste sleatten groeven waard begûn mei it drûchmeitsjen fan de plassen oan de eastkant fan de dyk tusken Aldehaske en Sint-Jânsgea en begrinze troch de dyk tusken it Hearrenfean en De Jouwer, oan de eastkant troch de feanpoldderdyk en oan de súdkant troch de Rottumerlannen. Foar dat doel waard yn 1860 waarden twa moles boud. Oan de noardside fan de Feanskieding mole De Foarútgong boud en Feansicht oan de súdkant fan de feanskieding, oan de Engelenfeart. Fan de seis moles is allinnich De Hersteller bewarre bleaun, de oaren binne ôfbaarnd of ôfbrutsen.

Yn 1929 waard in plan goedkard om de bemealing yngreven te reorganisearjen. Yn 1930 kaam by de âlde wynmole De Hersteller it nije gemaal 'De Grie', dat in gebiet fan hast 4000 bunder bemealt.

Yn 2000 kaam der noch in tredde gemaal by. De trafo fan dit nije gemaal sit yn De Grie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: