Boppe Tsjonger
De Boppe Tsjonger (Stellingwerfsk Kuunder) is in rivierke yn de gemeente Eaststellingwerf yn de provinsje Fryslân).
De Boppe Tsjonger is de oarspronklike bopperin fan de kanalisearre Tsjonger. It wetter begjint as fuortsetting fan it Hauler Djip súdwest fan De Haule. It rint nei it westen, krúst de N918, de Gaere Zwette. Dan rint er nei it suden en krúst by Prandingea oan de noardwestkant fan Easterwâlde it Grutdjip. Fierderop leit in grûndûker ûnder de Opsterlânske Kompanjonsfeart troch. Dy ferbynt de Boppe Tsjonger mei de Tsjonger en einiget neist Slûs III.
De Boppe Tsjonger is 8,6 kilometer lang en foarme foar it rjochtlûken fan de Tsjonger ien rivier. Skipfeart is net mooglik troch de keardammen yn de rivier. De Boppe Tsjonger wurdt beheard troch it Wetterskip Fryslân, foarhinne wiene dat de wetterskippen "Sevenwolden", "Tjonger Kompanjonsvaarten" en "Boven Tjonger-Grootdiep".
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Boppe Tsjonger wurdt ek skreaun as Boven-Tjonger of Boventjonger. De Topografyske Tsjinst fan Kadaster Geo-Informaasje fermeldt de wetterrin as Boven Tjonger.[1] De Stellingwerfske namme Kuunder jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme.[2]
Argeology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om de beekdalen fan dizze Tsjonger-útrin binne spoaren fan aktiviteiten fan jager-samlers út de âlde en midden-stientiid fûn, ûnder oare by Jardingea en Prandingea en op de grins fan Tsjonger en Boppe-Tsjonger by de lokaasje Lochtenrek
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|