Slûs III (Tsjonger)

Ut Wikipedy
Slûs III

Slûs III is in slûs yn de Tsjonger út 1888. Slûs III is de wetterskieding tusken de Tsjonger en de Opsterlânske Kompanjonsfeart. De slûs wurdt ek wol de Trije Tolhikkenslûs neamd, nei de buorskip dêr't er yn leit.

De slûs leit geografysk yn Easterwâlde, yn de buorskip Trije Tolhikken. It hichteferskil is sawat 2 meter.

De Tsjonger krúst hjir de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Om foar te kommen dat de beide wetterstreamen mikse leit der west fan de slûs in dûker ûnder de Opsterlânske Kompanjonsfeart troch. Njonken de slûs stiet in Slûswachterswente. Eartiids lei der in brêge by de slûs. Dy wie troch de komst fan it fiadukt foar de N381 oerstallich en is der wei helle.

Njonken de slûs stiet in pomp, sadat yn gefal fan drûchte de slûskolk folpompt wurde kin en der wetter besparre wurde kin.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]