Sierd Geertsma

Ut Wikipedy
Sierd Geertsma
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sierd Geertsma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 july, 1896
berteplak Appelskea
stoarn 21 oktober 1985
stjerplak Haulerwyk
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder,
Dichter

Sierd Geertsma (Appelskea, 16 july, 1896 - Haulerwyk, 21 oktober 1985) wie in Nederlânsk keunstskilder, tekener en dichter.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geertsma waard yn Appelskea berne as soan fan de ferver Tjeerd Geertsma en Wietske de Vries. Hy krige syn oplieding oan de Akademy Minerva yn Grins; Arnold Willem Kort krige er dêr les fan. Hy wurke in skoft as reklameûntwerper. Geertsma ûnjoech him ta skilder fan it Fryske lânskip. Fral de kontreien op syn wenplak Appelskea hat er fêstlein yn skilderijen, houtfiken en etsen. As ûnderwerpen keas er foar figuren, boeren, lânskippen en stillibbens.[1] Fierder makke er ûnder mear affysjes foar de hielûnthâldersbeweging.

Njonken skilder wie Geertsma ek dichter. Hy dichte yn it Frysk.

Wurk fan Geertsma sit yn de kolleksje fan it Frysk Museum yn Ljouwert. Museum It Bleekerhûs (de foargonger fan Museum Dr8888) krige in mânske kolleksje fan him.[2]

By de tentoanstelling "Monet & Van Gogh van Friesland" yn it Museum Dr8888 yn 2012 wiene mear as 150 wurken fan Geertsma en syn kollega-skilder Ids Wiersma te sjen.[3]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Keuning, Mariet [et al.] In het spoor van Sierd Geertsma, Appelskea, 2007
  • Jekel, Petra [et al.] Attentie! advertentie: kunst in de reclame van Sierd Geertsma en tijdgenoten, Grins, 2003
  • Karstkarel, Peter [et al.] Sierd Geertsma (1896-1985) Drachten, 1999
  • Bonne, N. Sierd Geertsma en zijn werk, Drachten, 1983

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RKD:Geertsma, Sierd
  2. Ljouwerter Krant d.d. 16 maart 1984: Onbekend werk van Sierd Geertsma
  3. Ljouwerter Krant d.d. 30 novimber 2012: Monet en Van Gogh van Friesland