Springe nei ynhâld

Peter Karstkarel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Karstkarel, Peter)
Peter Karstkarel
Peter Karstkarel
Peter Karstkarel
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerard Peter Karstkarel
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1945
berteplak Snits
wurkpaad
berop/amt keunsthistoarikus, neerlandikus, skriuwer
aktyf as publisist
jierren aktyf 1970-no
prizen Sulveren Anjer (2001)

Peter Karstkarel (folút: Gerard Peter Karstkarel; Snits, 1945) is in Frysk publisist, (keunst)histoarikus, neerlandikus, arsjitektuerkenner.[1].

Karstkarel studearre arsjitektuerskiednis yn Grins. Hy krige dêr kolleezje fan ûnder oaren Wim Beeren (1928-2000) en Ed Taverne.

Karstkarel skriuwt benammen oer arsjitektuer, byldzjende keunst en literatuer. Hy skriuwt foar de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd (keunstresensint) en Friesland Post. Hy hat oant 2006 wurke as redakteur non-fiksje by de Friese Pers Boekerij. Dêrnei waard er freelance amtner by de gemeente Ljouwert.

Karstkarel wie om 1970 hinne ien fan de oprjochters fan de Stichting MAF (Moderne Architectuur Friesland), dy't monumintale gebouwen beskermje wol.[2]

Soms publisearre Peter Karstkarel, at er dat feiliger fûn, ûnder de skûlnamme Tymen Valk; hy leverse sa b.g. koartswilige krityk op syn eigen artikels.

Kulturele manifestaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In protte fan de kulturele manifestaasjes dêr't er by belutsen is, hawwe te meitsjen mei klassike muzyk. Teffens wie er inisjatyfnimmer en organisator fan de Slachtemaraton, dy't sûnt 2000 om de fjouwer jier holden wurdt.[3]

  • 1985: Leeuwarden
  • 1985: Elfstedentocht langs monumenten en musea
  • 1987: Het Friese landschap in doorsnede
  • 1991: Renaissance in Friesland
  • 1993: Leeuwarden, beeld van een stad
  • 1994: Oranje Nassau & Friesland
  • 1998: Elfstedengids
  • 2000: Klaas Koopmans
  • 2005: 419× Friesland, in beskriuwing fan alle Fryske doarpen, flekken en stêden. Friese Pers Boekerij, ISBN 90-330-1191-3
  • 2006: Bloedmooi Wûnseradiel
  • 2007: Friese hofjes (mei Leo van der Laan)
  • 2007: Onderdak in Achtkarspelen
  • 2007: Alle middeleeuwse kerken-Van Harlingen tot Wilhelmshaven
  • 2009: 323 x Groningen (mei Klaske Karstkarel)
  • 2009: Kloosterpad 1453, Friese Pers Boekerij, ISBN 978-90-330-0928-0
  • 2010: Alle middeleeuwse kerken in Friesland, Noordboek, ISBN 978-90-330-0959-4
  • 2010: Alle middeleeuwse kerken in Groningen en Drenthe, Noordboek, ISBN 978-90-330-0960-0
  • 2011: Sierlijk bouwen, Friese Pers Boekerij, ISBN 978-90-330-0902-0
  • 2021: Wel aardig nou? Autobiografische schetsen, Bormeer Noordboek

Sekundêre auteur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1985: Kerken in Friesland (mei Sytse ten Hoeve)
  • 1987: Wat wil Rome met Friesland ? (mei oaren)
  • 1990: Stinsen en states (mei Ronald Elward)
  • 1996: De Elfsagentocht (mei Lilian Ruijters)
  • 1996: Leeuwarden (mei Johan Witteveen)
  • 1997: Elfstedentocht 1997 (einred.)
  • 1998: Woonhuizen in Friesland (mei oaren)
  • 1999: Kloosterpad (mei Nanka Karstkarel)
  • 2000: Architectuur in Fryslân (mei Jouke van den Bout en Arp Ernst)
  • 2001: De Slachte (mei Ultsje Hosper en Siem van der Woude)
  • 2002: Margareta de Heer (± 1600 - ± 1665) (mei Veerle Mans en Philippus Breuker)
  • 2002: Barend Blankert (mei Albert Blankert, Pien Braat, Grace Westendorp en Harry R. Tupan)
  • 2003: Friesland, een contrastrijke provincie (mei Erik Hesmerg en Willem Stegenga)
  • 2003: Koningin van de Potmarge (mei Koos Foekema en Truus Duisterwinkel)
  • 2003: Friesland, een contrastrijke provincie (mei Erik Hesmerg en Willem Stegenga), Friese Pers Boekerij, ISBN 90-330-1166-2
  • 1983: Frisia illustrata (mei Gert Elzinga en Dick van der Maarel)
  • 1989: Monumentaal Friesland
  • 1990: Natuurgetrouw (mei Johan Fokkema e.o.)
  • 1999: Friesland (mei Herman Conens, Theo de Witte en Johan Witteveen)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Literatuerplein oer Karstkarel
  2. Oer MAF
  3. Noorderbreedte