Wim Beeren

Ut Wikipedy
Wim Beeren (1985)

Wim Aart Louis Beeren (Sint-Joost-ten-Noode (Brussel), 29 jannewaris 1928 - Amsterdam, 21 augustus 2000) wie direkteur fan it Museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam en dêrnei fan it Steds Museum Amsterdam.

Beeren stydearre keunstskiednis en archeology yn Nijmegen en sette mei syn karriêre útein by it Gemeentemuseum De Haach.

Beeren brocht as direkteur fan it Steds Museum in stikmannich wichtige útstallingen fan ûnder oaren Kasimir Malevich, Keith Haring, Jeff Koons en Sigmar Polke ta stân. Hy brocht teffens wurken fan Andy Warhol, Piet Mondriaan en de baarch fan Jeff Koons yn eigendom fan it museum.

Beeren wie direkteur fan it Steds Museum yn Amsterdam doe't yn 1986 it wurk "Who's afraid of Red, Yellow and Blue" fan Barnett Newman fernield waard. Beeren fertroude de restauraasje fan dat skilderij ta oan de Amerikaan Daniel Goldreyer, dy't yn 't plak fan in miljoen fervestippen de kleurfakken folde mei in ferverôler. Hy hold lykwols út dat de restauraasje 'ridlik slagge' wie.

Beeren wie troud mei Dorine Mignot (1944-2018), konservator by it Amsterdamske Steds Museum. Hy stoar yn de âldens fan 72 jier yn Amsterdam.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wim Beeren - om de kunst. Opvattingen van een museumman over moderne kunst, kunstenaars, musea en kunstbeleid. Rotterdam, 2005