Museum Drachten

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Foargevel museum
Museumplein

It Museum Drachten, ek Museum Dr8888 (It eardere Museum Smellingerlân) sit yn in âld kleaster fan de Fransiskanen oan it Museumplein yn it sintrum fan Drachten. It museum mei syn galery is oansluten by de Museumfederaasje Fryslân.

Keunst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Museum Drachten toant wurk fan Fryske keunstners as Pier Pander, Ids Wiersma, Jan Planting en Sjoerd de Roos, en hat dêrneist oar wurk fan De Styl-keunstner Theo van Doesburg, syn Drachtster geastbesibben de bruorren Evert en Thijs Rinsema, en de Dada-keunstner Kurt Schwitters. Van Doesburg wies aktyf yn de sosjale wenningbou yn de Papagaaiebuert yn it sintrum fan Drachten. De keunstners hawwe meast in bining mei Drachten.

Oer de ûntwikkeling fan Drachten wurdt op de kultuerhistoaryske ôfdieleing omtinken jûn.

Kultuerhistoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist keunstwurken is der in aparte kultuerhistoaryske ôfdieling mei opdolde foarwerpen út de prehistoarje en de brûnstiid. De grutste yn Nederlân fûne trachterbeker út in grêfheuvel is opnomd yn de kolleksje. In midsiuwsk grêf opboud út kleastermoppen út it kleaster fan Smelie wurdt ek toand. Ek de ûntwikkeling fan Drachten troch de tiid wurdt yn byld brocht. Ut de mear resinte tiid is der in presintaasje te sjen fan de Philishave, in produkt dat jierrenlang makke waard troch de festiging fan Philips te Drachten.

Bibleteek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It museum hat in kolleksje boeken oer keunstners en keunststreamings dy't foar Drachten en omkriten fan belang west hawwe en ek in kultuerhistoaryske kolleksje dy't antkwaryske en konemporêre wurken befet oer de histoarje fan Drachten, Smellingerlân en Fryslân. De kolleksje is yn it museum yn te sjen en de boeken binne opnomd yn in online te rieplachtsjen katalogus. De kolleksje sit yn de Cultuurlounge fan it museum.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: