Lochem (stêd)
Lochem | ||
Stasjon fan Lochem | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Gelderlân | |
gemeente | Lochem | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N312 N332 N346 Steatsline D | |
Postkoade | 7240-7242 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 9' NB, 6° 24' E | |
Kaart | ||
- Dizze side giet oer de stêd Lochem. Foar de gemeente, sjoch: Lochem (gemeente).
Lochem is it haadplak fan de gemeente Lochem, yn 'e Achterhoeke.
geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Lochem leit oan de rivier de Berkel en ek oan it Twintekanaal en is bekend fan de tichtby lizzende Lochemse Berch. Gruttere plakken yn de buert binne de stêd Dimter yn noardwestlike rjochting en de stêd Sutfen yn súdwestlike rjochting.
Op it grûngebiet fan Lochem is in driuwwâl, dêr't it heechste punt fan foarme wurdt troch de 49 meter hege en beboske Lochemse Berch. Súdlik fan dy lege heuvel leit de Keale Berch en noardlik de Paaschberch. In grut part fan de driuwwâl is natuergebiet.
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1 novimber 1865 beskikt Lochem oer in stasjon oan de steatsline D. Fia de N332 is it ûngefear 10 km nei de A1 (Amsterdam - Oldenzaal). De N346 biedt in ûntsluting rjochting Sutfen en Hengelo. De N312 ferbynt Lochem mei Ruurlo, Lichtenvoorde en Winterswyk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|