Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk/útlizzerij posysjekaart

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Noch eefkes in fraach oan jo. Soene jo foar de ynfoboks Berjocht:Stêd mei flagge romte meitsje kinne foar de posysjekaart, lykas by de ynfoboks Berjocht:Universele ynfoboks stêd. Dan hoege wy net mear de datearre kaartsjes fan ophefte gemeentes yn de ynfoboksen te brûken.--RomkeHoekstra (oerlis) 13 okt 2022, 10.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw it besocht, mar ik krij it net foarinoar. It Berjocht:Stêd mei flagge is gjin universele ynfoboks. Sa't dy hokuspokus fan 'e posysjekaart yn universele ynfoboksen stiet, wurket it dus net. It sil grif op 'e iene of oare manear kinne, mar ik haw te min ferstân fan sokke dingen om te witten hoe. Miskien dat @Kneppelfreed: hjir ris nei sjen kin. Oars soe ik jo oanriede it Berjocht:Stêd mei flagge sûnder posysjekaart te brûken. In flagge is nammers wol wat wichtiger as in geografyske posysje; dat kin ek wol oars omskreaun wurde. Of je kinne der mei minimale muoite sels in kaartsje mei in stip foar oanmeitsje. Dat doch ik sels ek geregeld. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 okt 2022, 01.01 (CEST)[beäntwurdzje]
It is net oars, ik ha der minder ferstân fan as jo, dat ik sil my der mar net oan weagje. Wachtsje wy eefkes Kneppelfreed ôf. Yn alle gefallen betanke!--RomkeHoekstra (oerlis) 14 okt 2022, 07.12 (CEST)[beäntwurdzje]
Goeie. Ik haw dat okkerdeis ek ris besocht en pleats de posysjekaart yn it Berjocht:Stêd mei Flagge, mar koe dat doe ek net oan de praat krije. Dy ynfoboks is gâns oars as in universele of generike ynfoboks dêr't dat al yn slagge. Dus ja ik wit it ek net. Ik wol my dêr fierder net oan weagje. As jo graach in ynfoboks mei wapen en flagge en posysjekaart brûke wolle, kinne jo Berjocht:universele ynfoboks stêd brûke en flagge en wapen tafoegje, lykas hjirre en hjirre. As jo leaver it Berjocht:Stêd mei Flagge brûke wolle dan is it foarearst net oars. Dan kinne jo ien fan dy âlde kaartsjes derby brûke of sa't Ieneach seit in selsmakke kaart mei in stip.
Dat in flagge wichtiger is as de geografyske posysje bin it net mei iens. Ik fyn se allebeide like wichtich. As ik in side oer in plak of ien of oar gebou lês wol ik witte wêr't dy leit. Sa'n posysjekaart is in handich ding om sjen te litten wêr't soks leit en hat men in better idee as in omskriuwing. Foarhinne moast ik op en of nl sjen wêr't de lokaasje krekt wie. In flagge kin ek beskreaun wurde, mar in ôfbyld fan in flagge derby is ek wol handich. No't de posysjekaart wurket (yn de measte ynfoboksen) is it suver maklik om dy der even ta te foegjen. Kneppelfreed (oerlis) 14 okt 2022, 19.16 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik ha it nyskrektsa eefkes besocht mei Húns en sa wurket it wol. Ik fyn in posysjekaart ek wichtich en it liket boppedat wat profesjoneler dan kaarten fan gemeenten dy't net mear besteane (ek al ha ik nea net in soad op hân mei al dy weryndielings) of ûnbekende dielgebieten. Njonken de koördinaten wurdt mei de posysjekaart de lokaasje ek optysk dúdlik. Ik brûk tenei Berjocht:universele ynfoboks stêd wol, dan is it ek oplost. Betanke yn alle gefallen, ik bin wer wat wizer woarn! --RomkeHoekstra (oerlis) 14 okt 2022, 20.31 (CEST)[beäntwurdzje]
Even in pear dingen. Alderearst wol ik my even ferûntskuldigje foar Kneppelfreed oer. It wie justerjûn let en ik hie in oere fergriemd mei nutteleas omprutsjen en ik hie de pest yn. Doe haw ik my yn myn frustraasje net botte diplomatyk útlitten. Dat hie ik net dwaan moatten en ik wol it even rjocht sette. Ik wurdearje tige by tige alle wurk dat jo hjir dogge, en ik haw mei niget folge hoe't jo hjir dy posysjekaartboel oan 'e praat krigen hawwe. Ik fyn it moai dat it hjir no wurket, al moat ik sizze dat ik der net folle fan begryp. Wat ik hjirboppe sizze woe, is net dat ik in flagge wichtiger fyn as in geografyske posysje (yndie like wichtich), mar dat in geografyske posysje ek op oare manieren oanjûn wurde kin. Foar in flagge yn in ynfoboks bestiet neffens my gjin alternatyf. Dat jo sizze dat it no maklik is om oeral sa'n posysjekaart ta te foegjen, dêr bin ik it dan wer net mei iens, want as ik it goed begrepen haw, moatte jo fan alle lannen en alle provinsjes fan alle lannen en alle plakken fan alle provinsjes fan alle lannen earst in berjocht:posysjekaart oanmeitsje. Ik wit net hoe't dat moat. En jo brûke no oeral sa'n blau baltsje om 'e lokaasje oan te jaan, mar by bergen is it eins wizânsje om in trijehoekje te brûken en by ruïnes trije puntsjes en by episintra fan ierdbevings in bullseye. Dat sil ek wol wer yngewikkeld wêze, tink.

Ieneach, ik kin my bêst foarstelle dat jo lêbich wiene, want it kin o sa frustrearjend wêze dat je in soad tiid fergrieme en dat soks dan net slagje wol. Ik haw my bytiden de hier hast ek wol fan 'e kop skuord, wannear't soks net slagje woe. Ik bin bliid dat jo niget oan de posysjekaarten hawwe. It wie yndie in soad ompielen. Ik woe it noch ienris besykje want ik fyn se wol professioneler lykjen en in soad oare (ik tink hast de measte) wiki's brûke se al, en wy sieten noch mei dy âlde meuk om te avensearjen (mei alle respekt foar de eardere meidoggers dy't dy kaarten oanmakke hawwe). Ik woe sizze dat no't de posysjekaarten yn in stikmannich ynfoboksen ferwurke sitte, dat it maklik is om se oan te meitsjen. Jo type de posysjekaartnamme yn en folje de koördinaten yn en klear is Kees. Ja dêr stiet foaroer dat der in soad posysjekaarten oanmakke wurde moatte, mar dat is alhiel net dreech hear. Ik hie yn in koart skoftke tiid al in hile rits posysjekaarten oanmakke. Sjoch hjir bygelyks. Jo kopiearje dit oer en moatte de kaartbestân en koördinaten oanpasse. Dat kinne je dwaan om nei bygelyks de nederlânske of dútske te sjen hokfoar kaart en de koördinaten te brûken. Ek is der de mooglikheid sa as bygelyks hjir op Berjocht:Posysjekaart Itaalje twa kaarten te brûken, mar de twadde kaart (de reliëfkaart) te brûken woe my dochs net slagje sa't ik hjir yn de Berjocht:Universele ynfoboks see en mar besocht te dwaan. Doe haw ik mar gewoan in apart Berjocht:Posysjekaart Itaalje-reliëf oanmakke, sa't dy hjir op Mar fan Bolsena brûkt is. Der binne mear ikoantsjes om de lokaasje oan te jaan. Ik moat se allegear noch even fine, om't dit noch "work in progress" is om mar sa'n ûnnoazele Ingelske term te brûken. Ik haw op it Berjocht:Ynfoboks lofthaven in ikoantsje fan in fleantûch oanmakke sa't dy hjir op Fleanbasis Ljouwert en Amelân Fleanfjild Ballum te sjen is. Sa moatte der ek ien fan in berch, ruïne ensfth. wêze. Dat kinne je yn de ynfoboks oanmeitsje. Hjir yn de ynfoboks lofthaven stiet dit |mark={{{mark|Airplane-logo.png}}} foar it fleantúchikoantsje en hjir yn Berjocht:Universele ynfoboks stêd stiet dit |mark={{{mark|Blue pog.svg}}} foar it blauwe baltsje. Dus sadwaande. Ik hoopje dat ik it wat dúdliker makke haw, want dingen útlizze is net myn sterkste punt. Kneppelfreed (oerlis) 15 okt 2022, 19.04 (CEST)[beäntwurdzje]

Tank foar jo útlis, dat wie tige ferhelderjend. Jo hawwe gelyk, it liket profesjoneler en as it ienris wurket, dan is it ynfolwurk maklik genôch. Ik fyn dy fleanfjilden mei dat fleanmasine-ikoantsje hiel leuk. Ik haw it no krekt even besocht mei in nije ynfoboks oer ierdbevings, mar ik moat sizze, it is wol yngewikkeld, hear. It is úteinlik slagge, mar it wie in hiel gepiel om it oan 'e praat te krijen. No moat ik der by sizze dat ik de boel ek net streekrjocht fan jo kopiëarre haw, want ik bin eigenwiis en ik woe dy posysjekaart boppe-yn 'e ynfoboks hawwe ynstee fan ûnderyn. Hawar, it is klearkommen, sjoch: Ierdbeving fan Dubrovnik (1667) en Ierdbeving fan Zagreb (1880). Fraachje: jo hawwe yn 'e ynfoboksen, bgl. hjirre hieltyd |lat_dir={{{lat_dir|N}}} en |lon_dir={{{lon_dir|E}}} stean (mei N en E deryn), mar wurket in posysjekaart yn sa'n ynfoboks dan wol as de posysje op it súdlik (S) of westlik (W) healrûn is? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 okt 2022, 02.28 (CEST)[beäntwurdzje]
No hartstikke moai. Jo meie bêst eigenwiis wêze hear. Hoe't jo de ynfoboksen ynfolje wolle stiet jo fansels frij. Ja de posysjekaart wurket op alle healrûnen, sjoch mar hjir op Stellenbosch en Franschhoek yn Súd-Afrika en Pontevedra yn Spanje, dat winliken al op it "westlik healrûn" leit. Kneppelfreed (oerlis) 16 okt 2022, 03.55 (CEST)[beäntwurdzje]
Okee. Tankjewol foar it checken. (Ik nim teminsten oan dat dat de reden is dat jo de posysjekaart hjoed oan dy beide plakken yn Súd-Afrika tafoege hawwe.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 okt 2022, 22.54 (CEST)[beäntwurdzje]
It wurket dochs noch net goed. Ik haw de posysjekaartboel yn Berjocht:Ynfoboks berch tafoege. Doe woe ik de Mount Kosciuszko yn Austraalje dwaan, mar dêr ferskynde de kaart wol, mar de 'oanwizer' net. Mar doe't ik deselde ynfoboks brûkte en dêr de koördinaten fan 'e Mar fan Bolsena yn sette ynstee fan dy fan 'e Mount Kosciuszko, ferskynde de oanwizer wol. Earst tocht ik dat ik de koördinaten by de Mount Kosciuszko net goed ynfierd hie, mar dêr lei it net oan. Doe't ik nei lang eksperimintearjen de S by it lemma lat_dir feroare yn in N, ferskynde de oanwizer ynienen wol. Dat kloppet fansels net, want de Austraalje leit dúdlik op it súdlik healrûn. Sa't ik it no begryp, moatte je by lat_dir en lon_dir dus altyd N en E ynfolje, ek as it S en W is. Kin dat net oars, want dat is fansels net út te lizzen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 okt 2022, 00.17 (CEST)[beäntwurdzje]
Hoi Ieneach, ik wit al wat it probleem is. Yn de ynfoboksen moat foar de rjochtingen altyd N en E stean sa as hjir. En dan moatte je op de posysjekaart foar it westlik of súdlik healrûn in "-" foar de posysjekoördinaten sette, sa as hjirre. Wêrom dat sa is wit ik net, mar sa binne dy posysjekaarten ienris yninoar breide. Hawar ik haw it probleem oplost en jo kinne no de wiere rjochting brûke sa't ik hjir yn feroare haw. Dus hoopje ik dat dit wer wat dúdliker wurden is. Groetnis Kneppelfreed (oerlis) 17 okt 2022, 03.43 (CEST)[beäntwurdzje]
Tige tank foar de help. Dêr wie ik sels net útkommen, wol 'k leauwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 okt 2022, 22.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Dei Ieneach fan 'e Esk, ik bin tige bliid dat jo sa'n niget mei de posysjekaarten hawwe. Ien dinkje noch. Soene jo nei't jo in posysjekaart oanmakke hawwe, se ek mei oare wiki's te keppeljen. Dat kin bygelyks mei it ingelske module:location map/data/XXX; dútske vorlage:Positionskarte XXX; nederlânske sjabloon:positiekaart XXX; frânske Modèle:Géolocalisation/XXX. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 31 okt 2022, 21.26 (CET)[beäntwurdzje]