Ierdbeving fan Dubrovnik (1667)

Ut Wikipedy
Ierdbeving fan Dubrovnik
Ierdbeving fan Dubrovnik (Kroaasje)
Ierdbeving fan Dubrovnik
plak en tiid
datum 6 april 1667
lân Republyk Ragûsa
plak Dubrovnik en omkriten
koördinaten 42°39′43″N 18°5′28″E
bysûnderheden
type ramp ierdbeving
krêft tige swier
yntinsiteit IX-X op 'e EMS
gefolgen
deaden 5.000
ferwûnen ûnbekend
skea tige grut

De ierdbeving fan Dubrovnik wie in swiere ierdbeving dy't op 6 april 1667 de eastkust fan 'e Adriatyske See trof. It episintrum lei deunby de stêd Dubrovnik (histoarysk bekend as Ragûsa), yn it tsjintwurdige Kroaasje, dat doedestiden de haadstêd wie fan 'e ûnôfhinklike Republyk Ragûsa.

Dizze ierdbeving wie ien fan 'e beide meast ferwoastgjende ierdbevings dy't it hjoeddeiske Kroaasje yn 'e ôfrûne 2.400 jier troffen hawwe (de oare wie de ierdbeving fan Zagreb yn 1880). Hast de hiele stêd Dubrovnik waard ferwoastge en trijefearn fan 'e regearingsgebouwen waard mei de grûn lyk makke. Der kamen nei skatting 5.000 minsken om, wêrûnder Šišmundo Getaldić, de rektor (hearsker) fan 'e stêd.

Yn 'e mande mei it tebekrinnen fan 'e hannel yn it Middellânske-Seegebiet dat it gefolch wie fan 'e feart op 'e East troch Westjeropeeske lannen, markearre de ierdbeving fan 1667 it begjin fan 'e ein foar de Republyk Ragûsa. Behalven dielen fan it moderne Kroaasje, waarden ek gebieten troffen dy't no ta Bosnje-Hertsegovina en ta Montenegro hearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.