Franschhoek

Ut Wikipedy
Franschhoek
De Franschhoekdelte
De Franschhoekdelte
Polityk
Lân Súd-Afrika
Provinsje West-Kaap
Distrikt Kaapse Wynland
Sifers
Ynwennertal 17.556 (2011)
Oerflak 7,05 km²
Befolkingsticht. 2.490 / km²
Oar
Stifting 1688
Tiidsône UTC+2 (SAST)
Koördinaten 33° 54' 30" SB 19° 07' 02" EL
Kaart
Franschhoek (West-Kaap)
Franschhoek
West Kaap mei de wynlannen
Wyngert by Franschhoek

Franschhoek is in doarp dat sûnt 2000 yn de gemeente Stellenbosch leit. De gemeente leit yn de Súd-Afrikaanske provinsje West-Kaap. It doarp leit op likernôch 75 kilometer fan Kaapstêd, der wenje likernôch 18.000 minsken. It is ien fan de âldste delsettings fan Súd-Afrika.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp stie earder bekend as de Olifantshoek (Oaljefantshoeke), om it grutte tal oaljefanten dy’t hjir yn de delte wienen. Yn 1688 kamen hjir de earste 176 Hugenoaten wenjen, se wienen nei it wer ynlûken fan it Edikt fan Nantes earst fan it katolike Frankryk nei Nederlân flechte. Yn Nederlân wie godstsjinstfrijheid en sadwaande kamen se yn tsjinst by de Feriene Eastyndyske Kompanjy en farden se nei de Kaapkoloanje. De Hugenoaten waarden troch it FEK-belied oer de heule Kaapkoloanje ferspraat, mar by de Oaljefantshoeke ûntstie dochs in konsintraasjegebiet.

Al gau feroare de namme fan it gebiet nei Fransche Quartier en Fransche Hoek. Yn de 18e iuw waard Franschen Hoek de amtlike namme foar it doarp. De Frânsen neamden harren nije pleatsen nei de lokaasje dêr’t se wei kamen. Nammen as La Motte, La Cotte, Cabrière, Provence, Chamonix, Bien Donné, Champagne, Dieu Donné en La Dauphiné wienen inkele nammen. De measte fan dizze pleatsen besteane hjoed de dei noch, ûnder deselde namme. Dizze pleatsen binne no faak útgroeid ta wynmakkerijen. Sa is Bien Donné tsjintwurdich in wichtich lânbou ûndersykstasjon.

By Franschhoek stiet it Hugenoaten Monumint, dat op 17 april 1948 ûntbleate waard. It museum dat dêr ek stiet ferhellet de skiednis fan de Frânske kolonisten.

De Kaapsk-Hollânske arsjitektuer is der noch hieltyd yn it doarp. It wurdt tsjintwurdich bewarre en der binne grinzen steld oan útbou, renovaasje en nijbou yn it doarp om it âlde oarspronklike foarkommen fan de delsetting te behâlden.

Hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lange tiid hat Franschhoek in lyts doarp west, mar sûnt it begjin fan de jierren ’90 yn de foarige iuw begûn it doarp te groeien, de hûzeprizen yn it gebiet binne bot omheech gien. It klimaat en de lokaasje tichtby Kaapstêd hawwe fan Franschhoek ien fan de meast populêre wengebieten makke. De bou fan in Ingelske priveeskoalle yn it doarp hat der foar soarge dat der in soad minsken har' yn it doarp nei wenjen setten.

Franschhoek beskikt oer inkele fan de bêste restaurants fan Súd-Afrika. Dit, tegearre mei de wynkultuer, de net-skansearre natoer en de arsjitektuer fan it doarp hawwe der ta laat dat Franschhoek ek wol de “iten en wyn haadstêd” fan Súd-Afrika neamd wurdt.

De foardielen fan Franschhoek hawwe fan it doarp in populêre toeristyske bestimming makke. Mei in grut ferskaat oan bêd en brochjes en lytse apparteminten dy’t te hier binne tsjin lege prizen. It doarp is tsjintwurdich in toeristyske attraksje dy’t tegearre mei Stellenbosch fan Kaapstêd ôf faak besocht wurdt mei ekskurzjes.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]