Edikt fan Nantes

Ut Wikipedy
Edikt fan Nantes

It Edikt fan Nantes waard op 13 april 1598 útfeardige troch de Frânske kening Hindrik IV. De hugenoten krigen rjochten op útoefening fan harren leauwe en garnizoensrjocht yn in pear Súd-Frânske stêden. Dat makke ûnderdiel út fan de polityk fan Hindrik IV om de godstsjinstige twisten yn Frankryk te beëinigjen.

De foarnaamste bepalings wiene:

  • gewissefrijheid yn heul Frankryk;
  • it rjocht godstsjinstoefeningen te hâlden yn de al hjirfoar foar brûkte tsjerken, yn kastielen fan protestantske eallju en yn ien stêd it distrikt, útsein Parys;
  • folsleine boargerrjochten: frije hannel, erfrjocht, tagong ta amten, ûnderwiisynstellings;
  • it besetten fan de helte fan de sitten yn de hannelskeamers;
  • it rjocht fan it lizzen fan in troch de kening beleane garnisoen en it hâlden fan synoades yn in hûnderttal feilichheidsplakken.
It kastiel fan de hartoggen fan Bretanje yn Nantes, dêr't it Edikt útfeardige waard

It edikt soarge yndie foar de winske frede in pear desennia lang, oant Richelieu de Hugenoaten yn 1629 harren rjochten wer ôfnaam. Loadewyk XIV, dy't mei it âlder wurden hieltiten devoater katolyk waard, luts it edikt yn 1685, ûndanks de protesten fan syn bychtheit François d'Aix de La Chaise, definityf yn, wêrnei't 50 000 Hugenoaten nei Nederlân, Ingelân en de Kanaaleilannen ta flechten. Nei it ynlûken fan it Edikt fan Nantes yn oktober 1685, hjit it formeel Edikt fan Fontainebleau.