Pontevedra (stêd)

Ut Wikipedy
Pontevedra
Emblemen
               
Polityk
Lân Spanje
Autonome regio Galysje
Provinsje Pontevedra
Comarca Pontevedra
Sifers
Ynwennertal 83.260,
(2020)
Oerflak 118.3 km2
Befolkingsticht. 700 inw./km2
Oar
Stifting 1200 f.Kr.
Koördinaten 42° 26' NB, 8° 39' WL
Lokaasje fan de gemeente Pontevedra yn Galysje
Lokaasje fan de gemeente Pontevedra yn Galysje
Offisjele webside
www.pontevedra.gal
Kaart
Pontevedra (Spanje)
Pontevedra

Pontevedra is in stêd en gemeente yn de Spaanske provinsje Pontevedra yn de regio Galysje mei in oerflakte fan 118 km2 Yn 2020 telde Pontevedra 83.260 ynwenners. It is ek de haadstêd fan de provinsje en comarca Pontevedra.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente grinzget yn it noarden oan de gemeenten Barro en Moraña, yn it noardwesten oan Campo Lameiro, yn it easten oan de gemeente Cotobade yn it súdeasten oan Ponte Caldelas, yn it suden oan Soutomaior, yn it súdwesten oan de gemeenten Vilaboa en Marín, yn it westen oan de Atlantyske Oseaan, de Ría de Pontevedra en de gemeente Poio, yn it noardwesten oan de gemeente Meis. Yn it suden hat de stêd in lytse tagong ta de Ría de Vigo, yn de punt fan O Castelo, dêr 't in lyts eilân leit (Illa do Castelo) dat ta de gemeente Pontevedra heart.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It klimaat is in tuskenbeiden seeklimaat. De trochsneed temperatuer is 15°C, mei in skommeling fan 10°C (10°C is de trochsneed temperatuer yn jannewaris, 20°C is de trochsneed temperatuer yn july). Oer it algemien is de regio tige wiet mei in delslach fan 1700 -1900 mm yn it jier, en yn trochsneed 102 dagen mei rein.

Demografyske ûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarne: INE; 1857-2011: folkstelling
Opm: Oanhechting fan Berducido (1857), Alba, Mourente, Salceda (1877), Geve (1950) en Puente Sampayo (1960)

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte arbeidsplakken binne yn de tsjinstesektor. Fanwegen de geografyske lizzing is de stêd wichtich as sintrum fan lokale hannel en as toeristestêd. Pontevedra is de haadstêd fan de provinsje en in administratyf sintrum. Tagelyk is der in relatyf grut tal militêren oanwêzich yn de sône, foar in part fanwegen de militêre seefeartskoalle yn Marín, dêr't de offisiers fan de Spaanske float oplaat wurde. Fierder is der de basis General Morilla, yn Figueirido dêr't de lânmachtbrigade Galicia VII stasjonearre is.

Yndustry en boskbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd is in sintrum foar de boskbou deromhinne en it grutste papierfabryk fan Spanje is dêr fêstige. Yn Pontevedra hat de CIFA, in wichtich ûndersyksynstitút fan de Spaanske oerheid op it mêd fan boskbou.

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pontevedra hat in histoarysk stedssintrum, mei gebouwen yn goatyske en Romaanske arsjitektuer. It sintrum hat in tal pleinen wêrûnder de Plaza de la Verdura, Plaza de la Ferreira en de Plaza de la Leña. De goatyske arsjitektuer is werom te finen yn de basilyk fan Santa María en yn de resten fan it kleaster fan Santo Domingo.

Der binne ferskate musea yn de stêd, wêrûnder it Museo Provincial de Pontevedra en it museum fan Keltyske keunst, it Museo del Arte Celta. Tichteby Pontevedra binne ferskate lytsere doarpen en stêden dy 't benammen Spaanske toeristen lûke, lykas Sanxenxo, O Grove en it eilân Illa da Toxa.

Berne yn Pontevedra[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]