Springe nei ynhâld

Rummikub

Ut Wikipedy
Rummikub-logo.
Stientsjes en rekjes fan Rummikub.

Rummikub is in set spulstientsjes, dy't in dûbbelt pak spylkaarten mei joker ferbyldzje. Lykwols binne de kaartkleuren ferfongen troch de kleuren Swart, Rea, Blau, en Giel, mei in swarte joker en in reade joker.

De stienen binne fral betocht foar spultsjes dêr't in protte kaarten foar útlein wurde moatte. It spul wat it meast spile wurdt mei de rummikub-stienen is Sabra. Dy assosjaasje is sa sterk, dat immen dy't seit "rummikub" te spyljen, ornaris sizze wol dat er Sabra spilet. Lykwols binne der ek oare spullen oanwiisd as goed te spyljen mei rummikubstienen.

Yn 1997 waard Rummikub XP útbrocht by Goliath, wat trije pakken stienen hat, plus twa jokers. Dat soe betsjutte dat der 158 stientsje binne. Lykwols wurdt der oanjûn dat it 160 stientsje binne, dat dan moatte der fjouwer jokers by wêze. Dizze ferzje had deselde regels.

Troch ferzjes fan binneûnder oaren in ferzje mei 214 stientsjes, foar 8 spilers, en Rummikub Twist, wat oare regels hat foar wat bygelyks it tal jokers. Fierders binne der Junior en Kids ferzjes mei kaartkleuren fan net mear as tsien kaarten.

Rummikub waard yn 1980 wurdeare as Spiel des Jahres.