Springe nei ynhâld

Dillesyl

Ut Wikipedy
Dillesyl

De Dillesyl wie in syl dêr't de Slachte de Snitser Trekfeart krúst. De krusing fan dyk en wetter is der noch, De Dille, mar sûnt de njoggentiger jierren fan de 20e ieu is dy dyk gjin wetterkearing mear. Foar dy tiid wie dit ien fan de kearslûzen yn 'e dyk. Dat wol sizze, dat der balken by leinen dy't allinnich by heechwetter ynskood wurde koenen.

De krúsing is ûntstien troch de dwersdyk, de Krinzer Earm, dy't om 1200 de dyken ferkoarte trochdat er de weromwûne Middelsee dêr ôfslet. Nei 1500 waard de trekfeart de Swette bylâns groeven, en dan fierder as in nije feart fan de Krinzer Earm ôf fierder. De feart giet dan tusken Boazum en Dearsum troch, oant de bocht by De Flearen ta. Dêr makket de feart in bocht nei it suden en rint dan troch de eardere Skerhim by Skearnegoutum del nei Snits, dêr't de feart by de Stoersebrêge oanslút op de stedsgrêft.

Dy krusing makke in syl nedich, foar at it spûkje soe. Dy lokaasje waard ferneamd, mei dat der iisherbergen by de oergang kamen. It wie ûnder mear it plak dêr't de hynders fan de trekskippen wiksele waarden. De brêge, dy't der hieltiid noch leit, hjit de Dillebrêge. De namme "Dille", soe oantsjutte dat it eartiids net in folsleine brêge wie, mar net folle mear as in barte. Lykwols soe it ek kinne dat de "dealje" slacht op it houtwurk dat nedich wie foar de kearslûs.

Hjoed-de-dei is de "Krinzer Earm" net mear as in dyk tusken Easterwierrum en Raerd. As de Slachtemaraton holden wurdt, is dit it punt dêr't de minsken sjogge dat de ein helber wêze moat.

Silen fan de Slachtedyk

GetswerdersylKystersylSkieppesylPayesylKrommesylTolsumersylHidaardersylBoazumersylSânleanstersylDillesyl