Krinzer Earm
Appearance
De Krinzer Earm is in planwei tusken Easterwierrum en Raerd.
De namme komt fan krense, krenze dat bocht betsjut. It wie eartiids in dwersdyk dy't yn de Middelsee nijlân foarme om 1200 hinne. De dyk is al iuwen ûnderdiel fan de Slachtedyk. De eardere draaibrêge mei ôfslútbere iepening oer de Swette, koart nei 1500 groeven, hjit Dillebrêge, by de Dillesyl. Hjir stie yn it ferline in iisherberch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|