Springe nei ynhâld

Payesyl

Ut Wikipedy
Payesyl by Achlum

Payesyl is in eardere slûs yn de Slachtedyk oan de eastkant fan Achlum. Payesyl leit oan de Arumer Feart en is ûnderdiel fan de eartiids wichtige wetterferbining tusken Frjentsjer en Boalsert.

De syl yn de Slachtedyk hie in slachdrompelhichte fan 4,90 m. De syl waard ûnderholden troch de eigeners fan de noardliker steande state Grut Dearsum, ek wol ‘Poartepleats’ neamd. Yn 1872 waard it ûnderhâld oernomd troch it wetterskip fan de Fiifdielen Seediken Binnendyks. De Payesyl en ek Tolsumersyl hiene net folle betsjutting foar de skipfeart en ôfwettering. It belang wie eartiids mooglik grutter doe't de Marneslinke noch bestie. Middels dy slinke koe it wetter rjochting Harns en Surch útrinne yn de Waadsee.

Njonken de brêge stiet in monumintale brêgewachtserswente. It hûs is oplutsen út giele stien mei hjir en dêr siermitselwurk en op it sealtek smoarde Lukas Ysbrandpannen út it panwurk fan Draisma de Vries dat justjes noardliker oan de feart stien hat. Oan de eastkant fan Achlum begjint in stik Slachte by in ruilferkavelingsboskje fan popels.

Keunstskilder Abe Gerlsma makke yn 2005 in skildering fan Payesyl. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Slachte – troch U.G. Hosper, Gerard Peter Karstkarel en Siem van der Woude.
  1. De Slachte by Payesyl, Abe Gerlsma, 2005
Silen fan de Slachtedyk

GetswerdersylKystersylSkieppesylPayesylKrommesylTolsumersylHidaardersylBoazumersylSânleanstersylDillesyl