Springe nei ynhâld

Boazumersyl

Ut Wikipedy
Boazumersyl

Boazumersyl is in historyske brêge mei kearslûs (syl) yn de Boazumer Feart yn Boazum. De Boazumersyl út 1527 yn de gritenij Baarderadiel wie fan belang foar Frjentsjer foar de trochfeart nei de Middelsee.[1]

De syl siet yn de Slachtedyk, dy’t de gemeente Frjentsjerteradiel trochkruse fan súd nei noard, fan “Jorna hûs” oant Getswerdersyl. De Slachtedyk hie tsien silen (slûzen) foar ôfwettering en skipfeart, wêrûnder Boazumersyl.

De Boazumesyl hie in drompelhichte fan 3,75 m NAP. De slûs waard ûnderholden troch de Fiifdielen Seediken Binnendyks.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Slachte – troch U.G. Hosper, Gerard Peter Karstkarel en Siem van der Woude.
  1. Abraham Jacob van der Aa : Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden, Folume 2, diel 2 side 42
Silen fan de Slachtedyk

GetswerdersylKystersylSkieppesylPayesylKrommesylTolsumersylHidaardersylBoazumersylSânleanstersylDillesyl