Springe nei ynhâld

Krommesyl

Ut Wikipedy
Krommesyl
Nije Kromme of Slachtebrêge
Grinspeal Slachtedyk, dyk nei Kûbaard-Frjentsjer-Wommels

Krommesyl (ek wol of Littensersyl) is in syl (slûs) by de Nije Kromme en de Boalserter Trekfeart. De syl wie earder de grins op de Slachtedyk tusken de dykfekken fan Frjentsjerteradiel en Hinnaarderadiel.

De syl siet yn de Slachtedyk hat in brêge mei ôfslútbere iepening yn de wei oer de Boalserter-Ljouwerter Trekfeart oan de súdwestkant fan Wommels. De namme ûntstie troch de krommings yn it farwetter. Brêge de Nije Kromme (eins in lyts fiadukt) ferbynt it súdlike part fan de Slachtedyk mei it noardlike part, dêr't it yn 'e 1970-er jierren fan ôfsnien waard troch de oanlis fan de N359. Tsjintwurdich is de Krommesyl in betonnen brêge mei sponnings yn de trochfeartiepening wêryn't de skotbalken, dy't njonken de brêge lizze, dellitten wurde kinne.

De ûnderhâldsplicht lei fanâlds by de pleats Hottingastate by Wommels. Yn 1845 waard de syl fernijd en doe in stikje ferpleatst yn súdlike rjochting sadat in pear lestige bochten yn de trekfeart rjochtlutsen wurde koene. De Slachtedyk hie tsien silen (slûzen) foar ôfwettering en skipfeart, wêrûnder Krommesyl.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Slachte – troch U.G. Hosper, Gerard Peter Karstkarel en Siem van der Woude.
Silen fan de Slachtedyk

GetswerdersylKystersylSkieppesylPayesylKrommesylTolsumersylHidaardersylBoazumersylSânleanstersylDillesyl