Getswerdersyl (slûs)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
It monumint foar de eartiidske slûs "Getswerdersyl" yn de Slachtedyk

De Getswerdersyl wie de noardlikste slûs yn de Slachtedyk. De syl yn de Slachtedyk krige syn name troch it eartiidske buorskip Gaetswerd yn Barradiel. Troch de slûs waard wetter út Eastergoa ôffierd nei de Waadsee by Roptasyl. Oarspronklik wie de slûs partikulier besit van de famylje Liauckama, de bewenners fan de Liauckamastate ûnder Seisbierrum. Sûnt de 17e iuw rekke de slûs yn ferfal. Dat wie foar de provinsje Fryslân de reden om de slûs oer te nimmen. Yn 1841 waard de slûs hielendal fernijd en fergrutte. It wie de ienige slûs yn de Slachte mei doarren, dêr't de slûs mei iepene en sluten wurde koe. Yn 1982 waard de slûs sloopt. Op it plak fan de slûs stiet no in betinkingsmonumint, wêryn't de oarspronklike tinkstienen fan 1841 ferwurke binne(sjoch ôfbyld). De sloop betsjutte foar de Alvestêdetocht dat dit plak net mear op redens foarby riden wurde koe en dat der in klúnplak makke wurde moast.

De bebouwing yn de omkriten hat de namme fan de slûs Getswerdersyl krigen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hosper, Ultsje (et al.) - De Slachte, side 50, útjouwerij Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2001