Springe nei ynhâld

Sânleanstersyl

Ut Wikipedy
Sânleanstersyl

Sânleanstersyl is in brêge mei kearslûs yn de Slachtedyk oer de Snitser-Frjentsjerter Sylfeart yn Reahûs (Hinnaarderadiel).

De syl by Sânlean waard boud yn 1527 om skipfeartferkear tusken Snits en Frjentsjer mooglik te meitsjen. Snits naam oanlis en ûnderhâld foar syn rekken. Letter betellen stêd en seewarrend wetterskip Der Vijf Delen Zeedijken Binnendijks elk de helte fan it ûnderhâld.

De Sânleansterdyk, fan Reahûs nei Lytsewierrum, is ûnderdiel fan de orizjinele ringdyk om de memmepolder Easterein-Lytsewierrum. De namme ferwiist nei it Sânlân. It Sânlân wie in wat heger lizzend stik yn it eartiidske kwelderlânskip. Oer de krús fan dizze dyk waard de Slachtedyk oanlein. It sânlân foarme tagelyk de kearn fan it wetterskip op it nije lân fan de ynpoldere Middelsee. It ‘Sânleanster rjocht’ is opnomd yn in oarkunde út 1381. It wetterskip is dêrmei ien fan de âldste yn Fryslân.[1]

Yn it wapen fan Reahûs stiet de giele keperkleur symboal foar de Sânleanstersyl.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Silen fan de Slachtedyk

GetswerdersylKystersylSkieppesylPayesylKrommesylTolsumersylHidaardersylBoazumersylSânleanstersylDillesyl