Springe nei ynhâld

Fiifdielen Seediken Binnendyks en Bûtendyks

Ut Wikipedy
Fiifdielen Seediken Binnendyks en Bûtendyks
Fryslân mei de eardere Middelsee

Fiifdielen Seediken Binnendyks en Bûtendyks wie in dykwetterskip yn it noardwesten fan Fryslân. It seewarrende wetterskip bestie fan 1571 oant 1868 en hie in oerflak fan ûngefear 38.295 ha. De fiif dielen ferwize nei de Frjentsjerter Fiifdielen, de fiif gritenijen Barradiel, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, Baarderadiel en Hinnaarderadiel. De organisaasje is letter opdield yn in Fiifdielen Seediken Binnendyks en Fiifdielen Seediken Bûtendyks.

De Fiif Dielen nimme yn de wettersteatsskiednis in wichtich plak yn. Sûnt de Midsiuwen oant 1 jannewaris 1980 wie de namme ferbûn mei de Fryske seediken dy’t de swierste klappen opfange moasten:de diken tusken Koehoal oan de noardkant fan Harns en Makkum en oan de súdkant dêrfan. Yn 1980 binne de wetterskippen fan de Fiif Dielen Seediken Binnendyks’ en de Fiif Dielen Seediken Bûtendyks’ opgien yn it grutte see- en Iselmarkearende ‘Wetterskip Fryslân’.

De Frjentsjerter Fiifdielen wie in earder distrikt fan Westergoa, oarspronklik bekend ûnder de namme Froneckere. Foar 1300 al waard de namme Froneckere ferkrongen troch it tanimmende belang fan de gearstallende lytsere ienheden. Dochs bleaune de Fiifdielen as ienheid bestean oant yn de 15de iuw. Dêrnei beheinde de aktiviteiten har ta de saneamde Fiifdielendiken. De 24 kilometer lange Fiifdielendyk rûn as seedyk tusken Dykshoeke ûnder Furdgum en Makkum. Sûnt 1533 wie de dyk yn ûnderhâld by de Fiifdielen by Frjentsjer en Harns en de sân doarpen fan Wûnseradiel. De Fiifdielendyk waard yn 1575 en 1579 yn twa gelikense stikken opsplitst oangeande it ierd- en pealwurk. De grins lei by de Stiennen Man, súd fan Harns. It bûtenberin fan de dyk hie in swiere stienbeklaaiing, de krúnhichte by de Ofslútdyk wie +6,6 m NAP, by Dykshoeke +5,6 m NAP. De pealwurken binne opromme. Yn de Fiifdielendyk lizze de havenwurken fan Harns, de Tsjerk Hiddesslûzen en de Roptasyl. Foar de oanlis fan de Ofslútdyk wie der noch in dykferheging. It ûnderhâld, sûnder dat yn Harns, lei foar it diel súd fan Harns by it seewarrend wetterskip Fiifdielendyk Seediken Bûtendyks, foar it diel noard fan Harns by it seewarrend wetterskip Fiifdielendyk Seediken Binnendyks.

De grutte betsjutting fan it wetterskip blykt út in skinking fan in fergulde sulveren pronkbeker fan booddykgreve Carel George fan Wassenaer Obdam op 11 april 1777 oan it dykbestjoer fan it wetterskip. Hy lange de beker oer mei de wurden: ‘’Vergunt mij, wijders, dezer vergadering aan te bieden en aan beide Contributiën te mogen schenken dezen ouden Beker, afkomstig uit het oud adellijk geslacht der Grovestinsen’’. In booddykgreve wie binnen in wetterskip ferantwurdlik foar it behear en ûnderhâld fan diken en wetterkearings. De beker waard yn 1882 troch it wetterskip yn brûklien jûn oan it Frysk Museum yn Ljouwert.

Fiifdielen Binnendyks

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wapen fan Seewarrend Wetterskip fan de Fiifdielen Binnendyks

Seewarrend wetterskip Fiifdielen Seediken Binnendyks hat sûnder de seewarring in oerflak fan sirka 27948 ha. It gebiet fan dit wetterskip hat tegearre mei dat fan de Fiifdielen Seediken Bûtendyks de eardere Kontribúsje fan de Fiifdielen Seediken en noch earder it froegere distrikt Fiifdielen beslein. Oan it gebiet fan de Kontribúsje, dêr ’t oan tafoege waarden inkele doarpen fan Wûnseradiel, dêr’t men ‘binnen’ lei waard yn 1533 it Grut Arbitramint tawiisd it ûnderhâld fan de seedyk tusken Dykshoeke en Makkum.

By de lettere útwurking waard oan bepaalde doarpen, kleasters of oare ûnderhâldsplichtigen in bepaald stik fan de dyk (ierdwurk) yn ûnderhâld tawiisd, wylst de kosten fan pealwurk en haden omslein waarden. Dizze regeling grypte foar in part werom op eartiids makke regelingen. By de ferdieling fan de dyklêst waard fierder ûnderskied makke tusken binnendyks en bûtendyks lizzende grûnen. De lêste krigen in grutter oandiel yn de lêst fan it ûnderhâld as it earste, omdat de binnendikers beskerme waarden troch en belêste wiene mei it ûnderhâld fan in binnendyk (slieperdyk). By de Fiifdielen Seediken is it ûnderskied tusken binnen- en bûtendyks lang bestean bleaun, nettsjinsteande de dyk (yn dit gefal de Slachtedyk) en de eartiidske Middelseedyk as seewarring (slieperdyk) net folle mear te betsjutten hie. It duorjende skeel oer it ûnderhâld fan de seediken ûnder mear tusken binnendikers en bûtendikers, wêroan it Grut Arbitramint in ein besocht te meitsjen, duorren ek nei 1533 troch, benammen nei dyktrochbraken (ûnder oare 1570 Alderheljenfloed) en laten ta in neiere regeleing fan de Fiifdielen Seediken, opnij troch arbitraazje.

Caspar de Robles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under lieding (en druk?) fan it destiidske gesach (Caspar de robles) (de Untskieding’) dy ’t fan 1573-1579 ta stân kaam, hold yn, dat oan beide groepen in stik fan de mienskiplike seewarring tawiisd waard. As herinnering oan dizze ‘ûntskieding’ en ta eare fan Robles waard yn 1576 op de skiedingsline in terminus de ‘Stiennen Man’ oprjochte.’ Hoewol’t binnendyks en bûtendyks en nei de ûntskieding yn bepaalde ûnderdielen (administraasje, bestjoer) noch gearwurke waard, groeiden se dochs mear en mear út ta ôfsûnderlike lichems, oant yn 1868 in folsleine skieding folge. De Provinsjale Steaten joegen doe oan it no wetterskip neamde Fiifdielen Seediken Binnendyks in troch har fêststeld reglemint, dat in folsleine skieding besegele.

By dizze gelegenheid waard ek in ein makke oan in oare ‘kontribúsje’, dy fan de Slachtedyk. Dizze dyk waard as ûnderhâldsobjekt tawiisd oan it wetterskip fan de Fiifdielen Seediken Binnendyks en de eardere kontribúsje fan de Slachtedyk waard opheft. De seewarring rint fan Dykshoeke oant de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns. Dizze slûzen dy ’t ek in seewarrende funksje hawwe, kamen by de provinsje yn ûnderhâld. It oanslutend stik seewarring yn Harns, oant de de dyk fan de Fiifdielen Seediken Bûtendyks (by de Stiennen Man) kaam by Harns en it Ryk yn ûnderhâld. Hjirtroch is ek ferklearre, wêrom ’t it gebiet fan de Fiifdielen nearne grinzje oan de seewarring, dy ’t it ûnderhâlde moast. It eastlike diel fan Barradiel, hoewol efter it noardlike (jongste) diel fan de Slachte leit, wurdt dochs rekkene ta bûtendyks. Yn de seedyk fan binnendyks leit Roptasyl, in útwetteringsslûs fan de Fryske boezem en by de provinsje yn ûnderhâld en behear. Yn de slieperdyk ‘de slachtedyk’ lizze in tal kearslûzen (û.o. Getswerdersyl en Kystersyl, Sânleanstersyl, de Dille).

Algemien Reglemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wetterskip lei yn de gemeenten BaarderadieI, BarradieI, Frjentsjer, Frjentsjerteradiel, Hinnaarderadiel en Menameradiel. It hie mei útsûndering fan de seewarring in oerflak fan ûngefear 27.948 ha. It doel fan it wetterskip wie it oanlizzen, it yn goede steat bringen en it ûnderhâlden fan ûndersteande wurken ta kearing fan it seewetter en ta befoardering fan de ferkearsgelegenheid. De wetterskippen de Achlumer Noarderpolder, it Bitgumer- Ingelumer Nijlân, de Berltsumerpolder, Boksum, Deinum, de Trije Doarpen, Eeskwert, de Ingelumerpolder, Hatsum, Hitsum, de Hoeksterpolder, de Jellumer- en Bearsterpolder, de Kleasterpolder, Koum, Lauta, de Loop, de Leonserpolder, de Marssumerpolder, de Miedrille, de Nijlânswei, de Noarderpolder, de Easterwierrumer Aldfeart, de Skalsumer Polders, de Twa Wegen, Waaksens c.a., Waaksenser Reed, de Wammerterpolder, de Westerpolder, de Suderpolder by Frjentsjer en de Súdeasterpolder binne hielendal en de wetterskippen de Arumermiedpolder, de Arumerpolder, de Arumer-, Achlumer- en Kimswerterpolders, Benijsten, de Doanjumerpolder, de Grutte Noarderpolder, Kystersyl, de Minnertsgeaster Súdermiedpolder, Nijlân c.a., Rûgelollum, Skearnegoutum c.a. en Tsjumearumer Miedpolder lizze foar in part binnen it gebiet fan it wetterskip fan de Fiifdielen Seediken Binnendyks. Yn behear en ûnderhâld binne:

I. seewarrende wurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • a. de Fiifdielendyk, begjinnende by Dykshoek en einigjende by de Ryksseewarring, benoarden Harns, dêr’t fjouwer peallen steane. Dizze dyk wurdt ûnderbrutsen troch in slûs mei de namme Roptasyl, dy ’t mei de befluorrings en fleugels oant de brêge, en de kegels, oanslutende oan de haden, yn eigendom, ûnderhâld en behear is by de provinsje Fryslân.
  • b. de ûnder a neamde haden yn see.

II. oare wurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • a. de binnenseewarring, de Slachtedyk, begjinnende by de seedyk noardwest fan Easterbierrum by dykpeal 45 en einigjende by de Rykswei tichtby de Krinzerearm of Dillesyl yn Raerderhim ûnder Raerd;
  • b. de Alde Seedyk of Hoarnestreek, foar safier lizzend tusken de Furdgumerdyk en de Slachtedyk en it noardlik diel fan de Furdgumerdyk tot oan de seewarring by Dykshoeke, plus de ôfslutings by de yn de Alde Seedyk lizzende brêgen oer de Easterbierrumerfiskersfeart en de Tsjummearumerfiskersfeart en de ôfslutings fan de yn dizze weigedielten lizzende dûkers;
  • c. de yn de Slachtedyk lizzende kearslûzen, te witten: de Boazumersyl; de Hidaardersyl; de Payesyl; de Skieppesyl en de Tolsumersyl;
  • d. twa fearten, te witten:
    • 1. de Dyksfeart, dy ’t likernôch lykrint oan de seedyk en begjint by it moetingspunt Slachtedyk-seedyk ûnder Easterbierrum. Dizze feart einiget ± 250 m, mjitten lykstrekich oan de seedyk fan it Van Harinxmakanaal, benoarden Harns;
    • 2. it noardwestlik diel fan de Easterbierrumerfiskersfeart, begjinnend by dykpeal 9 en einigjende 80 m benoarden de kearslûs, lizzend yn de Alde Seedyk of Hoarnestreek;
  • e. acht brêgen, te witten: de rinbrêge foar de Eelsmaleane tusken dykpeal 53 en 54; de rinbrêge foar it Fiskerspaad nei Seisbierrum; de rydbrêge foar it Tsjerkepaad nei Pitersbierrum, tusken dykpeal 87 en 88; de rydbrêge foar de Roptaleane, by dykpeal 96; de rydbrêge foar de útwetteringsslûs yn Roptasyl, tusken dykpeal 96 en 97; de rydbrêge foar de Zwingmaleane, by dykpeal 108; de rydbrêge foar de Aldedyk, by dykpeal 118; de rydbrêge foar de Skieppedyk, by dykpeal 121 ;
  • f. trije leanen mei de dêrop setten ôfslútstekken, te witten de Skylleane, tusken dykpeal 13 en 14; de Eelsmaleane, tusken dykpeal 13 en 14; de Roptaleane, by dykpeal 96;
  • g. twa fredings dêre, wêrfan de iene mei draaistek, en de freding mei ôfslútstekken op de súdwestein fan it Bûtenlân by Dykshoek by dykpeal 8 à 9 en it ôfslútstek foar de leane dêre;
  • h. 3 ôfslútstekken, te witten ien foar de leane en freding ûnder Seisbierrum by dykpeal 33; ien foar de Fiskersleane by dykpeal 35 en 36; ien foar de Slachtedyk by dykpeal 45;
  • i. inkele gebouwen: 1. It berchplak yn de gemeente Seisbierrum; 2. de dûbele arbeiderswenning yn de gemeente Seisbierrum; 3. de wurkmanswente mei skuorren yn Roptasyl;
  • j. foar de helt: it tinkteken fan Caspar de Robles mei it dêrom hinne steande izeren stek, besuden Harns.

Fierders hat it wetterskip tegearre mei wetterskip It Ald Bilt (Het Oud Bildt) de wurken op de seedyk op de skieding fan beide waterskippen yn behear en ûnderhâld. It wetterskip hat allinnich it behear oer ûndersteande keunstwurken yn de Slachtedyk: a. de Getswerdersyl en de Littensersyl, yn ûnderhâld by de provinsje Fryslân; b. de kearslûs yn it Van Harinxmakanaal, súd fan Kystersyl, yn ûnderhâld by it Ryk; c. de Krinzerearm of Dillesyl, yn ûnderhâld by de gemeente Snits; d. de dûkers, yn ûnderhâld by tredden; e. de Sanleanstersyl, wêrfan de ûnderhâldskosten foar de helt ta lêst komme fan it wetterskip en foar de oare helt ta lêst fan de gemeente Snits.

Stiennen Man

Foar 1868 waard de Slachtedyk beheard as in ôfsûnderlik wetterskip neffens ynstruksje fan 1539. By Steatebeslút fan 22 april 1868, Provinsjaal blêd nr. 66 fan dat jier waard it opheft en feriene mei it wetterskip fan de Fiifdielen Seediken Binnendyks.

Grut Arbitremint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wetterskip fan de Fiifdielen Seediken Binnendyks hat yn wêzen syn ûntstean te tanken oan it saneamde Grut Arbitremint fan 7 april 1533. Hjirby waard útspraak dien yn in skeel tusken de bûtendikers en de binnendikers en tagelyk bepalings fêstlein oer de ferdieling fan de diken en har ûnderhâld oer de ferskillende gritenijen, sawol fan Westergoa as fan hiel westlik Fryslân oant de Oeriselske grins. Dêrby waard foar de bûten- en de binnendikers it neifolgjende bepaald: Fan de Biltdyk oant Makkumersyl soene de diken foar 3/4 ûnderholden wurde troch die Buitendijcksters met die van Mackum, Abbingawier, Kornwert, Suyrich, Pyngom ende Kymswert, ende 't dorp Wons, mit Hayum ende Goyum, naer aduenant dat dezelve van Wons, Hayum ende Goyum tot noch toe aen 't noerde van Mackummer Zijl ghedijct hebben en foar ¼ troch de binnendikers fan de Fiifdielen, ‘’tot een, twee ofte meer plaatsen, zoe als hen dat bij ons toegelecht ende geordonneert zal worden’’. Der ûntstien yn de lettere jierren noch gauris skeel oer de tapassing fan de bepalingen, mar de grûnslaggen foar it dykûnderhâld, yn it Grut Arbitramint beskreaun, bleaune jildich en de lettere yndieling yn seewarrende wetterskippen is yn wêzen in útfloeisel fan de generale útspraak fan it Hof Provinsjaal fan 1533.

By Ynstruksje fan 22 septimber 1539 waard dêrnei it bestjoer regele foar sawol de binnen- as bûtendikers, dy ’t folge waard troch de Ordonnânsje fan 18 maart 1547. By Ordonnânsjes fan 9 maaie 1552 en 24 april 1554 waarden der wizigingen of oanfollings yn de ûnderhâldsbepalingen oanbrocht wylst by Ordonnânsje fan 9 maart 1563 oplein waard de ferstoppe wetterlossings yn goede steat te bringen, wat by Ordonnânsje fan 13 april 1563 nichris wiidweidiger foar de Roptasyl spesifisearre waard. Dêrnei folgen de Ordonnânsjes fan 27 maaie 1572 en 21 maart 1574 oangeande it opmeitsjes fan de diken, wêrnei ‘t by Ordonnânsje fan 23 april 1579 oan beiden in diel fan de seedyk tawiisd waard, dat yn syn folle lingte foar rekken kaam fan elk fan de Fiifdielen. Op it skiedingspunt yn Harns waard foar steedhâlder Caspar de Robles, dy ’t dizze ferdieling yn dykfekken foar elkoar krigen hie, in tinkteken oprjochte. Dochs skynt ek nei dizze skieding der noch wolris ferskil fan miening west te hawwen, alteast yn 1614 is der sprake fan, dat de binnendikers ‘de nieuwe articuIen’ van 8 maaie 1608 oanholden, wylst de bûtendikers se fersmiten hiene, sadat ‘Binnen- ende Buitendijcksters voortaen wedersijdts mogen doen, zoo zij ende de Landen profijtelijxt sullen vinden’. Dêrnei waard it bestjoer, dat foar de beide Fiifdielen noch altyd mienskiplik wie, neier regele by de ‘Ordonnantie op 't stuk der Dijkagie tusschen het Bildt en de Makkumerzijlen van 22 juli 1587’, dy ’t mear as ien kear feroare is. Ta beslút waard se ferfongen troch de ‘Instructie van de Regeering der Dijkszaaken van de Vijf Deelen Binnen- en Buitendijks van 9 april 1614’, dy’t goedkard waard troch 'Wilhelm Ludwich Graaff tzu Nassau, Catzenellebogen, Vianden, Diets & Stadholder ende Capiteyn-Generael in Vrieslandt, sampt de stadt Groninghen ende d'Ommelanden van dien, mitsgaders de Gedeputeerde Staten) in Vrieslandt.'

Deputearre Steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn 1532 bestie yn Fryslân in Kolleezje fan Deputearre Steaten, dat op de frijheden en rjochten taseach. Yn 1558 krige it mear macht, en yn 1577 – doe al offisjeel Kolleezje fan Deputearren neamd – krige it mear ynstruksjes, sadat it ûnder mear tasjen moast op it ûnderhâld fan diken en seewarrings. Yn 1581 waard in nij lichem gearstald besteande út 6 Deputearren út de Lânskertieren en 2 út de stêden. Yn 1591 en 1611 krige dit nije ynstruksjes, wêryn’t ûnder mear in wiidweidiger tafersjoch op seediken en wetterlossings regele waard en wol sà dat Deputearre Steaten de macht hiene persoanen, stêden en oaren ta ûnderhâld te twingen. Skelen oer ferplichting ta ûnderhâld mochten lykwols allinnich beslist wurde troch it Hof Provinsjaal. Pas 250 jier letter waard, by beslút fan de steaten fan 22 april 1868, de skieding, ûnthjitten yn it bestjoer tusken de seewarrende wetterskippen fan de Fiifdielen Seediken Binnendyks en fan de Fiifdielen Bûtendyks en tagelyk foar beide wetterskippen ôfsûnderlik in reglemint op it ûnderhâld en bestjoer fêststeld, dat goedkard waard by Keninklik Beslút fan 4 juny 1868, nr. 68, Provinsjale blêden nrs. 67 en 68.

Fiif Dielen Bûtendyks

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wapen fan Seewarrend Wetterskipfan de Fiifdielen Bûtendyks

It wetterskip Fiifdielen Bûtendyks lei yn de gemeenten Barradiel, Frjentsjerteradiel, Harns en Wûnseradiel en hie in oerflak fan ûngefear 10.346 ha. It doel fan it wetterskip wie it oanlizzen, yn goede steat bringen en it ûnderhâlden fan de hjirûnder neamde wurken ta kearing fan it seewetter en ta befoardering fan de ôfwettering. De wetterskippen de Bidlersfeart, Kimswert, Koarnwert, Lúntsjerk, Mullum, de Easterbierrumerpolder, Penjum en de Riedpolder binne hielendal en de wetterskippen de Arumer-, Achlumer- en Kimswerterpolders, de Doanjumerpolder, de Iendracht, de Grutte Noarderpolder, Kiestersyl, de Makkumer- en Parregeastermarpolders, de Minnertsgeaster Sudermiedpolder, de Tsjummearumer Miedpolder, de Waarboarch, de Warren, de IJpmapolder en Súdlik Wûnseradiel lizze foar in part binnen it gebiet fan it wetterskip fan de Fiifdielen Seediken Bûtendyks.

It wetterskip beheart en ûnderhâldt:

Seewarrende en byhearrende wurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • a.de seedyk lâns de Waadsee, fan it tinkteken fan Caspar de Robles besuden Harns Ofslútdyk. It earste gedielte wurdt Kolonel Roblesdyk neamd.
  • b. de dyk lâns de Iselmar fan de ofslútdyk oant 6 m benoarden fan de Makkumer- of Aldekleastersyl, en ek it ierd-, peal-, kist- en stienwurk, brêgen, fearten en strânen en fierder ta- en oanbehearend fan de hiele dyk; IT. slieperdiken ensfh.: de slieperdyk súdeast fan it yn Surch lizzende stik fan de ûnder 1a neamde seedyk, begjinnende op 116,70 m súd fan dykpeal nr. 32 en einigjende op 48 m benoarden dykpeal nr. 4', en ek de troch dizze slieperdyk en it gedielte seewarring ynsletten lannen en fearten mei harren ta- en oanbehearren.
  • a. it ierdwurk fan de wetterkearing, fan de ûnder I b neamde dyk oant de Makkumersyl mei in lingte fan 61 m;
  • b. Beskoaiing bylâns de dykfeart en de binnenbarm lâns de ûnder I a en I b neamde dyk, foar safier net yn behear en ûnderhâld by it Ryk;
  • c. foar de helt: it tinkteken fan Caspar de Robles en it dêrneist lizzende haad bûten de seewarring.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rykswettersteat Publikaasje Platfoarm ‘Beschrijving van de Provincie Friesland’ diel 3 side 456 en fierder