Eeskwert
Appearance
Eeskwert wie in earder buorskip dat besuden Hinnaard lein hat.
Eeskwert wurdt yn de 10e iuw foar it earst neamd as Esgenfurt. In Dútske muonts miende dat -wert fan furde kaam. Letter waard de namme ek skreaun as Eskwird (1493), Eesschwirdt (1519) of Eesquert (1526) en sels wol as Ysquert (1546). De hjoeddeiske stavering komt al yn 1543 foar.
De buorskip wie it sintrum fan ien fan de fjouwer kertieren fan Easterein. Letter stiet op kaarten Skrok oanjûn op dat plak. Eesk- soe wize kinne op de beamsoarte esk mar ek op de eigennamme Eesge.