Wapen fan Reahûs
Appearance
It wapen fan Reahûs is it wapen fan it doarp Reahûs, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.[1]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
yn sulver in blau krús en oer alles hinne in read hûs yn de foarm fan in boereskuorre fan siden sjoen; in grien skyldhaad, belein mei in omkearde gouden keper, útgeande fan de boppeside fan it skyld, de trochsnijingsline reitsjend.[2]
De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau), keel (read), sinopel (grien) en goud.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blau krús: tsjut op skiednis fan it doarp as in roomsk-katolike enklave.
- Reade Skuorre: makket it wapen ta in sprekkend wapen
- Skyldhaad: stiet foar de Slachtedyk oan de noardkant fan it doarp.
- Keper: symboal foar de Sânleanstersyl, in eartiidske slûs yn de Slachtedyk.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|