Springe nei ynhâld

De Swette

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Snitser Trekfeart)
De rin fan De Swette
Simmerskip yn de Swette by Skearnegoutum

De Swette of Snitser Trekfeart is de wetterferbining tusken Snits en Ljouwert. De Swette wie fan oarsprong in binnendyk yn de drûchmakke Middelsee. Letter is by in part fan de dyk del in trekfeart groeven fan Ljouwert nei Snits dy ek de namme Swette krigen hat.

De Swette is oanlein as binnendyk yn it midden fan it stik drûchmakke Middelsee tusken de Krinzer Earm by Raerd en de Skrédyk oan de súdkant fan It Bilt. De namme swette betsjut fan grins en wie de ferfanging fan de Middelsee as grins tusken Eastergoa en Westergoa. De Swettedyk wie tagelyk ek de wetterskieding tusken de beide goaen. De swettesleat dy't oan de westkant fan de dyk lei wie dan ek net om wetter ôf te fieren, dat barde troch sylen yn de âlde Middelseediken nei it âldlân ta.

De Swette as trekfeart

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it begjin fan de 16e iuw is de swettesleat súd fan de Harnzer Trekfeart tusken Skinkeskâns en de Dillesyl yn de Krinzer Earm ferbrede ta in feart. Wierskynlik is de feart krekt nei 1507/1508 doe't de feart fan Ljouwert nei Frjentsjer groeven is oanlein, om't hy dêr ek op oanslút.
Yn 1661 is de Swettedyk geskikt makke as trekwei en koe de feart brûkt wurde as trekfeart.

Troch de oanlis yndustryterrein de Skinkeskâns by Ljouwert slút de Swette net mear oan op de Harnzer Trekfeart. Op it yndustryterrein leit de Swettehaven, oan de oare kant fan it Van Harinxmakanaal begjint dan de Swette. De Swette folget it midden fan de eardere Middelsee rint troch foarby de Dillesyl tusken Boazum en Dearsum oant de bocht by De Flearen ta. Dêr makket de feart in bocht nei it suden en rint dan troch de eardere Skerhim by Skearnegoutum del nei Snits. Yn de stêd slút de feart by de Stoersebrêge oan op de stedsgrêft.

De start fan de lêste âlvestêdetochten hie syn beslach yn de Swettehaven, dêr't de riders ûnderbine moasten. De Swette is ek it earste part fan de âlvestêderoute.

  • Binnendyken en slieperdiken yn Fryslân, K.A. Rienks en G.L. Walther, Ljouwert (2e druk 1984)