Oerlis:De Swette
Neffens "Binnendiken en Slieperdiken" fan Rienks en Walther is it oars.
De Swette is yn it foarste plak in binnendyk wêst, oanlein tusken de Krinzer Earm by Raerd en de Skrédyk (súd fan it Bilt) as wetterskieding tusken Eastergoa en Westergoa en fuortendalik ek as grins. Oan de westkant wie in sleat dy't werfan it stik súd fan de hârnzer trekfeart yn it begjin fan de 16 ieu ferbrede is en geskikt makke as faarferbining tusken Ljouwert en Snits. Yn 1661 is de dyk geskikt makke as trekwei sadat de feart brûkt wurde koe as trekfeart.
It kaartsje fan de Middelsee dy't ik makke haw kloppet dan ek net dat de Swette as wetter ea trochrûn hat oant it Bilt ta.
Ek stiet op dat kaartsje in part fan de Himmen as part fan de Middelsee oanjoen. Dêr sil ik ynkoarten wol wat oanpassings op meitsje.
Theun 11 feb 2007, 22.05 (CET)
- Ik ha mien ynformaasje by de Nederlânske Wikipedy helle. J'88 12 feb 2007, 09.49 (CET)
- Hoe ek, in rivierke hat it nea west: Doe't de Boarn hjir noch trochhinne rûn wie de Middelsee benoarden de Krinzer Earm noch iepen. Sa lang at der nijlannen benoarden de Krinzer Earm binne hat de Boarn altiten ôfwettere troch de Wjittering. (Dat it wetter de Swette (de Middelseester Swette) trochrûn oant wêr letter it Bilt kaam kloppet neffens my wol. Op de kaarten is sichtber dat der oer it hiele ein in wetter west hat, oant der in fleanfjild oerhinne lein waard. Mar it noardlik part dêr't de trekfeart net trochhinne gong wie grif minder wichtich, safolle minder dat der in fleanfjild oer oanlein waard. (-:) Mysha
- Ik sil Hinko ris freegje, dy hat de side op :nl blykber oanmakke. Theun 12 feb 2007, 16.43 (CET)
- Hoe ek, in rivierke hat it nea west: Doe't de Boarn hjir noch trochhinne rûn wie de Middelsee benoarden de Krinzer Earm noch iepen. Sa lang at der nijlannen benoarden de Krinzer Earm binne hat de Boarn altiten ôfwettere troch de Wjittering. (Dat it wetter de Swette (de Middelseester Swette) trochrûn oant wêr letter it Bilt kaam kloppet neffens my wol. Op de kaarten is sichtber dat der oer it hiele ein in wetter west hat, oant der in fleanfjild oerhinne lein waard. Mar it noardlik part dêr't de trekfeart net trochhinne gong wie grif minder wichtich, safolle minder dat der in fleanfjild oer oanlein waard. (-:) Mysha
De Swette wie fan oarsprong in binnendyk yn de drûchmakke Middelsee. In binnendyk tusken de al besteande middelseediken? It wol my mar net oan. Kin it net in slinke west hawwe dy't oerbliuw nei it opdrûgjen fan de Middelsee? Drewes (oerlis) 19 des 2022, 17.22 (CET)