Meidogger oerlis:Anoniem-NOF

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy


Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 53.175 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Goeie, Noardeast-Fryske Anonym. Dank foar jo bydrage op Noardeast Fryslân. Hjirre is te sjen hoe't 'blauwe' wiky's oanmakke wurde kinne. Frou Watzema (oerlis) 12 jul 2021, 11.26 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Nederlânske nammen[boarne bewurkje]

Dei @Anoniem-NOF:, wêrom sette jo de Nederlânske nammen by de plakken yn Noardeast-Fryslân? Dit is de Fryske Wikipedy. Moatte dan oars de Dútsk en Ingelske nammen, as dy der binne, ek neamd wurde? En boppedat binne de Fryske nammen aanst ek de offisjele. --Kneppelfreed (oerlis) 12 nov 2021, 22.47 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Nederlânske oersetting is gewoan normaal dat dat derby stiet de doarpen lizze yn Nederlân dus de Nederlânske oersetting moat der ek by stean. Nederlânske Wikipedia stiet ek de Fryske oersetting derby. Ingelsk en Dútske oersetting slacht nearne op dyarpen lizze dochs net yn dy lannen. Anoniem-NOF (oerlis) 13 nov 2021, 07.33 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Wa bepaalt hjir dat de Nederlânske namme gewoan normaal is en dat dy derby moat? Dat hiene jo earst ek wol even op de Oerlisside op it aljemint bringe kind ear't jo op eigen manneboet samar dingen begjinne te feroarjen. Sizze jo ek dat bygelyks by plakken yn Flaanderen de Frânske namme der by moat of by plakken yn Walloanje dat de Nederlânske namme derby moat? --Kneppelfreed (oerlis) 13 nov 2021, 08.18 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Ik fynt yndie ek dat de Frânsk talige nammen by de Flaamse doarpen hearre te stean en oarsom (Wallonië). Soe jo foar my yn de ‘kroeg’ del wolle sette oer ús diskusje? Dan kinne wy sjogge wat oare minsken der yndie fan fine.   Anoniem-NOF (oerlis) 13 nov 2021, 15.30 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Ik hawwe it al ien de oerlisside set. Anoniem-NOF (oerlis) 13 nov 2021, 18.33 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Taalhelp[boarne bewurkje]

Goeie. Jo Frysk lit wat te winskjen oer. Dat is net sa slim, mei't de meidoggers hjirre ree binne om jo te helpen, mar jo kinne byleare, ist't net sa? Faaks kom ik mei it sâlt as it aai op is, mar ik wol jo dochs wize op it bestean fan Taalweb en Frysker.nl. Dy lêste hat in frijwat goede oersetter. Foar synonimen/wurdferskaat is Taalweb better. Groetnis, Drewes (oerlis) 15 nov 2021, 17.57 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Beste Drewes, hoe komme jo der sa by dat myn Frysk net altiid efkes goed is? Dankewol foar de sides wêr ik myn Frysk ferbeterje kin. Anoniem-NOF (oerlis) 15 nov 2021, 19.31 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Sjoch bygelyks dit en dat Drewes (oerlis) 15 nov 2021, 19.52 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Ohw ja ik sjoch it. It spyt my doar dizze flaters. Ik ha de informasje foar dizze buorskippen ut de Nederlânske wikipedy kopieert. Ik sjoch dat ik de kop er net by hie by it ‘ferfryskjen’ fan dizze teksten. Ik sil my de folgjende kear my opskerpje. Anoniem-NOF (oerlis) 15 nov 2021, 20.01 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Noardeast-Fryslân[boarne bewurkje]

Goeie. Ik seach dat jo de Kollumerlânsk/Pompsterske namme tafoege hiene by Kollumerlân. Dan ûntbrekt by dy gemeente allinne noch de namme yn it Kollumersk, dat in foarm fan Stedfrysk is. Witte jo dy nammefoarm tafallich ek? En witte jo ek wat de namme fan Noardeast-Fryslân yn it Kollumerlânsk, Pompstersk, Dokkumersk en Kollumersk is?

Ta beslút haw ik noch wat te seuren dat mear in persoanlik fersykje is: soene jo eefkes wat tekst (al is it mar in punt) op jo Meidoggerside sette wolle? Want ik wurd in bytsje raar fan al dat read op Koartlyn Feroare as jo oan 'e gong west hawwe. Fierders neat oan 'e hân, hear. Bliid mei jo bydragen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 nov 2021, 23.13 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Goeie. Ik sil foar jo efkes sjen oer de nammen ien it stedsfrysk en Grinslânske dialekten.
Ik sil wol efkes in punt delsette op myn side. Anoniem-NOF (oerlis) 18 nov 2021, 13.24 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
De Stedsfryske nammen kin ik spitich genôch net fine. Anoniem-NOF (oerlis) 18 nov 2021, 14.13 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Goeie. Tige tank foar de punt. :-) Ik haw sels (nei't ik it boppesteande berjocht hjir delset hie) noch betocht dat ik noch ergens in troch de Frysk Akademy útjûne wurdelist fan ferskillende Stedfryske dialekten hawwe moat. Dêr stiet it Kollumersk spitigernôch net by, mar mooglik dat ik dêr foar it Dokkumersk de wurden "noard", "east" en "Fryslân" yn fine kin. Ik sil ris even sjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 nov 2021, 14.20 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Oke ik winsk jo sukses my sykjen. Lit jo witte dat jo fjirder kaam bin of net? Dan kin ik ek altyd nog efkes ûndersyk dwaan. Anoniem-NOF (oerlis) 18 nov 2021, 15.09 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Foar it Dokkumersk haw ik it fûn. Ik haw mei-iens Súdwest-Fryslân ek mar meinommen foar it Boalsertersk, Snitsersk, Starumersk en (út it Hylper Wurdboek) it Hylpersk. Sa't ik al miende, wie it Kollumersk net opnommen yn Pieter Duijff syn wurdlist fan it Stedfrysk. Ik haw noch even googlele en doe fûn ik dizze wurdlist foar it Kollumersk. Hoewol't de wurden "noard", "east" en "Fryslân" dêr net by steane, soene je miskien wat oer de stavering ôfliede kinne út soartgelikense wurden (lykas woord foar noord). Mar it docht bliken dat de list út 1895 stammet, dat dan is it sa efterhelle dat je der eins neat mear mei kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 nov 2021, 15.21 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Ja super ik hie it sjoen. Ik sil nog efkes goed sykje foar een Kollumerske wurdenlist. Anoniem-NOF (oerlis) 18 nov 2021, 15.31 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Ik tink dat wy dan toch it best de wurdenlyst broeke kin die jo foen ha. Binne jo it hjir my iens? Anoniem-NOF (oerlis) 18 nov 2021, 15.50 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Myn probleem dêrmei is dat ik de stavering yn dy wurdlist wat eksintryk fyn. Dat sil komme om't útgien is fan 'e Nederlânske stavering dy't wat oan 'e útspraak oanpast is. Se jouwe dêr foar "wurd" woo(r)d. De heakjes litte dúdlik sjen dat de r stom is, wat by de oare Stedske dialekten yn dat gefal ek sa is. Hy wurdt lykwols al skreaun. Dreger is de dûbele o. As dy de oa-klank fan "boat" hat, wurdt dy yn alle Stedske dialekten tsjintwurdich skreaun as oa. Der wurde yn dy wurdelist ek wurden stavere mei ie dy't dúdlik de koarte y fan "wyt" hawwe (lykas viene foar "fine") en net de twaklank-ie fan "liet". Al mei al tink ik dat we de stavering better modernisearje kinne ta hoe't it Stedfrysk tsjintwurdich skreaun wurdt. Dan kom ik, mei op basis fan dizze wurdlist, op "Noardoast-Frysland", en dat is presys de stavering yn it Dokkumersk, dat fan 'e Stedske dialekten it naust oan it Kollumersk ferwant is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 nov 2021, 16.59 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Wat de namme fan Kollumerlân oangiet, soe it Dokkumersk Kollumerland en Nijkrúsland jaan. Ik tink dat we dat foar it Kollumersk ek wol aventoerje kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 nov 2021, 17.04 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Oke dizze nije kennis kin wy moai brûke doar een folgjend dilemma. Ik sil de Dokkumerske stavering as de Kollumerske stavering op de side fan Kollumerlân en Nijkrúslân delsette. Ik sil ek wol efkes Kollumersk by Dokkumersk sette op de side fan Noardeast-Fryslân.
Tankewol foar jo help by it sykjen fan dizze nammen. Anoniem-NOF (oerlis) 18 nov 2021, 18.05 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Dei @Ieneach fan 'e Esk en Anoniem-NOF:, ik wol jim wille net fersteure, mar docht it echt ta de saak dat Stedske, ensfth. nammen fan de gemeenten Noardeast-Fryslân en Súdwest-Fryslân pleatst wurde? Ik tink dat dy ek de Frysktalige brûke, want dy is de offisjele. Sels it Nederlânsk brûkt dy. Ik tink de ferskillende oersettings fan Noardeast en Súdwest soe mear de regio oantsjutte, sa as bygelyks Noardoost-Frysland soe it noardeasten fan de provinsje oantsjutte en it selde mei Súdwest. Sa soene we oars bygelyks ek de Stedske en Biltske namme foar De Waadhoeke derby sette moatte. Wat sizze jim?

Even in opmerking, ik begryp net dat se bettere gemeentenammen yn Fryslân betinke kinne, as wynrjochtingen en de provinsjenamme. Allegear mar like suterich. Dan hawwe se yn Grinslân wat mear smaak. De Waadhoeke fyn ik noch net ferkeard, en it falt my lokkich ta dat dy net Noardwest-Fryslân hjit. --Kneppelfreed (oerlis) 18 nov 2021, 20.50 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

@Kneppelfreed: No, Kneppelfreed, dat lêste is mar krekt goed gien, want Noardwest-Fryslân is wol neamd as mooglike gemeentenamme doe't De Waadhoeke in namme krije moast. Ik bin it mei jo iens dat Noardeast-Fryslân en Súdwest-Fryslân as nammen net folle om 'e hakken ha, mar it binne, moatte jo betinke, ek kompromissen dêr't net ien botte wei fan wie, mar dêr't ek net ien grutte beswieren tsjin hie. Sa giet dat tsjintwurdich. Ik wit net krekt hoe't it yn Súdwest en Noardeast om en ta gien is by it kiezen fan 'e nije namme, mar it stiet my noch goed by dat hjir yn De Waadhoeke ien fan 'e oare foarstelde nammefarianten "Frjentsjer" wie. As oft it hiele plattelân om 'e stêd hinne mar troch it goatsgat spield wurde koe. Dat hawwe wy aldergeloks witten te kearen. As se no "Frjentsjerteradiel" foarsteld hiene, dan hie ik my dêr ek noch wol yn fine kind. Mar de nammen op -diel binne blykber foargoed út 'e graasje. Sûnde fyn ik dat.
Hawar, wat de oersettings yn streektalen fan Noardeast en Súdwest oangiet it folgjende. Jo hawwe gelyk dat yn it Nederlânsk de offisjele namme ek Súdwest-Fryslân is en dat dat de iennichste foarm is dy't yn 'e offisjele stikken brûkt wurdt. Nederlânsktaligen dy't yn Súdwest-Fryslân wenje, sille miskien dy foarm ek wol brûke. Wat Hollanners thús sizze as se it oer de gemeente hawwe dêr't se simmerdeis op fakânsje geane, wit ik net. "Súdwest-Fryslân" rôlet by lju sûnder kennis fan it Frysk net sa maklik fan 'e tonge, tink. Ik soe my bêst foarstelle kinne dat dy "Zuidwest-Friesland" sizze, of miskien "Súdwest-Friesland". Foar de sprekkers fan Stedfrysk en Hylpersk leit dat wat oars tink ik. Krekt omdàt "Noardeast", "Súdwest" en "Fryslân" sokke tige algemiene wurden binne, liket it my ta dat sokke termen troch de streektaalsprekkers frijwol automatysk oerset wurdt nei de eigen taal. Dat soe my ek sa ôfgean as de offisjele namme "Zuidwest-Friesland" wie, dan soe it net iens by my opkomme om dy namme, as ik Frysk spriek, yn it Hollânsk te behâlden. Neffens my is dat krekt-en-gelyk mei de streektalen en in offisjele Fryske namme. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 nov 2021, 21.11 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Beste @Kneppelfreed, ik fien it persoanlik ek jammer dat wy hjir in Noardeast-Fryslân net een namme hawwe as Noard-Eastergoa of De Noardhoeke (Noardhoeks dialekt). It liket wol of it betinken fan gemeente nammen hurd en gouw mat.
Ik fien eins ek dat de Stedsfryske en Biltske nammen fan De Waadhoeke op de side mat komme te stean. Ik fien dat dit krekt wat mear wearde jout omdat die streektalen/dialekten wol wat mear oandacht krije meie en net ferjitte wurde meie. Anoniem-NOF (oerlis) 18 nov 2021, 22.15 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Wat De Waadhoeke oangiet, leau ik dat Kneppelfreed gelyk hat. Dit leit oars as mei Noardeast-Fryslân en Súdwest-Fryslân. Dit is in folslein nije namme. Der steane hjir wolris wat Biltsktalige artikels yn 'e streekblêden, mar dêryn wurdt stiiffêst de foarm "Waadhoeke" brûkt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 nov 2021, 22.40 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk en Anoniem-NOF:, Ieneach tanke foar jo útlis. Ik nim oan dat jo dêrmei gelyk hawwe. In Hollanner sil nei alle gedachten wol "Zuidwest-Friesland" sizze, mar sil dêr wol mear de regio as de gemeente mei bedoele. Ik nim oan dat dy allegear de Fryske gemeenten wol net kinne.

Yn Súdwest hope Snits in soarte fan "Grut-Snits" te wurden. Se hawwe sels besocht de namme "Sneek" of "Sneek-Súdwest" troch te driuwen. Lokkich waard dat ek tsjinholden. De wurknamme waard Súdwest-Fryslân, mar der wie noch in groep dy't noch besocht om de namme ta Súdwestergoa te feroarjen, mar wie eins te let. Mei in stimming waard dochs foar Súdwest-Fryslân keazen. Tige spitich. Ik fûn it ek al spitich genôch dat myn âlde gemeente opheft waard. De nammen mei "diel" deryn, salang't Tytsjersteradiel en Dantumadiel noch besteane, sille yndie aanst allinnich noch yn de skiednisboekjes te sjen wêze.--Kneppelfreed (oerlis) 19 nov 2021, 19.51 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Lêste bewurkings[boarne bewurkje]

Goeie, ik haw foarearst de measte fa jo lêste bewurkings weromdraaid, om't it net yn Geef-Frysk wie. It Nederlânske "ten noorden" (om mar even in foarbyld te neamen) is yn it Frysk "noardlik" of "benoarden", en net "ta noarden". Jo kinne altyd op frysker.nl sjen as jo it net wis binne. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 4 mrt 2023, 07.34 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Goeie, noch wat. Ik seach dat jo "besúden" skreauwe. It streekje komt allinnich op de u by in sletten wurdlid (gesloten lettergreep). By in iepen wurdlid net. Sa is it bygelyks "súd", "súdlik", "Súdsee", "tút", "sprút" ensfth. Mar it is "suden", "besuden", "Sudersee", "tuten", "spruten", "suterich", "suver", nuver", ensfth. By "súdeastlik" komt it streekje der wol op om'tst de wurdlidden útinoar helje kinst: "súd-east-en", dêrby giet it om in sletten wurdlid ta tsjinstelling fan bygelyks "be-su-den". In u sûnder streekje yn in sletten wurdlik wurdt útsprutsen sa as yn "put". By de û is it lykwols oars. Dêr komt it kapke altyd op de u, of it moat wêze dat it ferlykjende Nederlânske wurd mei "oe" skreaun wurdt, dan yn it Frysk (almeast) ek mei "oer" skreaun wurdt, lykas "poes", "boek" ensfth. Mei de Fryske stavering fan bûtenlânske nammen leit de sitewaasje wat oars. Ik hoopje dat ik it wat dúdliker makke haw. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 6 mrt 2023, 06.21 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Jo ha it seker dúdliker foar my makke, tankewol. Anoniem-NOF (oerlis) 6 mrt 2023, 07.43 (CET)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

ynwenners telle of hawwe[boarne bewurkje]

Goeie @Anoniem-NOF, hjir bin ik wer eefkes te eameljen. Jo skriuwe hieltyd fan "in doarp telt/telde ...ynwenners". Dat is in Hollânske siswize. Yn it Frysk is it leaver "in doarp hat/hie ... ynwenners". Ek by de side Huzum hawwe jo it ynwennertal feroare. Soene jo de boarne dêrby eeflkes neame wolle. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 10 mai 2023, 09.35 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Prima Anoniem-NOF (oerlis) 11 mai 2023, 16.41 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Ik wit sa hurd net mear hoe ik in boarne der by sette mat. Myn noarne is: https://allecijfers.nl/, soen jo dy miskyn foar my der by sette wolle? Anoniem-NOF (oerlis) 11 mai 2023, 16.48 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Al dien Kneppelfreed (oerlis) 11 mai 2023, 19.40 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Super tankjewol! Anoniem-NOF (oerlis) 11 mai 2023, 20.59 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

@Anoniem-NOF: Goeie. Jo binne dwaande mei it feroarjen fan 'in doarp/plak yn de gemeente'. Der is lykwols neat mis mei dy formulearring hear. Dat... Drewes (oerlis) 11 mai 2023, 17.33 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Gemeentlike weryndieling yn de ynlieding[boarne bewurkje]

@Anoniem-NOF: Mei ik jo freegje werom jo jimmeroan dy bestjoerlike weryndieling fan de gemeente werom sette yn de ynlieding fan it lemma? Ik bin in skoft lyn útein set mei de lemma's fan Fryske doarpen om't ik der efter kaam dat alles tige efterhelle wie en it bytiden in rommeltsje wie mei de ynformaasje. Ik ha de lêste tiid dêrom besocht de doarpen stik foar stik nei te sjen, de ynformaasje dêrfan safolle mooglik by de tiid te bringen en ek te oardenjen, sadat it foar elkenien wat makliker wurdt dy ynformaasje te finen en der minder risiko is op it werheljen fan deselde ynformaasje yn ien lemma. No fyn ik dat in ynlieding fan in doarp fral is om in aktuele beskriuwing fan in plak te jaan. Dus as der yn it ferline wat feroare is, liket my it meast gaadlike plak om dat by skiednis del te setten, as dêr teminsten in apart stikje fan is. Dêrom die ik dat ek mei de weryndieling fan de gemeente. Ik tocht ynearsten dat ik dat earder oer de holle sjoen hie, mar no seach ik dat jo mei sin de weryndieling hieltiten werom sette. Dat ik tocht, no moat ik earst mar eefkes mei jo oerlizze, want it hat gjin sin as ik wat ferwiderje of ferhûzje en jo sette it it fuort wer op it âlde plak del. As jo dy weryndieling perfoarst yn de ynlieding ha wolle, dan hat dat myn foarkar net, mar dan moat dat yn alle gefallen op in oare wize beskreaun wurde. Sa 't it no is, wurdt der nammentlik trije kear flak efterinoar skreaun dat it plak yn dy of dy gemeente leit. De alderearste sin yn it lemma jout dat al oan, in pear sinnen fierderop wurdt dat dan werhelle en yn it stikje skiednis stiet wat letter dan nochris dat it plak yn dy of dy gemeente leit mei it stikje skiednis oer de weryndielig. Dat liket my te gau efter inoar ryklik tefolle fan itselde. Foardat ik no fierder gean mei dy doarpen wol ik graach earst eefkes fan jo in reaksje.--RomkeHoekstra (oerlis) 16 mai 2023, 10.26 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]

Myn ekskús, ik bin t wol mei jo iens. Ik helje de boel wol wer fuort mar soen jo dan wol de oantal ynwenners op it alde plak werom bringe wolle, wannear’t jo dy nei de tijd bringe? Ik sil dan begjinne mei de weryndieling te ferwiderje nei hoe’t jo dat graach sjoche, dus by skiednis. Anoniem-NOF (oerlis) 16 mai 2023, 11.07 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Ik fyn dat it ynwennertal net tusken stikjes tekst mei geografyske ynformaasje moat stean. Earst komt yn in lemma oer in plak de geografyske ynformaasje. Dêrnei oare ynformaasje lykas bygelyks in ynwennertal. Mar as jo in reden ha dat jo it ynwennertal dêr wol tusken ha wolle, dan hear ik graach fan jo hokker reden dat is. Sjoch fierder myn reaksje by it oerlis fan Kneppelfreed. Mei freonlike groetnis, RomkeHoekstra (oerlis) 16 mai 2023, 20.55 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]