Meidogger oerlis:Theun

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Earder oerlis op /Argyf1, /Argyf2, /Argyf3, /Argyf4.


Almazán[boarne bewurkje]

Please, could you tranlate this article onto the language of this Wikipedia? Thanks for your help. --Jeneme 10 des 2007, 20.32 (CET)

I could, if I would have a lot of time and had completed the list of birds which is one of my goals from the start up here. Theun 20 des 2007, 20.07 (CET)

Creative Commons[boarne bewurkje]

Ik sjoch jo hawwe op Wikipedy:Ofbylden oanbiede skreaun dat CC tastean is foar ôfbylden. Dat kin fansels, mar it hat op de Wikipedy gjin doel liket it my. Om't de siden ûnder GFDL binne, koe it ôfbyld dan ommers net brûkt wurde.

En fierders is der yn Nederlân gjin Publyk Domein. Om te sizzen dat eat frij fan rjochten wêze moat, moat it omskreaun wurde as Frij fan rjochten. Aliter 16 des 2007, 23.29 (CET)

Ik bin fansels gjin ekspert op dit mêd, mar haw dit fan :nl oerset. De Creative Commons is in wiid fersprate lisinsje op de wiki-projekten dy't in bulte brûkt wurdt. At it sa is dat dit sa net kin yn kombinaasje mei GFDL dan binne der noch wol wat diskusjes te fieren op in protte fan de projekten.
Wat dat Publyk Domein oanbelanget, sûnt in hiel skoft (3 april 2005) stiet op de side foar it oanbieden fan triemen in stikje oer Publyk Domein (oanmakke troch B.) en is der ek in apart Berjocht:PD foar! Op :nl skine se ek it idee te hawwen dat in term is dy't ek yn nederlân betsjutting hat, dan net offisjeel mar mear as term om oan te jaan dat der gjin auteursrjochten op sitte.
Ik tink dat der at nei de letter fan de wiki/GFDL-wet sjoen wurd in hiel soad plaatsjes hjir fuortkinne. Ik haw der alris mei oan de gong wêst om hjir wat lein yn te bringen en bin dêr wat yn hingjen bleaun. Op it stuit haw ik net echt nocht om hjir mei oan de gong. Miskien letter wêr, hoe soene jo it graach hawwe wolle? Theun 17 des 2007, 17.17 (CET)

In skoftke lyn haw ik de lisinsjekar oansetten foar it oanbieden fan triemmen. Om't ik dy side doe net sjoen hie, haw ik ynearsten trije mûglikheden jûn: GFDL, Eigen wurk frij fan rjochten en Rjochten ferrûn.

Yndie binne der ôfbylden dy't gjin goede lisinsje hawwe, en wy soenen dêr ris efteroan moatte. (Hawwe jo bygefal in pear skeppen tiid yn 'e oanbieding?) Mar foar no gong it my der allinnich om dat CC op Commons al in doel hat, om't de WikiNijs wiky's in CC-lisinsje brûke, mar op ús wikipedy net, dat wy soenen dat der net bysette moatte. Ferspraat oer Commons stean der ek wat oanwizings oer, dat CC wol maklik is foar los oanbeane triemmen, mar dat it net past at it hiele projekt GDFL brûkt. Aliter 18 des 2007, 01.38 (CET)

Ik haw de diskusjes ensfh. oer lisinsjes en soksawat de lêste tiid net sa folge. Mar at CC-linsinsje eins net op de wikipedy's brûkt wurde mei dan sit der neffens my genôch ferkeart. Ik hie oars krekt in moaie boarne fûn mei shape-files mei de measte wetters en fan alles ([1]). Hy wat ideeën om hjirmei lokaasje kaartsjes fan wetters en oare objekten te meitsjen. Mei neffens jo net brûkt wurde?
Wat it ferhaal oer de lisinsje oanbelanget, moatte wy it oanpasse oan de opsjes dy't jo oanjûn hawwe, dy ekstra CC dingen hoege om my net, dat meie se op commons wol útsykje? Ik hie oars it idee dat de CC-SA sûnder de ND klausule oars wol te brûken wie in kombinaasje mei de GFDL, mar ik bin hjir miskien wol te maklik yn. Theun 18 des 2007, 19.19 (CET)

unbekende meidoggers[boarne bewurkje]

Jûn Theun, ik sjoch dat der wol gauris ûnbekende meidoggers binne dy't ek wat dogge op ús wikipedy. Sy registrearje harren net. Moat wy sokken at sy hjir foar it earst komme ek wolkom hjitte en wat útlis jaan?--Geoffrey 18 des 2007, 19.39 (CET)

Dat soe ik fuort net dwaan, in protte anonimen dogge mar ien kear wat. De anonimen dy't hjir mear as in pear bewurkings dogge melde harren meast dêrnei wol oan. Allinnich at je dy minsken wat spesifyks te freegjen as út te lizzen hawwe soe ik se wolkom hjitte (sjoch bygelyks Meidogger_oerlis:86.86.87.175).
Fierders is it ek sa dat in bulte minsken harren hjir oanmelde mar nea in bewurking dogge. Dy soe ik ek net wolkom hjitte. Dy melde harren miskien allinnich oan om't se tinke dat it moat, ek at je allinnich mar siden lêze. Oaren dogge dat miskien om de ynstellings foar it oansjen oan te passen nei eigen smaak. Theun 20 des 2007, 19.15 (CET)
Best, dat liket my ek in goed útgongspunt.--Geoffrey 20 des 2007, 20.14 (CET)

Berjocht wisten jo dat[boarne bewurkje]

Ik haw der in stikje by setten foar jannewaris. Ik liket my wol aardich ta om my te tinken wat hjir op moat, mar soe sto myn stavering neisjen wolle. Der mei fansels gjin flaters yn stean.--Geoffrey 20 des 2007, 20.14 (CET)

Haadside[boarne bewurkje]

Theun ik haw no wat makke foar op de haadside yn jannewaris. It binne mar wat dinkjes dy't der op kinne. Mar wat binne wy hjir fan went. Hoe gjit soks fierder en is der ek noch oerlis?--Geoffrey 24 des 2007, 22.53 (CET)

Moai dien. Hoecht fierder neat mear oan feroare. Wurdt automatysk oanpast at it nije jier begjint. Wat we hjirfan went binne is dat ik it oant no ta meast allinne optocht haw (aldgilles hat ek ris in moanne dien). Meast hie Mysha noch wolris wat lytse oanpassings, mei in punt as komma ensa. By desimber is it wat ferkeard gien (ik wie fuort fan myn wurk) en doe hat 36 oeren de haadside gjin berjochten sjen litten omt dy noch net oanmakke wiene. Theun 25 des 2007, 18.24 (CET)
Okee, ik fyn it wol leuk om te dwaan. Ik sil mei dy meitinke. --Geoffrey 25 des 2007, 20.42 (CET)

Kategory:Plak yn Fryslân[boarne bewurkje]

Moarn, Theun. Jo hawwe hielendal gelyk. Doe't ik in kear of wat de yn read oanjûne Kategory:Plak yn Fryslân stean seach haw ik dy aktivearre. Doe die bliken dat der mar in lyts bytsje plakken yn de Kategory foelen. It hat gjin doel om alles dûbeld en ek heal te dwaan, dat giet ten koste fan de struktuer. Wat ik berikke woe is dat minsken dy't Plak yn Fryslân yntype by in oersjoch fan alle plakken útkomme. Soks soe fansels ek oars kinne middels:Sjoch ek: De wetters binne no sa goed as allegear beskreaun, der binne noch in pear dy't ik net fine jkoe dat ik haw no wol wer tiid om de Kategory oan te passen en fierder te gean mei de Doarpssiden fierder út te wreidzjen. Ik sil it aanst ynoarder meitsje. Groetnis, Swarte Kees 26 des 2007, 10.01 (CET)

Wa't by bg. Ljussens is soe mei ien klik by alle doarpen yn Fryslân komme kinne moatte, ek dy't bûten de gemeente lizze. No moat men earst nei de Haadside om fan Damwâld yn bg. Kollum te kommen Dat kin net troch Sjoch ek sjoch ik no. Hoe sille wy dêr mei oan? Hoe sjogge jo dat?Swarte Kees 26 des 2007, 10.09 (CET)
Efkes ôfprate, om koart te sluten: Wy helje de Kategory:Plak yn Fryslân fuort. Mar op guon siden stiet no:

Sjoch ek[boarne bewurkje]

Dy oeral delsette of krekt net? 81.205.142.192 26 des 2007, 10.38 (CET)

Kategoryen[boarne bewurkje]

Jûn Theun, ja op de side mei Nedige Kategoryen stiene op in stuit mear as 700 kategoryen. Dy binne no werombrocht ta minder as 200 ( as de lêste feroarings ferwurke binne). Ik woe dy graach oprêden hawwe en haw tocht: as it earst mar yn in laatsje (Kategory) sit dan kinne wy letter de laatstjes is stik foar stik oprêde. It is oars wol in prakke wurk: Hieltyd komt men foar de kar yndiele nei kategory A of Kategory:B, of sels in nije kategory C oanmeitsje omdat oars it oersjoch ferdwynt. En oersjoch is fansels wat wy nedich ha. Ik soe dan ek graach sjen dat jo, of in oar der ris krektlyk nei sjen wolle lykas jo niis dien ha. Dêr bin ik oars wol bliid mei, oars griemt man mar wat troch. In dúdlike kategorybeam haw ik oant no ta net brûkt, mar sil grif fan pas komme no't de lêste pear hûndert Nedige Kategoryen in namme krije moatte. Pas gerêst oan wat jo goed tinkt, twa witte mear as ien.. Swarte Kees 4 jan 2008, 19.29 (CET)

No dat liket it der op mei jo foarsetsje oer de Kategoryenbeam. Sa wurde al/net stilswijende ôfspraken foar eltsenien dúdlik. Mar ris sjen oft guon besteande kategoryen dochs noch omneamd wurde moatte sadat der minder útsûnderingen op de regel besteane. In rigel ôfspraken wurdt dan al gau te leng. Al liket sa'n stribjen moai, de praktyk sit wolris yn't paad.Ji jouwe sels ek al oan dat der faak twifel ûntstean kin. Is in Fryske krante bg. in krante dy't yn Frysk skriuwt of in krante dy't yn Fryslân ferskynt? Sa binne der altyd wol gefallen te finen. Der binne grif saken dy't stridich binne mei de regel mar foar it gefoel net oars kinne. Dank foar jo opsetsje, Swarte Kees 4 jan 2008, 23.00 (CET)
Fansels kin it in bytsje helpe at op de kategoryside stiet wat der krekt yn komme moat. Aliter 5 jan 2008, 01.16 (CET)

Efkes wat antwurden[boarne bewurkje]

  • Dy anonym op Frysk_alfabet hat him dit kear al wat ynhâlden. Bliuwt de fraach oer at â, é, ê, ô, û en ú aparte letters binne as net. Ik soe sizze fan net, dat dan soenen dy in apart rychje hawwe moatte. Mar ik haw de doaze mei witten ek net thús stean, dat ik hie it earst mar sa litten, oant ik wit wat in oar seit.
  • Ja ik soe sizze dat Nijewrâldgieren en Aldewrâldgieren better wie: Frysk is ek wat riuwerich. Dan komt de klam lykwols op "...gier...", wat it ûnderskie yn it petear wat minder dúdlik makket. No is de Nije Wrâld fansels Amearika, mar mei "Amerikaanske Gieren" is der gjin tsjinhinger. "Kondorfûgels" en "Grypfûgels" soe fansels al yn it systeem passe, as oars Nijwrâldske Gieren en Aldwrâldske Gieren.
  • Ynwennertallen komme wei wêr't ik dy mar tsjinkom. Lykas by Skoatter Uterdiken sil de tuskenromte fan fiif jier grif de Ensyklopedy fan it Hjoeddeiske Fryslân oantsjutte, en de tsien jierren tuskenromte is grif fan http://www.volkstellingen.nl, dêr't ik al in skoftke fan sis dat ik de ynformaasje ris omwurkje moat. Dy âldste is it tiidrek fan Van der AA. Der stiet dêr allegear faaks noch mear yn, mar ik wie eins allinnich mar op syk nei ynformaasje dy't dy doarpsteat ferklearre koe.

Aliter 5 jan 2008, 01.16 (CET)

Ulesoarte[boarne bewurkje]

Jûn Theun. By it yndielen fan de ûlen haw ik besocht om it wat lyk te lûken mei wat der al oan fûgelsoarten wie. De goudûle stie dêr doe as losse fûgel wat nuver tusken de fûgelsoarten. Jo binne as fûgelman lykwols folle better thús op dit mêd, dat it stiet jo hielendal frij om it oars te dwaan.Swarte Kees 6 jan 2008, 19.08 (CET)

Side fan' e moanne[boarne bewurkje]

Hoi Theun, hast al in ydee foar de side fan de moanne yn febrewaris? --Geoffrey 12 jan 2008, 18.04 (CET)

Kin wy hjir ek wat mei Sjamanisme?--Geoffrey 13 jan 2008, 11.06 (CET)
Ik fyn it wol best, ien fan de kriteria dy't ik foar mysels oanhâld is at it in side mei in ôfbyld is. Op de :nl ferzje fan nl:Sjamaan hawwe se wol in plaatsje, miskien dit plaatsje oan de side sjamanisme taheakje. As in pear oare plaatsjes fan commons:Category:Shamanism. Theun 13 jan 2008, 14.26 (CET)

Hoi Teun, is it hjoed 1 febrewaris, mar ik sjoch dat us haadside noch net feroare is. Hoe giet dat? --Geoffrey 1 feb 2008, 18.10 (CET)

Dit is tink in probleam fan de servercache dy't noch net bywurke is. De cache leechmeitsje kin troch de haadside mei de folgjende keppeling te iepenjen: ?action=purge. Dit soarget derfoar dat de cache lege wurdt en de Haadside op'e nij opboud wurdt mei de bywurke berjochten. Theun 4 feb 2008, 20.00 (CET)

Rename an account[boarne bewurkje]

hello,

I haven't seen page to ask it, so I ask you directly.

Could you please rename my account user:Hercule bzh to user:Hercule.

Thanks

--Hercule bzh 31 jan 2008, 23.35 (CET)

commons:user:i18n#useful links[boarne bewurkje]

Dear Theun; please look at the links at commons:user:i18n#useful links. Thanks in advance! Best regards Gangleri
‫·‏לערי ריינהארט‏·‏T‏·‏m‏:‏Th‏·‏T‏·‏email me‏·‏‬ 7 feb 2008, 18.52 (CET)

Naam wijzigingen[boarne bewurkje]

Hallo Theun,

Mijn excuses dat ik je hier in het Nederlands aanspreek, maar mijn kennis van het Fries is nog erg slecht. Ik heb op de Nederlandstalige Wikipedia mijn gebruikersnaam laten veranderen van Jeroenvrp naar Jeroen. Ik zie dat die laatste naam hier nog vrij is, dus ik zou ook graag deze naam hier willen hebben? Ik zag dat jij bureaucraat bent, dus zou jij dat kunnen. Ondertussen registreer ik wel even de gebruikersnaam Jeroen, om te voorkomen dat grappenmakers die meelezen het wegkapen. Hopelijk gaat het allemaal lukken. --Jeroenvrp 5 mrt 2008, 17.22 (CET)

Theun, je moet dan eerst de gebruiker Jeroen verplaatsen naar (bv.) Jeroen123. Dan kan je daarna direct er achteraan Jeroenvrp verplaatsen naar Jeroen. --Jeroenvrp 6 mrt 2008, 23.17 (CET)
Mijn dank is groot Theun. Ik heb Jeroenvrp weer geregistreerd om misbruik te voorkomen. Uiteraard werk ik verder onder deze naam. --Jeroen 6 mrt 2008, 23.45 (CET)

Wurdum[boarne bewurkje]

Jûn Theun. Niiskrekt wie ik dwaande mei de side oer Wurdum. No is dat frijwat in doarp mar der mist eins in oersjochkaartsje by. Ien mei de himrik of in mear útwreide. No piele jo geregeldwei mei kaartsjes, soe der ek noch earne ien fan Wurdum te finen wêze? Groetnis, Swarte Kees 15 mrt 2008, 18.47 (CET)

Ik hie it ek alris earder neamt, wannear wit ik net krekt mear. Oant no ta hie ik gjin kaartjes fan de gemeente Ljouwert oanmakke, ik kin der net rjocht efterkomme wat no de himrikken fan bygelyks Goutum en Himpens en Tearns binne, mei al dy útwreidings fan de stêd oan de súdkant.
Ik haw no krekt al de kaartsjes fan de oare doarpen oanmakke en op commons set, sadat Lekkum, Miedum, Wurdum, Swichum en Wytgaard no al in kaartsje hawwe. Theun 16 mrt 2008, 12.26 (CET)
Ik hie net yn'e gaten dat jo dy kaartsjes noch oanmeitsje moasten, it wie net de bedoeling om jo oan it wurk te setten. Noch bedankt foar de oanpassings, Swarte Kees 16 mrt 2008, 12.38 (CET)
Graach dien, ik siet dochs efkes efter de kompjûter. It is spitich genôch gjin waar om bûten te wêzen. Theun 16 mrt 2008, 12.40 (CET)

botstatus on fy:[boarne bewurkje]

Purbo T now has botstatus on fy. Meidogger:Theun 08:59, 22. Mäz 2008 (CET)

Naamswijziging[boarne bewurkje]

Hoi Theun, ten eerste excuses voor het Nederlands. Ten tweede zou je mijn gebruikersnaam willen wijzigen in Erwin? Die naam gebruik ik namelijk ook op de Nederlandstalige Wikipedia. Dankjewel, Erwin85 23 mrt 2008, 12.19 (CET)

Is oanpast. Theun 23 mrt 2008, 16.21 (CET)
Dankjewel. Groet, Erwin 23 mrt 2008, 16.37 (CET)

Onderzoek "kleine" Wikipedias[boarne bewurkje]

Hallo, ik ben bezig met een klein onderzoek naar de Wikipedia's in "kleine talen" in Duitsland en Benelux. Als je me wilt helpen en vragen beantwoorden, zou ik graag een e-mail ontvangen via mijn gebruikerspagina. Ik kan helaas alleen maar Duits en Nederlands, geen Fries.--Ziko 19 apr 2008, 16.36 (CEST)

Lege jiersiden?[boarne bewurkje]

Jûn Theun, De jiersiden dy't ik de lêste wiken oanmakke haw binne dy fan de 12e ieu, 13e en sa fierder rjochting de 20e ieu. Soks is boppedat in tiidrôvjende en ek wol wat saaie, ientoanige oangelegenheid, mar heart wol dien te wurden om in goede Fryske Wikipedy te krijen. Graach soe ik dêr wat help bij krije al is dat fansels gjin needsaak. Mar ik kin dêr gjin siden tusken fine dy't leech binne... Op de nije jiersiden set ik Fryslân oanbelangjende saken fan de Dútse, Nederlânske en Ingelske wikipedy en fol dat oan mei ynformaasje út: "Wat is mei dizze side keppele". Dus ik wit net goed wat ik mei jo opmerking oan moat ..... Kinne jo my krekter sizze hokker jiertallen ik leech litten haw? Groetnis, Swarte Kees 21 apr 2008, 20.43 (CEST)

Stavering frjemde wurden[boarne bewurkje]

Jûn Theun, dank foar jo opmerking oer troch in anonym oanmakke feroaring yn it artikel oer de Steatestavering en dan de stavering fan frjemde wurden. Ik hie it lêstendeis ek al sjoen mar wie der doe automatysk fan útgien dat de oerlizzer gelyk hie. By neisykjen blykt dat ek sa te wêzen. Haw it wyls oanpast. It bliuwt fansels spitich dat de opmerking anonym makke is, sa kin ik de man/frou ek net bedanke... Groetnis, Swarte Kees 5 mai 2008, 20.27 (CEST)

Wat noch op myn oerlisside stie[boarne bewurkje]

  • Dy keppeling op Wikipedia is fansels net ideaal, en op it stuit docht dy it net, en ik hie graach in bettere, mar die hienen wy net. Dêr kin dan wol ôfbrekkende krityk oer komme, mar dat helpt de side ek net foarút; ommers, at wy it sels better koenen, dan hienen wy dat dien.
  • Part fan it probleem oer dy Steedhâlders is dat ús side allinnich oer Steedhâlders yn de Republyk hannelet. Soe it better wêze at wy de titel feroaren, en faaks in algemiene ferzje oer sokke funksjes op Steedhâlder sette? Lykwols noch tank foar de help. Mysha 15 maaie 2008, 15.34 (CEST)

Bot flag for WikiDreamer Bot[boarne bewurkje]

  • Operator: WikiDreamer
  • Purpose: Interwiki from French Wikipedia
  • Software: Pywikipedia framework
  • Already has bot flag on: 68 wikipedias, more infos here
I start my bot now for 50 test edits. Thanks! --WikiDreamer 22 jul 2008, 02.04 (CEST)
More then 50 test edits has been done. And this bot has my support Carsrac 28 jul 2008, 13.58 (CEST)
WikiDreamer Bot hat no botstatus. Theun 1 aug 2008, 12.48 (CEST)

Moaie foto's[boarne bewurkje]

Ha dy Theun. Moaie foto's fan de PC (-keatsers) B. 10 aug 2008, 20.23 (CEST)

Wy hiene wol in moai plakje op de banken, wêrwei ik sa no in dan in plaatsje makke haw. Ik hie eins in pear mear meitsje moatten, bygelyks fan Klaas Berkepas, Auke van der Graaf ensfh. Dy binne eins ek wol in eigen side wurdich en dan soe it fansels moai wêze dat wy hawwe dêr in foto by.
Haw my wol bêst fermakke op de PC, foaral tidens de tredde list. Theun 10 aug 2008, 20.56 (CEST)
Ik haw fan't jier mist yfm mei myn fakânsje, doe't wy thús kamen wie de prissútrikking krekt sa'n bytsje oan de gong...B. 11 aug 2008, 20.56 (CEST)

Frellefiver[boarne bewurkje]

Moai ôfbyld fan de Frellefiver! Groetnis,--Swarte Kees 7 sep 2008, 11.47 (CEST)

Miedoggersnamme[boarne bewurkje]

At jo myn meidoggersnamme feroare wolle, dan graach! Tige tank, Groetnis, Fvlamoen 5 okt 2008, 12.39 (CEST)

Bot flag for Luckas-bot[boarne bewurkje]

Thanks. Luckas Blade 13 nov 2008, 23.35 (CET)

I moved your request (and my answer) to Wikipedy:Oerlisside#Bot_flag_for_Luckas-bot which is a better place for it, because its not to a single person to decide on that. Theun 15 nov 2008, 10.28 (CET)

Alde keatsfoto's[boarne bewurkje]

Dei Theun, jo binne de krante al wer foar mei it keatsferslach seach ik. No hie ik in wike of wat lyn it keatsmuseum oanskreaun foar wat âlde foto's op keatsgebiet ( meie ek wol nij wêze). No haw ik dêr neat wer fan heard, mar soks is ek faak in kwestje fan kontakten hawwe yn de keatswrâld. It soe miskyn wol wat foar jo wêze om mei jo netwurk ris wat bylden by de skiednis fan it keatsen te setten? http://fy.wikipedia.org/wiki/Skiednis_fan_it_keatsen Groetnis,--Swarte Kees 30 jul 2009, 10.47 (CEST)

Foto's fan juster komme noch. Ik haw ek noch wat foto's naam mei in wat bettere kamera (fan myn suster) dus at it goed is haw ik wat mear en wat bettere as ôfrûne jierren.
Ik haw eins net safolle kontakten yn de keatswrâld, B. hat der wat mear kontakten tink ik. Wat âlde foto's oanbelanget is it altiten wol wat dreech tink ik. At je de regels fan de lisinsjes dy't de wiki brûke mei strikt oanhâlde moatte je eins altiten tastimming hawwe fan de fotograaf sels. Tastimming fan minsken/ynstellings dy't soksoartige foto's hawwe/tentoanstelle is dan net genôch. As je moatte oannimlik meitsje dat de fotograaf mear as 70 jier ferlyn stoarn is, dan soe yn Nederlân it auteursrjocht ferfallen wêze en soene de foto's yn it publyk domyn falle (al bestiet dat as sadanich liuw ik ek wêr net yn Nederlân).
Om achter âldere foto's oan te gean haw ik no gjin plannen en ek gjin nocht. It probleem is faak ek dat fotografen eins altiten alle rjochten op harren foto's sels hâlde wolle. Om't se dêr noch sinten oan fertsjinje wolle, ek al is de kâns dêrop net sa grut. Miskien at je ien oertsjûgje kinne dat se mei (miskien yn lytsere resolúsje allinne geskikt foarop websiden) en mei namme-fernijing se in protte minsken bliid meitsje kinne wylst sy der oars dochs gjin sinten mei fertsjine, mar ik tink dat de measten dêr net sa happich op binne.
Ik haw de side oer de PC wat in oare opmaak jûn (no mei wikitabellen en ek de útslaggen yn in tabel) en dat woe ik mar trochfiere yn de oare PC-edysje siden dy't wy hawwe. Ek sil ik besykje om sa no en dan wat âldere PC-edysjes ta te heakjen. Theun 30 jul 2009, 11.15 (CEST)

Ofbyld:Middelsee.png[boarne bewurkje]

hi Theun,

I would like to use Ofbyld:Middelsee.png on the English wikipedia in en: Middelzee, but because it is GFDL I don't think that I can use it. Are you able to load it on to commons: under a CC-BY type license so we can use it? Graeme Bartlett 15 aug 2009, 08.27 (CEST)

Thanks for responding to me. Please correct the mistakes that you know are there. I am happy to have years, and names of towns. I could also be worth having the town names bigger, Also keep Westergoa and Eastergoa labels, as I think I could use that map in the articles on these regions too. After reading the fine print on the GFDL and wikipedia is probably not a problem, but the CC-BY-SA license is best. Your fy. picture is much clearer than the historic one in use in en wikipedia and shows more than the Dutch version. Graeme Bartlett 17 aug 2009, 00.12 (CEST)

Wikipedy:Oerlisside#Bot_flag_request_for_HerculeBot[boarne bewurkje]

Hello,

Aliter began to manage my request for bot flag, but it seem he didn't came here since the 7th of september. As you're also a bureaucrat could you manage my request please ?

Regards

--Hercule 2 nov 2009, 10.27 (CET)

Openstreetmap[boarne bewurkje]

Goeie, Theun. Ik wie ris benijd hoe't it stiet mei de Fryske Openstreetmap. Doe't it krekt los gie haw ik der ek wol op sjoen, der hat doe noch wat yn de Ljouwerter Krante oer stien. Spitigernôch sêch ik no dat de keppeling it net mear dochts. Bestiet it noch wol?--J'88 17 nov 2009, 23.49 (CET)

Op de nederlânske server hawwe se meast in ferzje mei de fryske teksten dy't beskikber binne. De server is lykwols wat in ûntwikkelserver dat der feroaret noch wolris wat. Ik sil ris sjen at ik ien fan de mannen dy't dêr it behear oer dogge oan it jaske lûke kin. Theun 18 nov 2009, 20.53 (CET)

haadside[boarne bewurkje]

Moarn Theun, by dizze winskje ik dy folle lok en sûnens ta en bedankt foar it werstellen fan de haadside. Ik hie it al sjoen mar koe it net foar elkoar krije. Bêst dien--Geoffrey 1 jan 2010, 10.33 (CET)

Nee, hielendal net. Ik fan 'e moarn doe't ik op de haadside kaam earst net yn 'e gaten datsto dy al werstelle hiedest. Dat ik ha sels wat prutst. Makkesto it wer goed of sil ik it sels dwaan?--Geoffrey 1 jan 2010, 10.40 (CET)
It is wer klear. Knap oplost troch dy. --Geoffrey 1 jan 2010, 10.57 (CET)

Oprêden[boarne bewurkje]

Dei Theun, 'k Wie net earder yn de gelegenheid om jo te betanken foar it oprêden fan myn Oerlisside (ein 2009), mar hjirby tige tank hjirfoar. --Swarte Kees 3 jan 2010, 21.09 (CET)

Kaartsje Legean - Lege Midden en De Lege Wâlden[boarne bewurkje]

Jûn Theun, we sjogge jo stadichoan net folle mear op de Wikipedy. Dat spyt my al, en ik hoop dochs al dat it jo goed giet. No binne jo ûnder oare de man fan de kaartsjes en dêr siet ik no krekt om ferlegen. Ik ha besocht om in kaatsje te meitsjen mei De Legean + De Lege Walden + It Lege Midden der op. No lizze dy stikken fan Fryslân wol in ein by jimme út de reek, mar sjogge ko kâns om sa'n kaartsje te meitsjen? Groetnis, --Swarte Kees 10 maaie 2010, 21.12 (CEST)

't is al klear hear, hoopje mei gauwens wer wat fan jo te lêzen,--Swarte Kees 11 maaie 2010, 09.11 (CEST)

Nije haadside[boarne bewurkje]

Goeie,

Ik ha in konsept makke foar de nije haadside. Sjoch hjir mar. Miskien fynsto myn konsept prachtich moai, miskien hasto in folslein oare miening. Graach de oerlisside (kopke 'Nije haadside') brûke foar diskusjes, fragen en opmerkingen. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 9 okt 2010, 20.51 (CEST)

argiveren Wikipedy:Oerlisside[boarne bewurkje]

Hoi Teun, asto der noch ris oan tiid hast, soesto dan de oerlisside fan de kroech argiveren wolle. Do hast dat al faker dien en wit hoe dat krekt moat. Gr. --Geoffrey 30 nov 2010, 22.25 (CET)

Ik bin der yn slagge en haw it sels dien. --Geoffrey 21 jan 2011, 20.22 (CET)

Topside[boarne bewurkje]

Goeijûn. Yn 2011 sille wy it plan wer oppakke foar de stjerartikels, topside neamd op ús wikipedy. Earder is de side wikipedy:topside al oanmakke, wêr't alle topside bymekoar te stean komme. Hjoed haw ik de side wikipedy:kandidaatsiden makke, hjir kin troch de meidoggers stimd wurde oer of't in side al as net de namme 'topside' fertsjinnet. Graach soe ik fan jo hearre wat jo tinke fan it plan en of't der noch op- en oanmerkings binne. Jo kinne jo kommentaar hjir spuie. J'88 3 jan 2011, 20.57 (CET)

Bot flag request for HiW-Bot[boarne bewurkje]

Hello Theun! I got confused ?#-))) and put my bot request onto your enwiki talk page. Here's what I wrote:

Hello Theun! If you find the time, could you please have a look at my bot request for my HiW-Bot on FY-wiki? The link: click me! click me! :)) Thanks for your time! --Hedwig in Washington (TALK) 02:20, 9 October 2011 (UTC)

Fernijde haadside en in fernijd haadtema[boarne bewurkje]

Ik ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de oerlisside. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 nov 2011, 14.12 (CET)

mobile ferzje[boarne bewurkje]

Moai strybjen (mar ik begryp der neat fan). Oars ek goed om jo hjir wer tsjin te kommen. Groetn. Drewes (talk) 4 aug 2012, 17.34 (CEST)

At je mei in mobile tillefoan op de wikipedy kommen, wurdt der automatysk in mobile ferzje fan de wikipedy siden oanbean. Sunder de siidkanten ensafuorthinne. Troch under op de side op "mobile ferzje" te klikken kinst de side besjen sa at der op in mobyl sjen wurden lit (en op mobile ferzje kinst mei "desktop view" wer werom komme (dy tekst bin ik no oan it sykjen). De Haadside is meast wat oars as oare siden, dat dêr hawwe se in apart mechanisme foar makke, dat foar eltse wiki ynfolle wurde moat sadat de meidoggers fan dy wiki sels bepale kin wat der op harren haadside stiet. Theun (talk) 4 aug 2012, 17.41 (CEST)

Renaming request[boarne bewurkje]

Hello. I request renaming my two following accounts:

  • محمد الجداوي → Avocato
  • GedawyBot → AvocatoBot

Confirmation link: [2]. Reason: Privacy reasons. Please note: You may found the destination accounts (Avocato & AvocatoBot) already exist, I created these new accounts here automatically by mistake (self-created), and I own them (see here and here). Thanks in advance.--M.Gedawy 9 aug 2012, 22.49 (CEST)

Kaartsjes Gis[boarne bewurkje]

Dei Theun,

Wy brûke op de Fryske wiki safolle as mooglik de oersetting triem ynstee fan bestân. Troch de commons dûke GIS bestannen op. Jo hawwe dy in kear fan it CBS ynladen. Dêrmei krije jo boppe Triemskiednis, triemgrutte, ensfh... en dêrûnder GIS bestannen. Om't ik sjoen haw dat jo jo de lêste jierren beheine ta it byhâlden fan de Fryske sporten, sil ik ien en oar tuskentroch sels mar bywurkje.Yn 'e Wâlden (talk) 23 aug 2012, 11.27 (CEST)

Forced user renames coming soon for SUL[boarne bewurkje]

Hi, sorry for writing in English. I'm writing to ask you, as a bureaucrat of this wiki, to translate and review the notification that will be sent to all users, also on this wiki, who will be forced to change their user name on May 27 and will probably need your help with renames. You may also want to help with the pages m:Rename practices and m:Global rename policy. Thank you, Nemo 3 maaie 2013, 15.26 (CEST)

An important message about renaming users[boarne bewurkje]

Dear Theun, My aplogies for writing in English. Please translate or have this translated for you if it will help. I am cross-posting this message to many places to make sure everyone who is a Wikimedia Foundation project bureaucrat receives a copy. If you are a bureaucrat on more than one wiki, you will receive this message on each wiki where you are a bureaucrat.

As you may have seen, work to perform the Wikimedia cluster-wide single-user login finalisation (SUL finalisation) is taking place. This may potentially effect your work as a local bureaucrat, so please read this message carefully.

Why is this happening? As currently stated at the global rename policy, a global account is a name linked to a single user across all Wikimedia wikis, with local accounts unified into a global collection. Previously, the only way to rename a unified user was to individually rename every local account. This was an extremely difficult and time-consuming task, both for stewards and for the users who had to initiate discussions with local bureaucrats (who perform local renames to date) on every wiki with available bureaucrats. The process took a very long time, since it's difficult to coordinate crosswiki renames among the projects and bureaucrats involved in individual projects.

The SUL finalisation will be taking place in stages, and one of the first stages will be to turn off Special:RenameUser locally. This needs to be done as soon as possible, on advice and input from Stewards and engineers for the project, so that no more accounts that are unified globally are broken by a local rename to usurp the global account name. Once this is done, the process of global name unification can begin. The date that has been chosen to turn off local renaming and shift over to entirely global renaming is 15 September 2014, or three weeks time from now. In place of local renames is a new tool, hosted on Meta, that allows for global renames on all wikis where the name is not registered will be deployed.

Your help is greatly needed during this process and going forward in the future if, as a bureaucrat, renaming users is something that you do or have an interest in participating in. The Wikimedia Stewards have set up, and are in charge of, a new community usergroup on Meta in order to share knowledge and work together on renaming accounts globally, called Global renamers. Stewards are in the process of creating documentation to help global renamers to get used to and learn more about global accounts and tools and Meta in general as well as the application format. As transparency is a valuable thing in our movement, the Stewards would like to have at least a brief public application period. If you are an experienced renamer as a local bureaucrat, the process of becoming a part of this group could take as little as 24 hours to complete. You, as a bureaucrat, should be able to apply for the global renamer right on Meta by the requests for global permissions page on 1 September, a week from now.

In the meantime please update your local page where users request renames to reflect this move to global renaming, and if there is a rename request and the user has edited more than one wiki with the name, please send them to the request page for a global rename.

Stewards greatly appreciate the trust local communities have in you and want to make this transition as easy as possible so that the two groups can start working together to ensure everyone has a unique login identity across Wikimedia projects. Completing this project will allow for long-desired universal tools like a global watchlist, global notifications and many, many more features to make work easier.

If you have any questions, comments or concerns about the SUL finalisation, read over the Help:Unified login page on Meta and leave a note on the talk page there, or on the talk page for global renamers. You can also contact me on my talk page on meta if you would like. I'm working as a bridge between Wikimedia Foundation Engineering and Product Development, Wikimedia Stewards, and you to assure that SUL finalisation goes as smoothly as possible; this is a community-driven process and I encourage you to work with the Stewards for our communities.

Thank you for your time. -- Keegan (WMF) talk 25 aug 2014, 20.24 (CEST)

--This message was sent using MassMessage. Was there an error? Report it!

Bestannen oanbiede, Wizard uploade?[boarne bewurkje]

Wikimedia Commons logo

Hello! Sorry for writing in English. As you're an administrator here, please check the message I left on MediaWiki talk:Licenses and the village pump. Thanks, Nemo 18 sep 2014, 21.22 (CEST)

10 years active on Fryske Wikipedia[boarne bewurkje]

Tongerblom

Hi Theun.

For your 10th anniversary on Fryske Wikipedia I want to present you the Tongerblom of the month.

Best regards, --Holder (talk) 2 feb 2015, 14.58 (CET)

gebruik foto?[boarne bewurkje]

Dag Teun,

Ik ben Tine Mortier en ik ben kinderboekenauteur. Momenteel ben ik bezig aan een boekje voor een taalmethode in het lager onderwijs, over Friese paarden. Omdat ik ook wat achtergrondinformatie wil geven over Friesland, kwam ik bij het googelen op jouw pagina terecht. Ik zou graag jouw foto van Hiske Galama gebruiken, van het polsstokverspringen. Mag dat? En welke auteursreferentie moet ik daarbij gebruiken?

Hartelijke groet, Tine

Belangrijk: Beoordeling beheerdersactiviteit[boarne bewurkje]

Hallo. Een beleid betreffende de verwijdering van 'extra rechten' (administrator, bureaucraat, etc.) is in 2013 ingevoerd door gemeenschappelijke overeenstemming. Naar aanleiding van dit beleid onderzoeken beheerders de activiteit op wiki's zonder inactiviteitsbeleid.

U wordt beschouwd als inactief (niet wijzigen of inloggen voor 2 jaar) op de wiki hierboven. Aangezien die wiki geen eigen proces heeft voor de beoordeling van rechten, wordt the algemene toegepast.

Als u uw rechten wilt behouden, zult u de community moeten informeren over het feit dat de beheerders u informatie hebben gestuurd over uw inactiviteit. Als de community er over gediscussieerd heeft en ze willen dat u uw rechten behoudt, neem dan contact op met de beheerders. Stuur een link mee met daarin de discussie, waarin wordt uitgesproken dat de rechten behouden zouden moeten worden.

Als u uw rechten wilt terugtrekken, kunt u dat doen door hier te reageren, of bij Meta een verzoek tot verwijdering van de rechten indienen.

Als er na een maand nog geen antwoord is, zullen stewards verdergaan met het verwijderen van de beheerder en/of bureaucraatenrechten. In ambigue zaken zullen de stewards de reacties evalueren en de beslissing naar de community terugkoppelen voor commentaar en review. Als u vragen heeft, neem dan contact op met de beheerders.

Met vriendelijke groet, --MarcoAurelio (oerlis) 26 jan 2019, 18.00 (CET)

Hello Marco, I haw no valid objections of losing my administrator rights. Don't know about your choice to show the dutch translation on this wiki. I translated the community notification so you can use a frisian version on that the next time. Theun (oerlis)
Hello Theun. Sorry for my late reply. Given that you've replied to the notice if you want to keep your rights and the community do not opposes such request, you can certainly keep. I used Dutch because there was no Frysk translation of the noticed and given that this language is spoken in the Netherlands I though it'd be more appropriate to use Dutch rather than English. I assumed that all people that speak Frysk can read/understand Dutch. Apologies if I was wrong. Please let me know if you want to keep the permissions and if the community endorses you. The policy aims to give the communities the final say in this matter. Best regards, --MarcoAurelio (oerlis) 26 feb 2019, 11.55 (CET)
@Theun: Goeie Theun. Ik haw op himsels gjin beswier om myn rjochten op te jaan. Betink wol dat de list fan Wikipedy:Rjochtenútfurders wol hiel krap is.
Efkes foar de goede oarder: jo binne troch my en ús net frege om jo rjochten oer te jaan. De fraach is: wat wolle jo? Mei ien of twa bewurkings it jier binne jo der al. Drewes (oerlis) 1 feb 2019, 17.26 (CET)
Dat is wier, mar troch twa jier gjin bewurkings te dwaan in ik hjir no yn terjochte kaam. Ik fûn dy rjochten wol handich om somtiden wat teksten fan de wiki sels te fertalen. Mar om no in protte muoite te dwaan om se te hâlden, dat hoecht om my net.
Dy opmerking fan it tal rjochtenútfurders is mear dat at dy net mear beskikber binnen de stewards nêdich binnen om in brûker behearder rjochten te jaan. En dy wolle dan tink ik in soart fan oerienstimming/tastimming fan de mienskip op dy wiki. Ek troch derfoar te kiezen sels gjin belied te meitsjen dan bist ek net sels baas. Dy twa jier regel is fansels net ferkeard, mar ast datselde yn dyn eigen belied fêstleist kinne de eigen behearders dat kontrolearje en at der ien rjochten ynleverje moat dat by de stewards oanjaan.
No haw ik al jierren de fryske wiki net mear yn detail folge mar ik haw it idee dat der net in protte behearders binne dy't harren drok meitsje oer de ynterne organisaasje en regeltsjes op de wiki. Is op himsels net ferkeard want it got om de ynhâld en de wille om oan de wiki te wurkjen.
Ek haw ik it idee dat troch minder regels de sfeer op de fryske wiki gemoedliker is as bygelyks de hollânske wiki wêr't geregeld konflikten wiene dy mei ûnsteane om't eltsenien syn eigen ynterpretaasje hat fan wat goed is. Theun (oerlis) 3 feb 2019, 13.35 (CET)